Omry († 869, 874 of 871 f.Kr.), wie tusken 876 en 869 f.Kr. (ek 885–874 f.Kr. of 882-878/871 f.Kr.) kening fan Israel. Syn regear duorre tolve jier.

Striid om de opfolging Neffens de Bibel wie Omry oarspronklik kommandant yn it leger fan kening Ela fan Israel. Nei't in dronken Ela nei twa jier keningsskip troch de legerkommandant Simry deaslein waard en it pak fan Ela as kening ynnaam,1 Keningen 16:18-14 rôp it folk Israel noch dyselde deis Omry út ta kening. Omry teach dêrnei mei gâns folk nei Tirsa om Simry ôf te setten. It slagge Simry net de stêd te ferdigenjen en dêrom stiek er it paleis yn 'e brân en makke er him sels fan kant.1 Keningen 16:15-20 Nei de dea fan Simry rekke it folk ferdield: it iene diel woe Tibny as kening, it oare diel Omry. De striid waar yn it foardiel fan Omry beslochte.1 Keningen 16:21-22

It regear fan Omry Omry waard kening fan Israel en hy regearre tolve jier. Seis jier bleau Omry residearjen yn 'e âlde haadstêd Tirsa. Dêrnei kocht kening Omry fan in sekere Sjêmer in berch en begûn dêr mei de bou fan 'e nije haadstêd Samaria, dy't sa better te ferdigenjen wie.

Yn 'e Bibel wurdt Omry as in wize kening beskreaun. Tagelyk wurdt syn religieus belied negatyf beöardiele: Omry die wat ferkeard wie yn 'e eagen fan 'e Heare, slimmer as alle oaren foar him.1 Keningen 16:25

Omry's hearskippij fan it keninkryk Israel wie stevich genôch om it ryk oan syn soan Achab nei te litten. Sa begûn in nije dynasty dy ek wol de dynasty fan de Omriden neamd wurdt. Syn neiteam regearre net allinnich oer it keninkryk Israel, mar ek foar in koart skoft oer it keninkryk Juda.

Omry wurdt yn teksten fan Moäbiten en ynskriften fan Assyrjers neamd, dy't Israel noch lang nei syn dea as it "Lân fan Omry" of it "Hûs fan Omry" beskriuwe.

Kategory:Persoan yn it Alde Testamint Kategory:Israelitysk persoan Kategory:Kening fan Israel Kategory:Persoan berne yn de 10e iuw f.Kr. Kategory:Persoan stoarn yn de 9e iuw f.Kr.