Austraalje (Ingelsk: Australia), offisjeel it Mienebêst Austraalje (Commonwealth of Australia), is in lân dat it hiele kontinint Austraalje beslacht, mei dêropta noch in grut tal oer it algemien lytse eilannen yn 'e seeën deromhinne. It is fierwei it grutste lân fan it wrâlddiel Oseaanje, sawol kwa lânmassa as wat ynwennertal oanbelanget. Neffens in skatting út 2014 hie Austraalje doe in befolking fan goed 23,5 miljoen minsken. Foar't it yn 1901 ûnôfhinklik waard, bestie Austraalje út in seistal ûnderskate Britske koloanjes. Tsjintwurdich is it in heech ûntwikkele lân dat ien fan 'e wichtichste dielen fan 'e Angelsaksyske wrâld foarmet. It hat de demokratyske steatsfoarm fan in federale parlemintêre konstitúsjonele monargy, mei de Britske keninginne Elizabeth II oan it haad.
Etymology Iere Nederlânske ûntdekkingsreizgers neamden de ûnbekende lânmassa dy't se besuden Nederlânsk-Ynje oantroffen fan Nij-Hollân (en de lytsere eilannen eastlik derfan Nij-Seelân), mar de Britten, dy't it kontinint úteinlik kolonisearren, feroaren de namme yn Australia, nei it Latynske Terra Australis, dat "Súdlân" betsjut. Tsjintwurdich wurdt Australia yn it Ingelsk yn ynformele fermiddens ek wol ôfkoarte ta Oz, wylst de ynwenners de (by)namme fan Aussies drage. In oare ynformele namme, dy't ek yn it bûtenlân gâns bekendheid krigen hat, is Downunder, wat safolle betsjut as "Underdel", en dêrmei dus ek wer ferwiist nei it Súdlân.
Geografy Lizzing Austraalje is mei in oerflak fan 7.692.024 km², dat foar 99% út lân bestiet, de op fiif nei grutste steat fan 'e wrâld, en teffens it lytste kontinint fan 'e wrâld. It wurdt oan alle kanten omjûn troch see. Yn it westen en noardwesten wurdt it begrinzge troch de Yndyske Oseaan, en yn it suden en súdwesten troch de Grutte Australyske Bocht, dy't neffens Australyske definysjes ta de Súdlike Oseaan heart, mar troch de Ynternasjonale Hydrografyske Organisaasje ta de Yndyske Oseaan rekkene wurdt. Yn it easten en súdeasten leit de Tasmansee en yn it noardeasten de Koraalsee, dy't beide ta de Stille Oseaan hearre. Yn it noarden wurdt it lân beswette troch de Timorsee, de Arafuerasee en de Golf fan Carpentaria. Yn it uterste noardeasten foarmet de 150 km brede Torresstrjitte, tusken Austraalje en it eilân Nij-Guineä, de ferbining tusken de Koraalsee en de Arafuerasee, en dêrmei tusken de Stille en de Yndyske Oseaan.
Austraalje hat sadwaande gjin lângrinzen mei syn buorlannen, mar inkeld seegrinzen. Oare kant de Tasmansee, yn it súdeasten, leit Nij-Seelân; oarekant de Koraalsee lizze it Frânske gebietsdiel Nij-Kaledoanje en de steaten Fanûatû, de Salomonseilannen en Papoea Nij-Guineä. Oarekant de Arafuerasee en de Timorsee leit Yndoneezje, en oarekant de Timorsee leit ek East-Timor. Austraalje omfiemet ek in grut tal eilannen, wêrfan't Tasmaanje, foar de súdeastkust, fierwei it grutste is. Guon eilannen lizze yn arsjipels of op harsels isolearre yn 'e Tasmansee, de Koraalsee, de Torresstrjitte, de Timorsee, de Yndyske Oseaan en de Súdlike Oseaan. In protte fan dy eilannen binne ûnbewenne. Fierdersoan makket Austraalje oanspraak op in diel fan Antarktika, al wurdt dy oanspraak mar troch fjouwer oare lannen erkend.
Lânskip Austraalje bestiet foar likernôch 70% út woastinen en woastinige steppen, dy't benammen yn it súdwesten en de hast ûnbewenne midden fan it kontinint oerhearskje: de Simpsonwoastyn, de Gibsonwoastyn, de Grutte Sânwoastyn, de Grutte Fiktoariawoastyn en de Nullarborflakte. Midden yn 'e woastyn riizje de ferneamde rotsformaasjes fan Uluru (Ayers Rock) en Kata Tjuta (The Olgas) op, dy't hillich binne foar de Aborizjinals en har ûntjûn hawwe ta toeristyske trekpleisters.
