Turkmenistan is in lân yn Aazje. Eartiids hearde it by de Sowjetuny. De haadstêd fan it lân is Asjchabad

Geografy Lizzing Turkmenistan hat in oerflak fan 488,100 km² en wurdt begrinzge troch: Kazakstan 379 km en Oezbekistan 1,621 km yn it noarden; Afganistan 744 km yn it easten; Iran 992 km yn it suden; de Kaspyske See yn it westen.

Lânskip De heechste berch fan it lân hjit de Ayrybaba (3137m). It klimaat is kontinintaal subtropysk. Der falt oer it hiele jier net folle rein. De simmers binne waarm mei minder strange winters.

Skiednis Nei de Oktoberrevolúsje yn Ruslân wie der in soad politike ûnfrede yn de regio en dat late ta it stiftsjen fan de Turkmeenske Sosjalistysk Sowjetrepublyk dy't in jier letter ta de Sowjetuny tatreedzje soe. Turkmenistan ferklearre himsels op 27 oktober 1991 ûnôfhinklik fan de Sowjetuny dy't yn datselde jier opholden wie te bestean.

Demografy Fan de befolking is 89% moslim en 8% russysk-ortodoksk. Turkmeensk is de offisjele taal fan it lân. Likernôch 12% fan de ynwenners praat Russysk en 5% Oezbeeksk.

Distrikten Bestjoerlik is Turkmenistan ferdield oer fiif provinsjes of welayatlar (meartal fan welayat):

Provinsje Haadplak Oerflak (km²) Ynwennertal (1995) Berea Annau 95,000 722,800 Balkan Balkanabat 138,000 424,700 Daşoguz Daşoguz 74,000 1,059,800 Lebap Turkmenabat 94,000 1,034,700 Mary Mary 87,000 1,146,800

De haadstêd Asjchabad falt net ûnder in provinsje mar is in autonoame stêd mei 604,000 ynwenners.

Kategory:Lân yn Aazje Kategory:Histoaryske Russyske koloanje Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1991 Kategory:Republyk