De Stifting Kristlik Frysk Folksboek is in Fryske stifting, dy't oprjochte is ta it befoarderjen fan 'e kristlike Frysktalige literatuer. Dizze organisaasje is fêstige yn Burgum, oan 'e Tsjalling H. Haismastrjitte 26. De Stifting Kristlik Frysk Folksboek ferlient finansjele stipe oan útjeften dy't foldogge oan 'e kritearia fan syn wurkmêd. De stifting is by de Keamer fan Keaphannel yn Tytsjerksteradiel ynskreaun ûnder nûmer 41001444.
Kategory:Fryske kulturele organisaasje Kategory:Frysk Kategory:Fryske stifting Kategory:Frysktalige literatuer Kategory:Organisaasje mei ûnbekend jier fan oprjochting Kategory:Organisaasje oprjochte yn de 20e iuw Kategory:Burgum