De noardlikste regio's, de Kimberley, Arnhimlân en it Kaap Yorkskiereilân, lizze yn 'e tropen en binne foar in diel oerdutsen mei tropysk reinwâld en in gerzich savannelânskip, dat by de kust oergiet yn mangrovemoerassen. Tasmaanje, yn it uterste súdeasten, hat krekt in moderearre klimaat en is begroeid mei útstrutsen tuskenbeiden reinwâlden.
Lykop rinnend mei de eastkust leit oer in lingte fan 3000 km it Grutte Skiedingsberchtme, dat yn it súdeasten de hichte fan in heechberchtme berikt mei as heechste punt de Mount Kosciuszko (2.229 m). Frijwol alle wichtige rivieren streame yn it súdeasten fan it kontinint, en de grutsten dêrfan binne de Darling en de Murray. De kusten fan Austraalje besteane foar in grut part út sânstrannen dy't ideaal binne foar toeristyske ferdivedaasje. Foar de noardeastlike kust strekt him oer in ôfstân fan 2000 km it op plakken 80 km brede Grutte Barriêrerif út, dat it grutste koraalrif fan 'e wrâld is en de iennichste libbene struktuer op 'e ierde dy't út 'e romte wei waarnommen wurde kin.
Klimaat It klimaat fan Austraalje ferskilt sterk per regio. Yn it noarden hearsket in tropysk klimaat, wylst it westen en de midden fan it kontinint in woastynklimaat hawwe. De súdwestkust, de krite om Perth hinne, hat in Mediterraan klimaat. Yn grutte parten fan it súdeasten, Tasmaanje ynbegrepen, hearsket dan wer in seeklimaat. De noardlike dielen fan Austraalje hawwe yn it simmerhealjier (tink derom, dan is it dus winter op it noardlik healrûn) te krijen mei de moessonreinen en soms ek mei tropyske sykloanen.
Floara en fauna Austraalje is ferneamd om syn unike floara en fauna; likernôch 85% fan alle bloeiende planten, 84% fan alle sûchdieren, 89% fan alle fisksoarten dy't deun by de kust libje en mear as 45% fan alle fûgelsoarten fan it lân kamen oarspronklik nearne oars op 'e wrâld foar. It meast yn it each "springend" binne dêrby de bûdeldieren, want wa't fan "Austraalje" seit, seit ek fan "kangaroe". Oare bekende bûdeldieren binne de wallaby, de koäla, de wombat, de numbat en de Tasmaanske duvel. It grutste bûdeldier fan Tasmaanje, de Tasmaanske bûdelwolf, is lykwols om 'e midden fan 'e tweintichste iuw hinne útstoarn. Oare ikoanyske bisten dy't ferienselvige wurde kinne mei Austraalje, binne de emoe, in grutte flechtleaze rinfûgel; de kakketoe, in famylje fan lûdroftige pappegaaiesoarten; it fûgelbekdier, ien fan 'e mar in pear sûchdieren yn 'e wrâld dy't aaien lizze; de foar minsken tige gefaarlike seekrokkedil (salty); de brumby, it ferwyldere hynder fan Austraalje; en de dingo, in wylde hûneftige dy't sa'n 3.000 jier lyn mei minsklike help yn Austraalje oankaam. Austraalje hat ek mear reptilesoarten as lykfol hokker oar lân: 755.
Skiednis Foar de kolonisaasje Men giet der ornaris fanút dat it Australyske kontinint tusken 48.000 en 42.000 jier lyn foar it earst bewenne rekke troch minsken, al geane oare skattingen út fan 60.000 jier lyn. Hoe dan ek, de ierste bewenners, dat de foarâlden fan 'e hjoeddeistige Aborizjinals wiene, weagen nei alle gedachten de oerstek mei boatsjes, út 'e Yndyske Arsjipel wei, of mooglik kamen se oer de doetiidske lânbrêge, yn 'e Torresstrjitte. Ienris yn Austraalje ferspraten se har oer it hiele kontinint, wêrby't se in tradisjonele libbenswize as jagers-sammelders en/of fiskers fêstigen.
