Anne Willem van den Ban (Ljouwerteradiel, 28 febrewaris 1928 – Wageningen, 7 maaie 2016http://resource.wageningenur.nl/nl/organisatie/show/Anne-van-den-Ban-overleden-.htm) wie emeritus heechlearaar Foarljochtingskunde oan Wageningen University.
Prof. dr. ir. Van den Ban is as heechlearaar Foarljochtingskunde fan grutte betsjutting west foar de ûntjouwing fan dat mêd. Van den Ban beluts ûnder mear sosjale psychology, sosjology, antropology en kommunikaasjelear by it lânbou-ûnderwiis. Boppedat stie er oan de widze fan in wittenskiplik ûnderboude profesjonele sûnensfoarljochting, mei tabak- en alkoholprevinsje, gesinsplanning en fiedingsfoarljochting dêrby.
Biografy Van den Ban studearre lânbou-ekonomy oan de Lânbouhegeskoalle (no Wageningen University, part fan Wageningen UR) fan 1945 oant 1953. Yn in artikelRogers, E.M.; Ban, A.W. van den (1963). Research on the diffusion of agricultural innovations in the United States and the Netherlands. Sociologia ruralis 3 . - s. 38 - 51. dat Van den Ban skreau mei Everett M. Rogers (de útfiner fan de ynnovaasjeteory fan Rogers), beskriuwt er in stúdzjereis fan prof. E.W. Hofstee yn 1950 bylâns land-grant-universiteiten yn de Feriene Steaten. Dy stúdzjereis waard subsidiearre troch it Marshallfûns. Hofstee wie bot te sprekken oer de adopsje fan nije lânboumetoaden en hy behannele it ûnderwerp mei klam yn syn kolleezjes nei't er werom wie. Van den Ban, studint by Hofstee, keas ynnovaasjeadopsje as ûnderwerp foar syn doktoraalskripsje.
Nei militêre tsjinst kaam Van den Ban yn tsjinst fan it ministearje fan lânbou, foar wa't er by de fakgroep Rurale Sosjology fan de Lânbouhegeskoalle ûndersyk die nei lânboufoarljochting. Van den Ban promovearre by perf. E.W. Hofstee yn 1963 op dit ûnderwerp mei it proefskrift Boer en landbouwvoorlichting: de communicatie van nieuwe landbouwmethoden. Dit wurk wurdt beskôge as de earste empiryske stúdzje nei lânboufoarljochting yn Jeropa.http://library.wur.nl/way/index_ban.html
Yn 1964 rjochte Van den Ban de fakgroep Foarljochtingskunde oan de Lânbouhegeskoallebou op. No is dat de seksje Kommunikaasjewittenskiphttp://www.com.wur.nl dy't út twa groepen bestiet: Kommunikaasje en Ynnovaasje Stúdzjes, en Kommunikaasjestrategyen.
Nei 1983 hat Van den Ban him yn mear as 25 ûntwikkelingslannen en lannen yn East-Jeropa ynset as adviseur, mei fanwegen de UNESCO). Foar syn wurk yn Yndia ûntfong er yn 2008 in hege Yndiaaske ûnderskieding.http://www.com.wur.nl/UK/newsagenda/archive/news/2008/Professor+honoured+in+Goa.htm
Van den Ban waard op 15 septimber 2011 beneamd ta Ofsier yn de Oarder fan Oranje-Nassau om reden fan syn bysûndere wittenskiplike fertsjinsten op nasjonaal en ynternasjonaal nivo. http://www.wageningen.nl/Actueel/Nieuws/Archief_2011/Prof_dr_ir_Van_den_Ban_benoemd_tot_Officier_in_de_Orde_van_Oranje_Nassau
Anne van den Banfûns Van den Ban is mei-oprjochter en wie bestjoerslid fan it Anne van den Ban Fûns Anne van den Ban Fonds, dat sûnt 1992 studinten út ûntwikkelingslannen dêr't hiel wat fan ferwachte wurdt de gelegenheid jout om yn Wageningen in masteroplieding te folgen. Sa wol it in bydrage leverje oan de oplieding fan bekwame en motivearre lokale saakkundigen, dy't in liedende rol spylje kinne by it oplossen fan strukturele problemen yn de lânbouproduksje, de plattelânsûntjouwing en it miljeu fan harren lân. Sadwaande leveret it fûns in bydrage oan de bestriding fan earmoed yn de wrâld.
Publikaasjes Van den Ban is (mei)auteur fan in protte wittenskiplike publikaasjes en ferskate boeken. Syn boek ‘Inleiding tot de voorlichtingskunde’van den Ban, A. W. (1974). Inleiding tot de voorlichtingskunde. Wageningen, Lânbouhegeskoalle is yn mear as 10 talen oerset en wurdt al tsientallen jierren oeral yn de wrâld brûkt. Hy beheinde him net ta lânboufoarljochting. Tegearre mei Maria Koelen skreau er in boek oer sûnensfoarljochting: Health education and health promotionKoelen, M. A. and A. W. van den Ban (2004). Health education and health promotion. Wageningen, Wageningen Academic Publishers.. Op 28 febrewaris 2008 (Van den Ban's 80e jierdei) makke Bibleteek Wageningen UR al it wurk fan Van den Ban digitaal ta foldwaan op har webside library.wur.nl. Goed 230 fan syn publikaasjes binne te lêzen yn Open Access.
Kategory:Frysk lânboukundige Kategory:Frysk heechlearaar Kategory:Frysk publisist Kategory:Nederlânsk lânboukundige Kategory:Nederlânsk heechlearaar Kategory:Nederlânsk publisist Kategory:Heechlearaar oan Wageningen University & Research Kategory:Persoan berne yn Fryslân (berteplak ûnbekend) Kategory:Ljouwerteradiel Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Ofsier yn de Oarder fan Oranje-Nassau Kategory:Persoan berne yn 1928 Kategory:Persoan stoarn yn 2016