John Ringo (Miami-Dade County (Floarida), 22 maart 1963) is in Amerikaansk skriuwer fan romans en koarte ferhalen dy't foar in grut part ta de sjenres fan science fiction en fantasy hearre. Dêrnjonken hat er ek militêre fiksje en politike skrillers skreaun. Ringo hat in militêre eftergrûn en stiet derom bekend dat er syn boeken gauris yn gearwurking mei oare auteurs skriuwt. Tsjin 2011 hied er yn totaal mear as trije miljoen boeken ferkocht, en wie syn wurk oerset yn sân ferskillende talen
Libben en karriêre Jonkheid en oplieding Ringo waard yn 1963 berne yn Miami-Dade County, oan 'e súdpunt fan it Floarida-skiereilân. Hy brocht in grut part fan syn jonkheid reizgjend troch, mei't syn âlden foar harren wurk gauris ferhúzje moasten, ek om utens. Hy besocht 23 ferskillende lannen foar't syn âlden har mei harren gesin fan sân bern yn Alabama nei wenjen setten. Tsjin 'e tiid dat er yn 1981 yn Winter Park, yn Floarida, fan 'e middelbere skoalle kaam, hie Ringo sadwaande op fjirtjin ferskillende skoallen sitten, wêrûnder guons yn Grikelân, Iraan en Switserlân. Neffens Ringo sels late al dat reizgjen by him ta in geweldige wurdearring foar de oerienkomsten tusken minsken út ferskillende lannen en in bliuwende ôfwearze fan bûtenlânsk iten.
Nei't er fan 'e middelbere skoalle kommen wie, naam Ringo tsjinst yn it Amerikaanske Leger, dêr't er it ta korporaal brocht by de 82e Parasjutistedifyzje. Hy naam diel oan 'e Amerikaanske ynfal yn Grenada, yn 1983, en tsjinne nei't er earfol ôfswaaid wie, noch twa jier as reservist by de Nasjonale Garde fan Floarida. Nei syn tsjinsttiid studearre Ringo marine biology, dêr't er in associate degree yn behelle. Hy ûntdiek lykwols al rillegau dat mei marine biology gjin drûch brea te fertsjinjen falt, en om't er tsjin dy tiid in frou en twa dochters ûnderhâlde moast, naam er in baan oan as databasebehearder.
Skriuwkarriêre Yn 1999 krige Ringo in idee foar in science fiction-ferhaal oer in bûtenierdske ynfaazje fan 'e Ierde en de militêre reäksje dêrop troch de minskheid. Hy wurke dat ferhaal út ta in roman, dy't er de titel A Hymn Before Battle joech, nei it gedicht Hymn Before Action fan Rudyard Kipling. Neitiid stjoerde er it boek op nei útjouwerij Baen Books, mar dêr waard it ôfwiisd. Doe't Ringo dêroer yn diskusje gie mei de eigner fan 'e útjouwerij, Jim Baen, op it foarum fan 'e webside fan it bedriuw, besleat dy om sels ris nei de roman te sjen. Baen fûn it boek sa goed dat er syn meiwurkers weromfluite en sa koe it dat A Hymn Before Battle yn 2000 troch Baen Books publisearre waard.
A Hymn Before Battle koe it skoan dwaan, en ek de boeken dy't folgen, diene it goed. Sa goed sels, dat Ringo syn baan opsizze koe om him foltiids op it skriuwen ta te lizzen. Yn 2015 hied er in oeuvre fan 46 romans en in ferskate koarte ferhalen opboud. In protte fan 'e romans skreau er yn gearwurking mei oare auteurs. Sa skreau er de Empire of Man-tetralogy tegearre mei David Weber, en wurke er foar de Cally's War-trilogy gear mei Julie Cochrane. Oare skriuwers dêr't Ringo mei gearwurke hat, binne Michael Z. Williamson, Linda Evans, Larry Correia, Tom Kratman, Travis S. Taylor en Ryan Sear.
Ringo hat ek ferskate artikels skreaun foar de krante de New York Post, en op 'e tillefyzjestjoerders Fox News en National Geographic Channel hat er as kommentator aktyf west. Yn 2015 wied er mei help fan in profesjonele senarioskriuwer dwaande mei it omwurkjen fan syn boeken A Hymn Before Battle, Ghost en Princess of Wands ta senario's, mei de bedoeling om se ferfilmje te litten. Yn 2012 waard oan Ringo op 'e science fiction-konvinsje DeepSouthCon 50, yn Huntsville (Alabama), de Phoenix Award takend foar syn bydragen oan 'e science fiction-literatuer. Ringo wennet no yn Chattanooga (Tennessee) en hat foarhinne wenne yn Commerce (Georgia) (1995-2003) en Jefferson (Georgia) (2003-2005).
