De Harnzer Krante is de regionale krante fan Harns. Op 27 oktober 1852 ferskynde it earste nûmer fan de Harlinger Courant sa't de krante offisjeel hjit. Dat fûn útjouwer R. Klein ek tiid wurden om't yn Ljouwert, Snits en Frjentsjer ek al regionale kranten ferskynden en Harns mocht dêr neffens him net yn efterbliuwe. De krante ferskynt tsjintwurdich (2006) op tiisdei, woansdei (regio-edysje h.o.h.) en freed en is te krijen yn hiel Fryslân. Flevomedia B.V. is de printer fan de krante. Oplage-spesifikaasjeAbonneminten4135Gratis ferspr. ab. krant400Losse ferkeap415Bewiisnûmers50Postabonneminten1100Totaal oplage6000 </TD></TR></TABLE> Behalven yn Harns is de krante ek populêr op Flylân (449) en Skylge (1762).
Sûnt septimber 2004 bestiet de redaksje fan de Harnzer Krante út Jannes Bijlsma en Renate Huisman. Utjouwerij is Flevodruk Harns, dêr't Jurgen en Henry Drost de direksje fan foarmje. De fotografy wurdt meast fersoarge troch Maria van Sterkenburg en Ubbo Posthuma.
Keppeling om utens www.harlingercourant.nl
Kategory:Harns Kategory:Fryske krante Kategory:Frysk streekblêd Kategory:Nederlânsktalige krante Kategory:Krante of tydskrift oprjochte yn 1852