thumb|right|250px|De opfeart nei Mitselwier stiet heaks op de Súd Ie, Jouswier op de eftergrûn (2000) thumb|right|250px|De Seisbierrumer Opfeart In opfeart is de beneaming foar in feart dy't min ofte mear heaks op in oare feart stiet. De namme komt benammen foar yn Grinslân en Fryslân. In opfeart wurdt ek wol skipsleat, skipfeart of brânsleat neamd. Dy nammen komme ek bûten de beide noardlike provinsjes foar.

Opfearten binne foaral oanlein om de fruchtbere terpgrûn of turf ferfiere te kinnen.

De namme 'brânsleat' ferwiist nei de oare reden om sa'n wetter oan te lizzen: de beskikking hawwe oer genôch bluswetter yn gefal fan brân.

In bulte fan dizze fearten hawwe harren funksje ferlern en binne no tichtsmiten.

In pear opfearten de Cambuurster Opfeart yn Ljouwert de Eagumer Opfeart by Eagum de Lekkumer Opfeart by Lekkum de Mantgummer Opfeart by Mantgum de Miedumer Opfeart by Miedum de Offenwierster Opfeart by Snits de East-Yndyske Opfeart yn Berltsum de Skipsleat fan de Tsjonger nei Wolvegea de Eelderskipsleat op it Hoornsediep by Eelde de Roderwolder Skipsleat en de Peizer Skipsleat, beide op it Peizerdiep by Roderwolde

Kategory:Histoaryske geografy Kategory:Kanaal Kategory:Oerflaktewetter