De Godlike Ferlossertsjerke is in tsjerkegebou yn Drachten yn 'e gemeente Smellingerlân.
Skiednis De moderne roomsk-katolike tsjerke fan de parochy De Godlike Ferlossertsjerke waard ûntwurpen troch Coen Bekink. Op 19 maaie 1962 waard de earste stien lein en op 19 juny 1963 waard de tsjerke wijd.
Alhoewol't de tsjerke in gemeentlik monumint is, wurdt it gebou mei ôfbraak bedrige om 't de parochy de lesten net mear betelje kin. De parochy wol in lytsere tsjerke bouwe, mar it Cuypersgenoatskip, in organisaasje dy't stribbet nei it behâld fan tsjerken, makke yn 2022 bekend dat dy besykje wol om de ôfbraak tefoarren te kommen.Omrop Fryslân, 30 desimber 2022
Oargel It oargel út 1963 waard makke troch Bernard Pels.orgbase.nl
Sjoch ek Tsjerken yn Fryslân
Keppeling om utens Orgelsite: disposysje oargel
Kategory:Tsjerkegebou yn Drachten Kategory:Bouwurk út 1963 Kategory:Tsjerkegebou yn it bisdom Grins-Ljouwert