thumb|260px|Ingelske- en Falmouth haven (2000) Antigûa en Barbûda is in eilânsteat yn it eastlike part fan de Karibyske See, op de grins mei de Atlantyske Oseaan en bestiet út in kloft eilannen. De haadstêd fan de eilânsteat is Saint John's.
Skiednis Antigûa en Barbûda is lid fan it Britske Mienebest en waard op 1 novimber 1981 ûnôfhinklik. De Britske keninginne is steatshaad.
Geografy Antigûa en Barbûda wurdt foarme troch de eilannen Antigûa, Barbûda en Redonda. Antigua en Barbûda meitsje ûnderdiel út fan de Boppewynske Eilannen yn de Lytse Antillen. Yn it suden befynt him it Frânske eilân Guadelûp, yn it súdwesten it Britske Montserrat, yn it westen Sint-Kits en Nevis en yn it noardwesten it by Guadelûp hearende Sint-Barthélemy.
Grutste plakken De tsien grutste plakken fan Antigûa en Barbûda (allegear op Antigûa) wiene yn 2001: Plak Ynwennertal Saint John's 22.634 All Saints 3.412 Liberta 2.239 Potter's Village 2.067 Bolans 1.785 Swetes 1.573 Seaview Farm 1.486 Pigotts 1.363 Parham 1.276 Clare Hall 1.273
It grutste plak fan Barbûda is Codrington (980 ynwenners yn 2001).
Befolking Mear as 75% fan de befolking is kristen. De grutste tsjerke is de Anglikaanske tsjerke.
Keppeling om utens Offisjele hiemside fan de oerheid Toerisme webstee
Kategory:Lân yn Noard-Amearika Kategory:Lân yn it Karibysk Gebiet Kategory:Histoaryske Britske koloanje Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1981 Kategory:Keninkryk