It Hillige Roomske Ryk wie in polityk konglomeraat fan lannen yn West- en Sintraal-Jeropa yn de Midsiuwen. It ûntstie út it eastlike part fan it Frankyske Ryk by it Ferdrach fan Verdun (843). It Ryk bestie hast in millennium, oant it opheft waard yn 1806.
Yn de 15e iuw waard de namme útwreide ta Hillige Roomske Ryk fan de Dútske Naasje (Sacrum Romanum Imperium Nationis Germanicae yn it Latyn). It Ryk waard 'Roomsk' neamd omt it ynsteld waard as fuortsetting fan it Romeinske Ryk. Kristlike profesijen (sjoch it Bibelboek Danjel) hienen foarsein dat de wrâld nei it fjirde ryk (it Romeinske Ryk) fergean soe. De Byzantinen fûnen dit mar ûnsin omdat hja har as de fuortsetting fan it orizjinele Romeinske Ryk beskôgen. De term 'Hillich' waard brûkt om de nauwe bân mei de Roomsk-Katolike Tsjerke oan te jaan. In bekende wurdboarterij fan Voltaire seit dat it Ryk net Romeinsk, net Hillich en likemin in Ryk wie.
Grutte en steatsynrjochting fan it Ryk thumb|right|250px|Dizze keizerskroan fan Rudolf II, Keizer fan it Hillige Roomske Ryk wie ien fan de brûkte kroanen Kening en keizer It Hillige Roomske Ryk begûn as it East-Frankyske keninkryk. Op in stuit waard oan de kening fan dit ryk ek de keizerstitel jûn. Hoewol’t dat as in tydlike regeling bedoeld wie, om in akute politike sitewaasje op te lossen, is de keizerstitel ‘hingjen’ bleaun yn it East-Frankyske keninkryk. Yn de begjinperioade stiken de West-Frankyske keningen noch mei nei de keizerstitel, mar sy krigen dat mar in inkele kear. De wichtichste reden hjirfoar wie dat de West-Frankyske keningen fier fuort wennen dat se net krekt op de hichte wienen fan de politike sitewaasje yn it oare keninkryk. Uteinlik hawwe se it opjûn harren te bemuoien mei dat oare keninkryk. Dêrtroch waard it krijen fan de keizerstitel in ynterne oangelegenheid fan it East-Frankyske keninkryk. Sadwaande foelen keninkryk en keizerryk hieltiten mear gear, ûndanks dat it der by de keizer winliken gie om de wrâldske macht as tsjinhinger fan de paus. Yn dizze sitewaasje koe it dan ek wêze dat de wichtichste spilers yn it East-Frankyske keninkryk bepaalden hoe’t de keizer keazen waard en sa koe de titel Hillich Roomske Ryk fan de Dútske Naasjes ûntsteaan.
It Hillige Roomske Ryk hie dus én in kening en in keizer. Dizze hoechden lykwols net deselde persoan te wêzen, mar wienen dat faak wol; in machtich persoan dy't jo ta kening kroanet, kin de keizerstitel net ûntholden wurde. De kening fan it keninkryk waard de Roomsk-kening neamd. Keazen wurde ta kening wie faak it opstapke om keizer te wurden, hoewol’t net alle keningen it ta keizer brochten. Dizze twatrepsraket is altyd bestean bleaun. Soks hat fansels te krijen mei de ûntsteanskiednis fan it keizerskip, mar ek mei de ideology fan it keizerskip. De keizer belichemde in heger ideaal as in kening, nammentlik wrâldhearskippij tsjin in lokale machthawwer, de kening. Loadewyk XIV warskôge syn opfolger yn syn testamint foar dizze ambysjes fan de keizer. Dy wienen fêst ferbûn mei de keizerstitel, oft de keizer yn de praktyk no machtich wie of net. Loadewyk warskôge dus sawat 700 jier neidat de West-Frankyske keningen ophâlden wiene te stykjen nei de keizerstitel, dochs noch efkes syn opfolger.
Dútske naasje? Yn tsjinstelling oant wat de taheakking "fan de Dútske naasje" suggerearret, wie it Roomske Ryk gjin Dútske naasjesteat yn de moderne betsjutting. Hoewol’t it grutste part fan de ûnderdienen en regearders yn it Ryk fan Dútske komôf wie, bestienen der fan it begjin ôf oan ferskate etnyske fariëteiten binnen it Ryk. In protte fan syn foarneamste eallju en lieders kamen fan bûten it Dútsksprekkende gebiet. Op it hichtepunt fan syn bestean bestie it Ryk út it moderne Dútslân, Eastenryk, Sloveenje, Switserlân, Belgje, Nederlân, Lúksemboarch, Tsjechje en ek út eastlike dielen fan Frankryk, it noarden fan Itaalje en it westen fan it moderne Poalen.
