thumb|265px|Lizzings fan Esseks yn Ingelân

Esseks (Ingelsk: Essex) is in greefskip yn de Ingelske regio East-Ingelân, dat nei alle gedachten oprjochte waard yn 'e earste helte fan 'e 10e iuw. It leit benoardeasten Londen en grinzget oan de Noardsee. De haadstêd is Chelmsford. It greefskip beslacht 3670 km² en hat sa'n 1.729.200 ynwenners (2014).

De namme Esseks ferwiist nei it âlde keninkryk Esseks. Yn it tiidrek fan de Angelsaksen wie it de kontrei fan de East-Saksen en part fan de âlde heptargy.

Distrikten Distrikten DetailkaartUttlesford Braintree Colchester Tendring Harlow Epping Forest Chelmsford Maldon Brentwood Basildon Rochford Castle Point Southend-on-Sea (Unitary authority) Thurrock (Unitary authority) 180px

Universiteit Esseks hat in wichtige universiteit yn de stêd Colchester, de University of Essex.

Kategory:Greefskip yn Ingelân Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn de 10e iuw