It Kleaster fan Sarov (Russysk: Свято-Успенская Саровская пустынь; Kleaster fan 'e Himelfeart fan 'e Faam Marije) is in russysk-otterdoks kleaster yn 'e Russyske stêd Sarov yn 'e regio Nizjni Novgorod. Om't Sarov in sletten stêd is kin it kleaster net troch pylgers en toeristen besocht wurde.
Skiednis thumb|left|Oersjoch begjin 20e iuw. Yn 1664 socht de otterdokske muonts Teodosius it plak út om him op 'e heuvel fan Sarov nei wenjen te setten. In kleaster foar muontsen waard oprjochte troch Ivan Fedorovitsj Popov. As oprjochtingsdatum jildt de wijing fan 'e earste tsjerke op 16 juny 1706. De hearremyt en aseet Serafim fan Sarov, ien fan de meast fereare hilligen yn 'e Russysk-Otterdokse Tsjerke, wenne fan 1778 oant 1833 yn Sarov.
Yn 1903 besochten tsaar Nikolaas II en oare leden fan 'e keninklike famylje it kleaster. Doe hie it kleaster njoggen tsjerken en likernôch 320 muontsen bewennen it kleaster.
Ofskaffing thumb|left|De yn 'e Sovjet-tiid ôfbrutsen en yntusken rekonstruearre Mem Gods-katedraal (lofts) en Untsliepeniskatedraal (rjochts). De bolsjewiken lieten it kleaster yn 1925 slute. Foar de muontsen briek in tiid fan ûnderdrukking oan en mannichien waard fermoarde. Yn 'e Twadde Wrâldkriich waarden de kleastergebouwen brûkt as fabriken foar de produksje fan lansearynstallaasjes foar de BM-13 Katûsja raket.
Yn 'e Twadde Wrâldkriich waard de Zosima- en Sabbatiustsjerke ôfbrutsen. De Serafim fan Sarovtsjerke waard yn 1949 yn gebrûk nommen as téater. De barokke Untsliepeniskatedraal wie yn 'e Sovjet-tiid yn gebrûk as garaazje, mar waard yn 1951 ôfbrutsen. De katedraal fan 'e Ikoan-fan 'e-libbenjaande-Maityd krige ferskillende funksjes, mar waard yn 'e jierren 1953-1954 opblaasd. De klokketoer die oant 2012 noch tsjinst as tillefyzjetoer. Oer it kleasterterrein waard yn 'e Sovjet-tiid in strjitwei oanlein. Fan 'e njoggen kleastertsjerken waarden der lang om let yn de Sovjet-tiid meiïnoar sân ferneatige.
Weriepening thumb|260px|De rekonstruearre Untsliepeniskatedraal. Sûnt 1992 waard it eigendom fan 'e gebouwen stadichoan wer oan 'e Russysk-Otterdokse Tsjerke oerdroegen. Yn 2006 naam de Hillige Synoade it beslut om it monastike libben yn Sarov nij libben yn te blazen. Sûnt waard it kleasterkompleks renovearre en rekonstruearre.
Mei de weropbou fan 'e yn 'e Sovjet-tiid ôfbrutsen katedralen waard yn 2016 útein set. Yntusken is de werbou fan 'e Untsliepeniskatedraal yn 2019 foltôge en ek de Mem Gods-katedraal waard dêrnei ek rekonstruearre.
Tsjerken Untsliepeniskatedraal (1777), yn de Sovjettiid ôfbrutsen, rekonstruearre. Katedraal fan de ikoan fan de Mem Gods 'Libbenjaande Maaitiid' (1864), yn 'e Sovjettiid ferneatige, rekonstruearre. Grottsjerke fan Antonius en Teodosius. Serafim fan Sarovtsjerke (1897-1903), restaurearre. Poartetsjerke fan Sint-Nikolaas. Tsjerke fan 'e Unthalzing fan Jehannes de Doper mei de benedentsjerke fan 'e profeet Elía (1827), restaurearre. Transfiguraasjetsjerke mei de oan de muontsen Zosima en Sabbatius fan Solovetski wijde benedentsjerke (1784), restaurearre. Alderheljentsjerke (restaurearre). Hillige Geasttsjerke.
Ofbylden
Kategory:Kleaster yn Ruslân Kategory:Bouwurk yn Nizjni Novgorod (oblast) Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1706 Kategory:Organisaasje opheft yn 1927 Kategory:Organisaasje oprjochte yn 2006 Kategory:Bouwurk út 1706 Kategory:Bouwurk út de 21e iuw