Wurk (hjirby giet it om romans, of it moat oars oanjûn stean) Legacy of the Aldenata-rige (science fiction; ek wol bekend as de Posleen-rige of de Posleen War-rige) Posleen War-rige (sintrale ferhaalline) 2000 – A Hymn Before Battle 2001 – Gust Front 2002 – When the Devil Dances 2003 – Hell's Faire Hedren War 2009 – Eye of the Storm Posleen War-rige (sydferhaallinen) 2005 – Watch on the Rhine (mei Tom Kratman) 2007 – Yellow Eyes (mei Tom Kratman) 2009 – The Tuloriad (mei Tom Kratman) Cally's War-trilogy (spin-offrige) 2004 – Cally's War (mei Julie Cochrane) 2007 – Sister Time (mei Julie Cochrane) 2009 – Honor of the Clan (mei Julie Cochrane) oare spin-offromans 2004 – The Hero (mei Michael Z. Williamson) Empire of Man-tetralogy (science fiction) 2001 – March Upcountry (mei David Weber) 2001 – March to the Sea (mei David Weber) 2003 – March to the Stars (mei David Weber) 2005 – We Few (mei David Weber) omnibusútjeften 2014 – Empire of Man <small>(omnibus fan March Upcountry en March to the Sea)</small> 2014 – Throne of Stars (omnibus fan March to the Stars en We Few) The Council Wars-tetralogy (fantasy) 2003 – There Will Be Dragons 2004 – Emerald Sea 2005 – Against the Tide 2006 – East of the Sun, West of the Moon Paladin of Shadows (politike skrillers) 2005 – Ghost 2006 – Kildar 2006 – Choosers of the Slain 2006 – Unto the Breach 2007 – A Deeper Blue 2013 – Tiger by the Tail (mei Ryan Sear) Voyage of the Space Bubble (science fiction, ek bekend as de Looking Glass-rige) 2005 – Into the Looking Glass 2007 – Vorpal Blade (mei Travis S. Taylor) 2008 – Manxome Foe (mei Travis S. Taylor) 2008 – Claws that Catch (mei Travis S. Taylor) Special Circumstances-duology 2006 – Princess of Wands 2012 – Queen of Wands Troy Rising-trilogy (fantasy) 2010 – Live Free or Die 2011 – Citadel 2011 – The Hot Gate Black Tide Rising-rige (fantasy) 2013 – Under a Graveyard Sky 2014 – To Sail a Darkling Sea 2014 – Islands of Rage and Hope 2015 – Strands of Sorrow 2016 – Black Tide Rising (blomlêzing fan koarte ferhalen, û.red.f. Ringo en Gary Poole) 2018 – The Valley of Shadows (mei Mike Massa) 2019 – Voices of the Fall (mei Gary Poole) 2019 – River of Night (mei Mike Massa) 2021 – We Shall Rise (mei Gary Poole) 2024 – United We Stand (mei Gary Poole) Monster Hunter Memoirs (fantasy; spilet yn 'e wrâld fan 'e Monster Hunter International-rige) 2016 – Monster Hunter Memoirs: Grunge (mei Larry Correia) 2017 – Monster Hunter Memoirs: Sinners (mei Larry Correia) 2018 – Monster Hunter Memoirs: Saints (mei Larry Correia) TransDimensional Hunter 2022 – Into the Real (mei Lydia Sherrer) 2023 – Through the Storm (mei Lydia Sherrer) bydragen oan searjes fan oare auteurs Honorverse-rige (fan David Weber) 2003 – Let's Go to Prague (koart ferhaal yn 'e blomlêzing The Service of the Sword, red. David Weber) 2003 – A Ship Named Francis (koart ferhaal yn 'e blomlêzing The Service of the Sword, red. David Weber) Bolo-searje (fan Keith Laumer) 2004 – The Road to Damascus (mei Linda Evans) Clan of the Claw 2011 – Exiled (mei ferskate oaren) op harsels steande boeken 2006 – Von Neumann's War (roman; mei Travis S. Taylor) 2008 – The Last Centurion (roman) 2019 – Gunpowder & Embers'' (ferhalebondel; mei Kacey Ezell en Christopher L. Smith)
Prizen en nominaasjes Jier Priis Resultaat Kategory Foar2012Phoenix Award (fan DeepSouthCon)wûnoeuvrepriisbydragen oan science fiction-literatuer
Keppelings om utens Offisjele webside fan John Ringo
Kategory:Amerikaansk soldaat Kategory:Amerikaansk biolooch Kategory:Amerikaansk romanskriuwer Kategory:Amerikaansk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Amerikaansk science fiction-skriuwer Kategory:Amerikaansk fantasyskriuwer Kategory:Amerikaansk skriuwer fan militêre fiksje Kategory:Amerikaansk skriuwer fan politike skrillers Kategory:Amerikaansk publisist Kategory:Amerikaansk kommentator Kategory:Persoan berne yn 1963