De Boersma Adema Stichting is in Fryske stifting, dy't oprjochte is ta it befoarderjen fan 'e Fryske kultuer, mei yn it bysûnder de klam op 'e Fryske taal. Dizze stifting is fêstige yn Ljouwert, oan 'e Nachtegealstrjitte 2. Lju dy't in bydrage leverje wolle oan kultuer yn Fryslân of oan 'e befoardering fan it brûken fan it Frysk kinne by de Boersma Adema Stichting (inkeld skriftlik) in fersyk ta finansjele stipe yntsjinje. De stifting is by de Keamer fan Keaphannel yn Ljouwert ynskreaun ûnder nûmer 58800069.

Kategory:Fryske kulturele organisaasje Kategory:Frysk Kategory:Kultuer yn Fryslân Kategory:Fryske stifting Kategory:Organisaasje yn Ljouwert Kategory:Organisaasje mei ûnbekend jier fan oprjochting Kategory:Organisaasje oprjochte yn de 20e iuw