De Stifting Frysk Akademyfûns is in Fryske stifting. Dizze organisaasje waard yn 1968 oprjochte om finansjele middels gear te bringen ta befoardering fan it ferrjochtsjen fan wittenskiplik wurk yn 'e provinsje Fryslân (grutdiels yn of oer it Frysk of de provinsjale streektalen). De Stifting Frysk Akademyfûns is nau ferbûn oan 'e Fryske Akademy, en is fêstige yn itselde gebou as de Akademy, te witten oan 'e Doelestrjitte 8 yn Ljouwert.
De organisaasje stribbet syn doelstelling nei troch de gearbrochte jilden út te kearen oan persoanen en ynstânsjes dy't har belêstge hawwe mei wittenskiplik wurk yn Fryslân. By de Stifting Frysk Akademyfûns binne inkele lytsere fûnsen ûnderbrocht, mei as bekendste it Pot-Cuperus Fûns.
Keppelings om utens Offisjele webside fan 'e Stifting Frysk Akademyfûns
Kategory:Fryske kulturele organisaasje Kategory:Frysk Kategory:Kultuer yn Fryslân Kategory:Fryske stifting Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1968 Kategory:Organisaasje yn Ljouwert