250px|thumb|Irma Grese en kampkommandant fan Bergen-Belsen, Josef Kramer, as finzenen, augustus 1945 Irma Grese (Wrechen, Feldberger Seenlandschaft), 7 oktober 1923 – Hameln, 13 desimber 1945) wie in liedingjaande SS-kampbewekster yn de konsintraasjekampen Ravensbrück, Auschwitz en Bergen-Belsen ûnder de Twadde Wrâldoarloch., Die Angeklagte Irma Grese, s. 1, Uni-Oldenburg

Jonkheid Irma Grese wie ien fan fiif bern fan Alfred en Berta Grese. Sy wennen op in pleats yn Wrechen in Mecklenburch. Yn 1936 die har mem harsels tekoart, faaks út reden fan problemen yn it houlik., Die Angeklagte Irma Grese, s. 2, Uni-Oldenburg

Doe't Irma Grese fyftjin wie woe se lid wurde fan de Bund Deutscher Mädel (BDM), mar yn Wrechen wie gjin BDM en har heit woe net hawwe dat se yn oare doarpen lid waard fan dy jeugdbeweging.

Yn 1938, mei 14 jier, gie Grese fan de legere skoalle fanwege narjen en minne prestaasjes, en melde har oan by de Reichsarbeitsdienst (RAD),, The beautiful beast: the life & crimes of SS-Aufseherin Irma Grese, Golden West Historical Publications, 1997, p. 16 in arbeidsorganisaasje foar jonges en famkes en mei in militêre struktuer. Yn it ferplichte Landjahr wurke se earst in heal jier op in buorkerij ûnder Wrechen en dêrnei in heal jier yn in winkel yn Lychen.

Nei it Landjahr gie Grese as helpferpleechster oan 'e gong yn it sanatoarium yn Hohenlychen. Dat wurk die se twa jier mei it doel om ferpleechster te wurden. Yn de jierren dêrnei besocht se faker as ien kear om in staazjeplak te finen, mar dat slagge har net., Irma Grese, TracesOfWar.nl Yn 1942 waard se oerpleatst nei in suvelfabryk yn Fürstenberg, net fier fan it konsintraasjekamp Ravensbrück., Die Angeklagte Irma Grese, s. 3, Uni-Oldenburg

Konsintraasjekampen Ravensbrück Grese melde har as Helferin oan by de SS en waard yn de neisimmer fan 1942 talitten by de oplieding foar kampbeweksters yn Ravensbrück. Yn Ravensbrück, in apart kamp foar frouljusfinzenen, waarden teffens froujus SS'ers oplaat ta Aufseherinnen. Yn de kursussen, dy't jûn waarden troch haadbeweksters, waard ûnder mear leard hoe't jin straffe moast en sabotaazje opspoare moast.

Irma Grese folgde dy kursus mei súkses., Irma Grese, TracesOfWar.nl Nei har slagjen waard Grese ynearsten ynset as tafersjochhâldster fan ferskate wurkgroepen dy't bûten it kamp arbeidzje moasten.

Yn de arbeidsperioade yn Ravensbrück besocht Irma Grese har famylje yn Wrechen gegeldwei. Sy krige rûzje mei har heit, dy't it net aksepabel fûn dat syn dochter kampbewekster wie. Uteinlik ferbrieken de twa harren kontakt.

Auschwitz Yn maart 1943 waard se oerpleatst nei Auschwitz-Birkenau. Se wie ien fan de 170 frouljus SS'ers yn it kamp, Auschwitz, pbs.org en waard dêr in protte ynset as bewekster fan Kamp A en Kamp B. Se begûn as telefoniste fan in bloklieder. Yn de rin fan it jier krige se lykwols oare taken, fral as opsichter fan ferskate Kommandos. Ein 1943 waard se promovearre ta haad fan sektor BIIc, ek wol it C-Lager neamd., Irma Grese, TracesOfWar.nl Wilens hie se ran fan Oberaufseherin berikt, de op ien nei heechste posysje dy't in frou yn in konsintraasjekamp helje koe. De omstannichheden yn it frouljuskamp fan Auschwitz-Birkenau wiene ôfgrislik foar de ûngefear 30.000 froulju yn 62 barakken. Irma Grese wie faak oanwêzich by de medyske eksperiminten dy't de SS-dokters op de finzenen útfierden. Der binne tsjûgenissen fan seksueel misbrûk fan manlju en froulju troch Grese., Lessons and Legacies: New currents in Holocaust research, Northwestern University Press, 2004, s. 304 Ek waard der fan grute dat se ferskate frijers hie, wêr't ek de wreed ferneamde SS-dokter Josef Mengele by wie.Webster University

Op 18 jannnewaris 1945, doe't Auschwitz te ticht by de frontliny kaam te lizzen en ûntromme waard, begelate se in finzenetransport nei Ravensbrück, dêr't se har tsjinst koart skoft ferfolge.

Bergen-Belsen Begjin maart waard ek Ravensbrück ûntromme en gie Grese mei de frouljusfinzenen nei Bergen-Belsen. Dêr krige se de rang van Kommandoführerin, mar yn de prakaktyk wie se in gewoane Aufseherin. Yn Bergen-Belsen tsjinne se noch goed oardel moanne.

Op 17 april waard Grese mei oare SS'ers finzennaam yn it kamp Bergen-Belsen. Yn de dagen dêrnei moast se meihelpe om de deaden te beïerdigjen , Bergen Belsen, 1962 en op 17 maaie waard se yn it sellekompleks fêstholden om har proses ôf te wachtsjen., Die Angeklagte Irma Grese, blz. 4, Uni-Oldenburg

Berjochting It Bergen-Belsenproses begûn op 17 septimber 1945. It proses hiet offisjeel "Trial against Joseph Kramer and 44 others" en krige ynternasjonaal in soad omtinken. Sa'n 200 sjoernalisten en waarnimmmers wiene derby oanwêzich.