Yn it jier 150 waard der foar it earst oer Austraalje skreaun troch de Alde Griken. Hja wiene de earsten dy't it kontinint de namme fan "Súdlân" joegen. Net dat sy ea sels mar yn 'e buert fan Austraalje kamen; it wie harren mear in filosofysk gegeven: om't de wrâld doedestiden sjoen waard as in platte skiif, moast der wol in grutte lânmassa yn it suden bestean ta kompinsaasje fan al it lân yn it noarden, sadat de skiif yn lykwicht bleau. Dat der ek wier-wier in "Súdlân" bestie, wie poer tafal, en hie mei de "wittenskiplike" ûnderbouwing fan 'e teory út 'e Aldheid alhielendal neat fan dwaan. Likegoed waard troch de teory fan 'e Alde Griken in protte belangstelling foar "it Unbekende Súdlân" wekke.
De earste dokumintearre waarnimming fan it Australyske fêstelân troch in Jeropeaan fûn plak yn 1606, doe't de Nederlânske skipper Willem Jansz. it Kaap Yorkskiereilân ûntdiek en der op 26 febrewaris fan dat jier oan lân gie by it tsjintwurdige Weipa, oan 'e kust fan 'e Golf fan Carpentaria. Uteinlik brochten ferskate Nederlânske ûntdekkingsreizgers de hiele noard- en westkust fan Austraalje yn kaart, wylst Abel Tasman yn 1642 de east- en súdeastkust ferkende. Yn 1770 sylde de ferneamde Britske ûntdekkingsreizger James Cook by de eastkust lâns, naam dy yn besit út namme fan 'e Britske Kroan en neamde it gebiet Nij-Súd-Wales.
Nei de kolonisaasje Mei it ferlies fan 'e koloanjes yn Noard-Amearika troch de ûnôfhinklikens fan 'e Feriene Steaten, yn 1783, siet Grut-Brittanje om in nij plak ferlegen om feroardiele misdiedigers hinne te deportearjen. De kar foel op Nij-Súd-Wales, en op 26 jannewaris 1788 waard dêr de earste strafkoloanje stifte, by Botany Bay, fuort besuden it hjoeddeistige Sydney. (Sadwaande wurdt de nasjonale feestdei fan Austraalje, Australia Day, noch altyd op 26 jannewaris fierd.) Fanút Botany Bay waarden al rillegau oare koloanjes stifte, dy't ien foar ien bestjoerlik fan Nij-Súd-Wales losmakke waarden. Dat begûn yn 1825, doe't Van Diemenslân (it lettere Tasmaanje) in aparte koloanje waard, folge troch Súd-Austraalje yn 1836, Nij-Seelân yn 1841, Fiktoaria yn 1851 en Queenslân yn 1859. West-Austraalje hearde nea ta Nij-Súd-Wales, mar waard yn 1828 troch de Britten kolonisearre as in aparte koloanje. Allinnich Súd-Austraalje wie nea in strafkoloanje. De deportaasje fan feroardielden hold úteinlik op nei't men dat systeem yn Grut-Brittanje yn 1853 ôfskaft hie; it lêste finzenetransport arrivearre yn 1848 yn Nij-Súd-Wales.
Underwilens wie de kolonisaasje fan it kontinint troch frije kolonisten al úteinset, en om 1850 hinne, doe't der op ferskillende plakken goud fûn waard en der in slimmen goudkoarts útbriek, naam dat in grutte flecht. Oarspronklik hie Austraalje bewenne west troch 750.000 oant 1 miljoen Aborizjinals, mar dy belunen fan dy tiid ôf fluch yn oantal, fral troch de besmetlike sykten dy't de Jeropeänen meibrochten en dêr't sy gjin ferwar tsjin hiene. Lykwols waard der ek geweld brûkt om harren har lân te ûntnaderjen, en fral yn súdeastlik Queenslân gie it bytiden fan beide kanten wreed om en ta. Oer it algemien wiene de Aborizjinals lykwols de frijwol warleaze slachtoffers fan wat wol omskreaun is as in útrûgingsoarloch. Nearne wie dat dúdliker en iepentliker it gefal as op Tasmaanje, dêr't tusken 1828 en 1832 de Swarte Oarloch plakfûn, in skoalfoarbyld fan genoside, wêrby't de Britske kolonisten de lânseigen befolking frijwol útrûgen, oant der noch mar sa'n 250 oer wiene, dy't tsjin 1900 útstoaren. Yn 'e tweintichste iuw wiene de Aborizjinals noch lange tiid it slachtoffer fan 'e assimilaasjepolityk fan it Australyske regear, wêrby't harren bgl. fan oerheidswegen harren bern ôfpakt waarden, sadat dy't yn blanke gesinnen (of faker ûnder blank tafersjoch yn opfanghuzen) grutbrocht wurde koene, fier fuort fan 'e ferdjerlike ynfloed fan harren âldelju.