Tonnus Oosterhoff (Leien, 18 maart 1953) is in Nederlânsk dichter en skriuwer.
Libben en wurk Tonnus Oosterhoff waard yn Leien berne, mar wenne fierwei it grutste part fan syn libben ynn de provinsje Grinslân. Hy studearre Nederlânske taal- en letterkunde oan de Ryksuniversiteit Grins. Foardat er literêr wurk publisearre, skreau er anonym in stikmannich ferhalen foar it tydskrift Mijn Geheim. Yn syn letter ferskynde ferhalebondel Dans zonder vloer (2003) is ien dêrfan opnaam, oanfold mei in, op fersyk fan de redaksje, "net sa'n ûnrealistysk" lokkich ein.
Hy debutearre yn it literêr tydskrift yn boekfoarm Raster. Oosterhoff publisearre dichtbondels, ferhalebondels, in roman, in essaybondel, in toanielstik en harkspulen. Syn oeuvre wurdt skaaimerke troch in ûnderkuolle humor en ferriedt de oanstriid om himsels mei elts boek radikaal fernije te wollen. Yn 2001 sette er út ein mei in webside mei bewegende gedichten. Yn 2005 wie die gastskriuwer oan syn âlde universiteit yn Grins.
Yn maaie 2012 krige Oosterhoff de P.C. Hooft-priis foar syn, neffens de sjuery, "tige fernijende poëzij".
Oosterhoff wennet yn in buorsip yn East-Grinslân, dêr't er ek jierrenlang reservebrêgeman west hat.
Bibliografy Oosterhoff syn boeken wurde útjûn troch De Bezige Bij yn Amsterdam.
Boerentijger (1990) - gedichten Vogelzaken (1991) - ferhalen Denkbeeldige genietingen (1992) - harkspul KRO De ingeland (1993) - gedichten Het dikke hart (1994) - roman De vergroeiing (1995) - harkspul RVU Kan niet vernietigd worden (1996) - ferhalen (Robuuste tongwerken,) een stralend plenum (1997) - gedichten Wient maakt een kistje (1999) - toanielstik Ook de schapen dachten na (2000) - essays Wij zagen ons in een kleine groep mensen veranderen (2002) - gedichten Dans zonder vloer (2003) - ferhalen Hersenmutor. Gedichten 1990-2005 (2005) - samle gedichten Ware grootte (2008) - gedichten Handschreeuwkoor (2008) - Gent : Druksel - hânskreaune gedichten Leegte lacht (2011) - gedichten Hier drijft weg (2012) - samle gedichten Op de rok van het universum (2015) - roman Ja Nee (2017) - gedichten Een kreet is de ramp niet (2018) - essays
Prizen 1990 - C. Buddingh-priis foar Boerentijger 1994 - Herman Gorterpriis foar De ingeland 1995 - Multatulipriis foar Het dikke hart 1998 - Jan Campert-priis foar (Robuuste tongwerken,) een stralend plenum 2003 - VSB Poëzypriis foar Wij zagen ons in een kleine groep mensen veranderen 2010 - Guido Gezellepriis fan de stêd Brugge foar Ware grootte 2012 - P.C. Hooft-priis foar syn hiele poëtysk oeuvre 2019 - Tzumpriis foar de bêste literêre sin út 2018
Keppelings om utens Hiemside fan Tonnus Oosterhoff (deade link: opheft of noch net aktivearre)
Kategory:Nederlânsk dichter Kategory:Nederlânsk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Nederlânsk romanskriuwer Kategory:Nederlânsk essayist Kategory:Nederlânsk toanielskriuwer Kategory:Nederlânsk harkspulskriuwer Kategory:Grinslânsk persoan Kategory:Persoan berne yn 1953