Klaas Bouma (Lippenhuzen, 2 april 1914 – Westerbork, 25 septimber 1944) wie in Nederlânsk keunstskilder en tekenlearaar fan Frysk komôf.RKD nr. 367542
Libben en wurk Bouma wie in soan fan Pier Bouma en Jitske Klazema. Hy studearre yn De Haach en helle de aktes M.O. (1936) en N.O.-nijverheid (1939). Hy boaske yn 1942 mei Siemtje (Sien) Wubbena (1917-1999). Hy waard skilder en wie tekenlearaar oan de MTS yn de stêd Grins.
Yn de Twadde Wrâldoarloch wie Bouma, ûnder de skûlnamme Gekke Gerrit, by it ferset en de Lanlike Organisaasje foar Help oan Underdûkers belutsen. Hy ferfalske persoansbewizen en stempels yn 'e mande mei de Oardertsjinst.Groninger Archieven/OVCG: Bouma, Klaas Bouma waard ferretWerk, H. (2011) "Pieter Wichers (Groningen 1903 - Groningen 1947) Vertrauensmann van de Sicherheitsdienst" en op 15 septimber 1944 troch de Sicherheitsdienst arrestearre; syn skoanheit Eltje Wubbena waard troch Pieter Johan Faber deasketten. Bouma waard nei it Scholtenhûs en letter nei Kamp Westerbork brocht, dêr't er op 25 septimber 1944 deasketten waard.
Op 28 desimber 1945 waard it gebou fan it 'Kunstlievend Genootschap Pictura' yn Grins opnij iepene. By de iepeningstentoanstelling waard wurk toand fan ûnder oaren Bouma, Alida van Houten, Klaas van Dijk en Evert Musch, Bouma waard yn de iepeningsrede troch de foarsitter betocht.ANP Berichtgeving 40-45
Earbetoan Bouma's namme stiet op in betinkstien yn de Van DoornenvesteVader, L. (2008) "Twee gedenkstenen vertellen", Hanze Mag, 14e jiergong 10 desimber 2008, part fan de Hânzehegeskoalle Grins en op it yn 1948 ûntfâlde Oarlochsmonumint Esserveld yn Grins.
Kategory:Frysk keunstskilder Kategory:Frysk ûnderwizer Kategory:Frysk fersetsstrider yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Nederlânsk keunstskilder Kategory:Nederlânsk ûnderwizer Kategory:Nederlânsk fersetsstrider yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Nederlânsk misdieslachtoffer Kategory:Persoan dy't stânrjochtlik eksekutearre is Kategory:Persoan omkommen yn Kamp Westerbork Kategory:Persoan berne yn Lippenhuzen Kategory:Persoan berne yn 1914 Kategory:Persoan stoarn yn 1944