De rjochtbank bestie út seis rjochters: majoar-generaal Berney-Ficklin (foarsitter), brigadier Cazenove, kolonel Richards, luitenant-kolonel Morrish en luitenant McLay. De fjouwer oanklagers en de ferdigeners fan de Dútske ferklaachden wiene ek Britske ofsieren, nammentlikt kolonel Backhouse, majoar Murton-Neale, kaptein Stewart en luitenant-kolonel Genn., Die Angeklagte Irma Grese, s. 5, Uni-Oldenburg

In lyts tal oanklaagden wiene neist Bergen-Belsen ek aktyf west yn Auschwitz., Die Angeklagte Irma Grese, s. 18, Uni-Oldenburg Dêrom wurdt dit proses ek wol it earste Auschwitzproses neamd. Hast alle oanklaagden waarden beskuldige fan misdieden tsjin de minsklikheid yn kamp Bergen-Belsen; alve fan harren, ek Irma Grese, waarden boppedat oanklage foar misdieden tsjin de minsklikheid yn konsintraasjekamp Auschwitz.

De moard op yndividuele finzenen liet men gewurde, fanwege de mannichte dêrfan. De spesifike oanklacht tsjin Irma Grese befette ûnder mear:

„Nr. 9, Grese, wie in Aufseherin fan ferskate Arbeitskommandoos en tidlik fan it frouljus kamp. Se waard as minste frou fan it hiele kam beskôge. Der wie gjin gewelddiedich foarfal yn it frouljuskamp wêr't sy net by belutsen wie. Se makke geregeldwei seleksjes foar de gaskeamers. Yn Bergen-Belsen gie se troch mei dit gewelddiedich wurk. Har spesjaliteit wie it loslitten fan ôfrjochte hûnen op minsken dy't har'n net te war stelle koene.“, Trial of Josef Kramer and Forty-Four Others (The Belsen Trial), Londen: William Hodge, 1949, s. 29

Irma Grese, ferdigene troch de Britske majoar Cranfield, ûntkende. Cranfield ferdigene Grese en trije oaren troch te sizzen dat konsintraasjekampen 'legale finzenissen' wiene yn nazy-Dútslân., Trial of Josef Kramer and Forty-Four Others (The Belsen Trial), Londen: William Hodge, 1949, s. 243 Dêrneist fierde er oan dat Irma Grese noch mar 14 jier wie doe't har mem ferstoar en yn in earme húshâlding opbrocht wie. Om reden fan earmoed hie se skraach ûnderwiis hân en wie se in maklik slachtoffer foar nazy-yndoktrinaasje. Boppedat woe er hawwe dat hja twongen wie om as Aufseherin oan 't wurk te gean., Irma Grese, TracesOfWar.nl Cranfield wie fan betinken dat it nazisme ferantwurdlik wie foar de dieden fan de SS, net de SS'ers sels.

Op 17 novimber 1945 waard Irma Grese skuldich ferklearre fan alle oanklachten. Under it hiele proses liet se hast gjin emoasje sjen. Ek doe't de rjochter it fonnis útspriek, wie er fan gesicht neat ôf te lêzen. Dochs hie se yn de lêste faze fan it proses tajûn dat se meiskuldich west hie oan de massamoard op de Joaden. Se tsjinne in graasjefersyk yn by maarskalk Montgomery, de heechste beropsynstânsje by dit proses, mar dy wiisde it fuortendaliks ôf. Irma Grese waard ta de dea feroardield troch ophingjen út reden fan misdieden tsjin de minsklikheid yn Auschwitz en Bergen-Belsen.

Terjochtstelling Nei it proses waard Irma Grese nei de finzenis yn Hameln brocht, dêr't ek de eksekúsje wêze soe. It Britske leger boude dêr in eksekúsjeromte oan de ein fan de gong dêr't de ta de dea feroardielde finzenen sieten. Mei't de gevangenen de lûden fan de eksekúsjes hearre koene, waard besletten om Irma Grese om reden fan har jonge jierren as earste op te hingjen. Dat barde op 13 desimber 1945; Grese wie 22.

Fuort nei de eksekúsje waard se beïerdige op it binnenplak fan de finzenenis. Se waard yn 1954 fannijs beïerdige op it begraafplak Am Wehl yn Hameln. It grêf waard yn 1986 ûntromme, omdat it in beafeartsplak foar rjochtsradikale groepearrings wurden wie.

Literatuer Ernst Klee: Das Personenlexikon zum Dritten Reich. Wer war was vor und nach 1945. S. Fischer, Frankfurt am Main 2003, ISBN 3-10-039309-0 Hermann Langbein: Menschen in Auschwitz. Frankfurt am Main, Berlyn, Wenen, Ullstein-Verlag, 1980, ISBN 3-548-33014-2 Claudia Taake: Angeklagt: SS-Frauen vor Gericht, 1998, ISBN 3-8142-0640-1 (Download: PDF 153 siden, 744 kB).

Keppelings om utens Fotoos en funksjes fan de ferklaagden Irma Grese

Kategory:Dútsk soldaat Kategory:Dútsk ferpleechkundige Kategory:Dútsk persoan yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Kamppersoniel yn Auschwitz Kategory:Kamppersoniel yn Bergen-Belsen Kategory:Kamppersoniel yn Ravensbrück Kategory:Dútsk faksist Kategory:Lid fan de NSDAP Kategory:Lid fan de SS Kategory:Persoan feroardiele foar oarlochsmisdieden Kategory:Persoan dy't de deastraf krigen hat Kategory:Persoan berne yn 1923 Kategory:Persoan stoarn yn 1945