Cornelis Kramer (Rie, 16 septimber 1882 - Ljouwert, 11 juny 1955) wie privaatdosint Frânsk en learaar oan de skoalle foar talen fan de Fryske Akademy. Hy wie yn 1927 oan de Sorbonne promovearre op in stúdzje oer de achttjinde-iuwske skriuwer André Chenier.
Cornelis (Knilles) Kramer hold him neist de Frânske ek mei de Fryske literatuer dwaande. Sa gie er nei, hoe’t Gysbert Japicx Latynske en Frânske boarnen brûkte. Fierders fersoarge er de útjefte fan de lêste roman It Lân Forline fan Nyckle Haisma, mei wa’t er him neffens it neiwurd besibbe fielde yn de ferskuordens tusken twa thúslannen.
Wurk André Chénier et la poésie parnassienne. Leconte de Lisle (Paris 1925) Gysbert Japicx as oersetter en biwirker (Assen 1943) Artikels oer Frânske literatuer yn Neophilologus 30:145 (1946), 31:167 (1947), 36:206, 38:161.
Sjoch ek La tante Henriëtte et l'oncle Cornélis
Kategory:Frysk ûnderwizer Kategory:Frysk letterkundige Kategory:Frysk publisist Kategory:Persoan berne yn Rie Kategory:Persoan stoarn yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1892 Kategory:Persoan stoarn yn 1955