It lân wie lykwols it grutste part fan har bestean net folle mear as in soarte Federaasje. Yn de Midsiuwen gie de macht fan it ryk al gau efterút en ferlear de keizer stadichoan mear macht oan de hartoggen ûnder him. Nei 1250 hie de keizer kwalik noch gesach bûten syn eigen bezittings (de sanaamde "Hausmacht"). Troch de Ynvestituerstriid tusken de keizer en de paus (11e-12e iuw) waard it oansjen fan it Ryk bot ferswakke.
Dútsk kening / keizer thumb|left|150px|Dizze 10e-iuwske keizerskroan, saneamd dy fan Karel de Grutte wie by útstek it symboal fan it Hillige Roomske Ryk. thumb|left|150px|Dit wapenskyld, sa’t hjit dat fan Karel de Grutte, wie mei earnen (mei ien en letter twa koppen) it wapen fan it Hillige Roomske Ryk.
De kroaningen fan de keizers fan it Hillige Roomske Ryk wienen ynspirearre op de kroaning fan Karel de Grutte yn 800. In takomstich keizer moast earst en foaral kening fan de Dútsers wurde. Dútske keningen waarden al iuwen keazen, yn de 9e iuw troch de lieders fan de fiif wichtichste stammen (de Franken, de Saksen, de Beieren, de Swaben en de Tueringers), letter waarden dizze keningen keazen troch de trije biskoppen, de paltsgreve, en de trije foarnaamste hartoggen. Noch leter kaam der in kolleezje fan karfoarsten yn swang. Dit kolleezje waard offisjeel gearstald yn 1356. Oarspronklik wienen der sân kiesgerjochtigden, mar dit oantal feroare yn de rin fan de iuwen.
Oant 1508 reizge de nij keazen kening nei Rome om him troch de paus ta keizer kroane te litten. Nea koe de keizer autonoom syn ryk bestjoere. Syn macht waard bot beheind troch de ferskillende lokale lieders. Nei de 15e iuw waard de Ryksdei oprjochte as it wetjouwend orgaan fan it Ryk. Dizze Ryksdei wie in fergaderjend orgaan dat op ferskate lokaasjes by inoar kaam. Pas nei 1663 soe de Ryksdei in permanint orgaan wurde en waard er fêst yn Regensburg fêstige ("Immerwährender Reichstag").
Rykssteaten In dielsteat waard oansjoen as Reichsstand (Rykssteat of Ryksstende) wannear’t it gjin oare autoriteiten boppe him hie as de Keizer. Dizze steaten wienen:
Gebieten regeard troch in foarst of in hartoch (bytiden ek in oare titel). Tsjerklike gebieten regeard troch in biskop of in prinsbiskop. Yn it twadde gefal kaam it gebiet ûnder it befel fan dizze lieder oerien mei it pleatslike bisdom, sadat de biskop tsjerklike én wrâldske macht hie. Frije ryksstêden
Der wiene in hiel soad fan sokke gebieten. Doe’t de Frede fan Münster tekene waard, bestie it ryk út hûnderten dielsteaten, wêrfan’t der guon net grutter wiene as inkele fjouwerkante kilometers. Oaren hienen gjin grûngebiet; it wienen stiften of, sa’t oan’e ein fan it bestean fan it Ryk wol barde, foarsten dy’t gjin eigen grûngebiet hienen, mar wol lid wienen fan de Ryksdei. Foar it tal Rykssteaten fan 1792, sjoch de List fan de leden fan de Ryksdei (1792).
Ryksdei De Ryksdei wie it wetjouwend orgaan fan it Hillige Roomske Ryk. It wie ferdield yn trije ferskillende kolleezjes: De Ried fan karfoarsten, dy’t út de karfoarsten fan it Ryk bestie. De Ried fan foarsten, dy’t út twa banken bestie: De Sekuliere Bank: prinsen (dejingen dy’t de titel fan foarst, hartoch, aartshartoch, greve of lângreve hienen) De Tsjerklike Bank: (biskoppen en bepaalde abten) De Ried fan ryksstêden, dy’t bestie út ôffurdigen fan de Frijstêden. Dizze ôffurdigen wiene ferdield yn twa Kolleezjes: dat fan Swaben en de Ryn. Elk Kolleezje hie in kollektive stim. Dizze Rie stie gelyk oan de oare beide, en koe bygelyks net stimme oer it talitten fan nije gebieten.
Keizerlike Rjochtbanken en ynstitúsjes It Ryk hie ek twa Rjochtbanken: de Reichshofrat, oan it hof fan de kening yn Wenen, en nei de Keizerlike Herfoarming fan 1495 ek it Reichskammergericht. It Ryk hie ek in lyts en swak eigen leger en der wienen sels " Rijksfestingen " dy’t op kosten fan it Ryk bemand waarden.
