In oanslach of moardoanslach (ta ûnderskie fan bgl. in bomoansloch of in terroristyske oanslach) is in misdriuw yn 'e foarm fan in oanfal op in wichtich persoan mei de bedoeling om dyselde te fermoardzjen of yn elts slim te ferwûnjen. Yn 'e juridyske sin kin mei in 'oanslach' sawol in súksesfol útfierde oanslach as in feridele of mislearre oanslach bedoeld wêze. Faak tsjinnet in moardoanslach in polityk of ideologysk doel, mar dat hoecht net.

Yn it Nederlânske Wetboek fan Strafrjocht binne oangeande oanslaggen de folgjende bepalings opnommen: kêst 92: oanslach tsjin 'e kening (fan Nederlân). Hjirop stiet 30 jier oant libbenslange finzenisstraf of in boete fan 'e fyfde (swierste) kategory. kêst 93: oanslach tsjin it ryk (fan Nederlân). Hjirop stiet 30 jier oant libbenslange finzenisstraf of in boete fan 'e fyfde (swierste) kategory. kêst 94: oanslach tsjin 'e regearingsfoarm (fan Nederlân). Hjirop stiet 30 jier oant libbenslange finzenisstraf of in boete fan 'e fyfde (swierste) kategory. kêst 108: oanslach op 'e oarehelte fan 'e kening, de kroanprins(esse) of de oarehelte fan 'e kroanprins(esse). Hjirop stiet (1) in finzenisstraf oant 15 jier of in boete fan 'e fyfde (swierste) kategory, of (2) as de oanslach de dea ta gefolch hat, 30 jier oant libbenslange finzenisstraf of in boete fan 'e fyfde (swierste) kategory. kêst 115: oanslach op in befreone steatshaad. Hjirop stiet (1) in finzenisstraf oant 15 jier of in boete fan 'e fyfde (swierste) kategory, of (2) as de oanslach de dea ta gefolch hat, 30 jier oant libbenslange finzenisstraf of in boete fan 'e fyfde (swierste) kategory. kêst 117: oanslach op in ynternasjonaal beskerme persoan. Hjirop stiet (1) in finzenisstraf oant 15 jier of in boete fan 'e fyfde (swierste) kategory, of (2) as de oanslach de dea ta gefolch hat, 30 jier oant libbenslange finzenisstraf of in boete fan 'e fyfde (swierste) kategory.

Ferneamde oanslaggen jier slachtoffer resultaat dieder(s) 44 f.Kr. Julius Caesar, Romeinsk politikus omkommen û.o. Gajus Kassius en Markus Junius Brutus 1582 Willem fan Oranje, Nederlânsk politikus en rebellelieder oerlibbe Jean Jaureguy 1584 Willem fan Oranje, Nederlânsk politikus en rebellelieder omkommen Balthasar Gerards 1589 kening Hindrik III fan Frankryk omkommen Jacques Clément 1610 kening Hindrik IV fan Frankryk omkommen François Ravaillac 1865 Abraham Lincoln, presidint fan de Feriene Steaten omkommen John Wilkes Booth 1881 James Garfield, presidint fan de Feriene Steaten omkommen Charles J. Guiteau 1898 Elizabeth yn Beieren ("Sissi"), keizerinne fan Eastenryk omkommen Luigi Lucheni 1901 William McKinley, presidint fan de Feriene Steaten omkommen Leon Czolgosz 1914 aartshartoch Frâns Ferdinand fan Eastenryk omkommen Gavrilo Princip 1922 Michael Collins, Iersk politikus omkommen Ierske rebellen (presize dieder ûnbekend) 1934 kening Aleksander I fan Joegoslaavje omkommen Vlado Černozemski 1939 Adolf Hitler, führer fan nazy-Dútslân oerlibbe Georg Elser 1940 Leon Trotski, Sovjet-politikus yn ballingskip omkommen Ramón Mercader 1942 Reinhard Heydrich, Dútsk SS-ofsier omkommen Jan Kubiš en Jozef Gabčík 1944 Adolf Hitler, führer fan nazy-Dútslân oerlibbe greve Claus Schenk von Stauffenberg 1948 Mahatma Gandhi, Yndiaask minskerjochte-aktivist omkommen Naturam V. Godse 1963 John F. Kennedy, presidint fan de Feriene Steaten omkommen Lee Harvey Oswald (?) 1963 Lee Harvey Oswald, fermoedlike moardner fan John F. Kennedy omkommen Jack Ruby 1965 Malcolm X, Amerikaansk minskerjochte-aktivist omkommen Talmadge Hayer, Norman 3X Butler en Thomas 15X Johnson 1966 Hendrik Verwoerd, Súdafrikaansk politikus omkommen Dimitri Tsafendas 1968 Martin Luther King, Amerikaansk minskerjochte-aktivist omkommen James Earl Ray 1968 Robert Kennedy, Amerikaansk politikus omkommen Sirhan Sirhan 1972 Abeid Karume, Tanzaniaansk politikus omkommen ûnoplost 1975 (5 sept.) Gerald Ford, presidint fan de Feriene Steaten oerlibbe Lynette Fromme 1975 (22 sept.) Gerald Ford, presidint fan de Feriene Steaten oerlibbe Sarah Jane Moore 1980 John Lennon, Ingelsk muzikant omkommen Mark David Chapman 1981 Ronald Reagan, presidint fan de Feriene Steaten oerlibbe John Hinckley jr. 1981 paus Jehannes Paulus II oerlibbe Mehmet Ali Ağca 1981 Anwar al-Sadat, presidint fan Egypte omkommen Khalyd Islambûly en 3 meistanners 1982 paus Jehannes Paulus II oerlibbe Juan María Fernández y Krohn 1984 Indira Gandhi, premier fan Yndia omkommen har beide Sikh-liifwachten Beant Singh en Satwant Singh 1986 Olof Palme, premier fan Sweden omkommen ûnoplost 1991 Rajiv Gandhi, premier fan Yndia omkommen in nammeleaze Tamyl-frou 1995 Yitzchak Rabin, premier fan Israel omkommen Yigal Amir 2002 Pim Fortuyn, Nederlânsk politikus omkommen Volkert van der Graaf 2004 Theo van Gogh, Nederlânsk filmmakker en kollumnist omkommen Mohammed Bouyeri 2006 Anna Politkovskaja, Russysk sjoernaliste omkommen ûnoplost 2007 Benazir Bhutto, Pakistaansk politika omkommen ûnoplost 2011 Gabrielle Giffords, Amerikaansk politika oerlibbe Jared Lee Loughner 2012 Malala Yousafzai, Pakistaansk minskerjochte-aktiviste oerlibbe Atta Ulla Khan 2015 Boris Nemtsov, Russysk politikus omkommen ûnoplost 2016 Jo Cox, Ingelsk politika omkommen Thomas Mair

Kategory:Moard Kategory:Misdriuw Kategory:Geweld