250px|Mei tastimming fan Classical Numismatic Group, Inc. (CNG) Tacitus200(?)-276 Foargonger:Aurelianus Keizer fan Rome275-276 Opfolger:Florianus Tijdvak Herstel Nammen berne: Marcus Claudius Tacitus koartsein: Tasitus Famylje Healbroer fan: Florianus
Tasitus (Latyn: Marcus Claudius Tacitus; om 200 - juny 276) wie Keizer fan Rome fan novimber (?) 275 oant juny 276.
Fan keizer Tasitus is net folle bekend útsein út de Historia Augusta, mar dizze boarne is net botte betrouber. It leger liet wierskynlik de kar fan in keizer oan de Senaat, mar dit earbiedwurdige lichem die gjin ferstannige kar. Rome hie ferlet fan in sterke militêr. Tasitus wie al frij âld en in rike senator. De Germanen holden hûs yn Galje. Hy fersloech al de Goaten dy't Lyts-Aazje ûnfeilich makken, mar dêrnei stoar hy. Wêroan is net bekend. Hy hie syn healbroer Florianus ta Prefect fan de Praetoriaanske Garde beneamd en dizze besocht him op te folgjen. Nei in koarte regearperioade fan Florianus, waard lykwols Probus úteinlik de nije keizer en it wie it leger dat besliste. De Senaat stie bûten spul.
Keppeling om utens , artikel oer Tasitus (275-276) yn DIR (2000), (Ingelsk)
Kategory:Romeinsk politikus Kategory:Keizer fan it Romeinske Ryk Kategory:Persoan berne yn 200 Kategory:Persoan stoarn yn 276