Skiednis thumb|right|300px|Hillige Roomske Ryk 1273-1378
Fan de Eastlike Franken oant de Ynvestituerstriid It Hillige Roomske Ryk waard yn 962 stiften troch Otto I. Oaren fine lykwols dat it Ryk stiften waard doe’t Karel de Grutte ta earste (Westerske) Keizer kroane waard yn 800 sûnt it ôftankjen fan Romulus Augustulus yn 476. Karel neamde himsels meastentiids de Kening fan de Franken. Dit Frankyske Ryk omfiemde it hjoeddeiske Frankryk en Dútslân en Noard- Itaalje. Karel waard opfolge troch syn ienichst oerbleaune soan, dy’t ek de keizerstitel krige, Loadewyk de Fromme sadat it Ryk noch feriene bleau. Doe’t dizze stoar, hie hy lykwols trije soannen dy’t nei Frankysk Rjocht oanspraak makken op in diel fan it ryk. In soad skiedkundigen sjogge de stifting fan it Ryk dan ek as de ein fan in proses dat begûn by dizze definitive splitsing fan it Frankyske Ryk by it Ferdrach fan Verdun yn 843. Yn it earstoan waard it ryk yn trije stikken ferdield: in westlik, in midden- en in eastlik Ryk. De Karolingyske dynasty waard ek opsplitst. It middenryk gie nei de âldste soan Lotarius dy’t boppedat de keizerstitel krige. It waard nei syn dea yn 855 ferdield ûnder syn trije soannen mar al gau waarden dizze fersnippere gebieten ferdield tusken it sterkere East-Frankyske en West-Frankyske Ryk. It eastlike diel waard besit fan Karloman fan Beieren dy’t ek de keizerstitel oernaam. Karloman waard opfolge troch in stik of wat Karolingers, oant de dea fan Loadewyk it Bern, dy’t de lêste eastlike Karolinger wie.
De lieders fan Swaben, Beieren, Frankenlân en Saksen keazen hjirop Koenraad I fan Frankenlân ta kening yn 911. Syn opfolger, Hindrik de Fûgelder, waard oanfurdige troch it West-Frankyske Ryk yn 911, en neamde him rex Francorum orientalum (kening fan de Eastlike Franken).
Hendrik stelde syn soan Otto oan as opfolger, dy’t yn 936 keazen waard yn Aken. Syn lettere kroaning as Keizer Otto I yn 962 betsjutte it offisjele begjin fan it Hillige Roomske Ryk.
Doe’t Hendrik II fan it Hillige Roomske Ryk yn 1024 sûnder opfolgers ferstoar waard Koenraad II fan it Hillige Roomske Ryk as kening keazen. Hy wie de earste fan de Saaljers.
It Ryk stoarte hast yninoar yn de Ynvestituerstriid, doe’t paus Gregorius VII kening Hendrik IV fan it Hillige Roomske Ryk yn de ban die. Hoewol’t dizze beslissing ûngedaan makke waard nei de Tocht nei Canossa yn 1080, wienen de mytyske eigenskippen fan it Ryk oantaasten, de Dútske kening wie djip fernedere. Wichtiger wie noch de komst fan de tsjerke as ûnôfhinklike faktor yn it politike systeem fan it Ryk.
It Ryk ûnder de Hohenstaufen Koenraad III waard yn 1138 keazen ta earste keizer fan de Hohenstaufen-dynasty. Freark I Barbarossa neamde as earste it Ryk 'Hillich'.
Barbarossa koe syn lân ek fierder ferienje troch de ferskate pleatslike hartoggen te ferbieden om harren ûnderlinge feten út te fjochtsjen. Nije stêden waarden stifte, troch de keizer en troch pleatslike hartoggen. Dit barde benammen om de grutte befolkingseksploazje op te fangen, mar ek om de ekonomyske krêft fan it ryk op strategyske plakken te konsintrearjen. Foarbylden fan sokke stêden binne Freiburg en München.
De regearperioade fan de lêste Hohenstaufer Freark II wie yn in soad opsichten oars as dy fan eardere keizers. Hy waard yn 1220 kroane, en riskearre in konflikt mei de paus doe’t hy de macht oer Rome opeaske. Hy koe lykwols wol Jeruzalem feroverje yn in Krústocht fan 1228 wylst hy noch altyd yn’e ban wie.
De machtsstriid fan de dielgebieten nei de Staufers Nei de dea fan Freark II yn 1250 koe net ien fan de dynastyen in weardige kening foarstelle, en de liedende hartoggen stelden sels inkele keningen foar. De perioade tusken 1246, wannear’t Hindrik Raspe en Willem II fan Hollân ta kening keazen waarden, oant 1273, wannear’t Rudolf I fan Habsburg as kening keazen waard, stiet bekend as it Ynterregnum.
Rudolf en syn opfolgers seagen it Ryk hieltyd mear útinoar fallen. Yn de 15e iuw feroaren de dielsteaten harsels yn foargongers fan moderne steaten. It proses wie yn elke steat oars, en gie hurder yn gebieten dy’t sawat lyk wienen as de lannen fan de âldere Germaanske stammen, lykas Beieren.
Ryksherfoarming