Foarfallen maart of april - Yn Atene wurdt de trageedzje Oidipoes yn Kolonos, fan 'e toanielskriuwer Sofoklês, foar it earst opfierd ûnder de jierlikse toanielwedstryd op it Feest fan Dionysus. 3 septimber - Yn 'e Slach by Kûnaksa, yn Mesopotaamje, wurde de opstannelingen fan 'e Perzyske prins Syrus de Jongere ferslein troch it leger fan syn âldere broer, kening Artakserkses II. Syrus komt om en dêrmei rint syn opstân op 'e non. In grutte kloft Grykske hierlingen yn 'e tsjinst fan Syrus de Jongere, dy't harsels de Tsientûzen neame, sette útein mei in wapene weromtocht dwers troch it Perzyske Ryk hinne nei de kust fan 'e Swarte See. Under harren is Ksenofon, dy't de tocht letter legindarysk meitsje sil troch syn beskriuwing yn 'e Anabasis.

Berne

Ferstoarn 3 septimber - Kleärchus fan Sparta, Spartaansk generaal (* 450 f.Kr.) 3 septimber - Syrus de Jongere, Perzysk prins en opstanneling (* nei 424 f.Kr.)

Kategory:5e iuw f.Kr.