Henri Marie Raymond greve fan Toulouse-Lautrec-Monfa (Alby, 24 novimber 1864 - kastiel Malromé (Gironde), 9 septimber 1901) wie in Frânsk keunstskilder, grafikus en litograaf.

Toulouse-Lautrec wie fan Oksitaansk komôf en hiet eins Enric Maria Ramon de Tolosa-Lautrèc-Montfan. Hy heart mei Cézanne, Van Gogh en Gauguin ta de meast bekende skilders fan de Postympresjonistyske perioade. Yn 2005 brocht it skilderij La Blanchisseuse, in betiid skilderij fan in waskfrou, by in feiling troch Christie's US$22.4 miljoen op, in nij rekord foar in wurk fan dizze skilder.

Skilderstyl It wurk fan Toulouse-Lautrec wurdt rekkene ta it ympresjonisme; fanôf de iere jierren 1890 is it mear postympresjonisme, mei as skaaimerken de sekuere flakferdielingen, dúdlik ôfbeakene en skelle kleuren.

Skilderijen In de Moulin rouge De jonge Routy in Céleyran, 1882 La Blanchisseuse, 1884-1886 A montrouge, 1886 Circus Fernando, 1886 Albert Grenier, om 1887 The Englishman at the Moulin Rouge Cheval blanc gazelle 1881 The Sofa Riders, 1880 Poudre de riz, 1887, Oaljeferve op doek, 56 x 46 cm La Clownesse in the "Moulin Rouge", 1897 Woman with an Umbrella (Berthe the Deaf in the Garden of Monsieur Forest), 1889 La Goulue arriving at the Moulin Rouge, 1892

Galery </center>

Affysjes </center> Le moulin rouge: Bal Tous les soirs, Ambassadeurs Aristide Bruant dans son cabaret. La revue blanche Divan japonais ''L'estampe originale

Fotoos

Keppeling om utens Henri de Toulouse-Lautrec op artcyclopedia mei in protte keppelings

Kategory:Frânsk keunstskilder Kategory:Frânsk litograaf Kategory:Frânsk yllustrator Kategory:Frânske adel Kategory:Eroatysk keunstner Kategory:Oksitaansk persoan Kategory:Persoan berne yn 1864 Kategory:Persoan stoarn yn 1901