De echte hûnen (wittenskiplike namme: Canini) foarmje in tûke fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), it ûnderskift fan 'e hûndieren (Caniformia), it tuskenskift fan 'e echte hûndieren (Cynoidea), de famylje fan 'e hûneftigen (Canidae) en de ûnderfamylje fan 'e echte hûneftigen (Caninae). Dizze taksonomyske groep omfettet de hûnen, wolven, jakhalzen, prêrjewolven en in stikmannich oare, minder bekende bistesoarten.
Binnen de ûnderfamylje fan 'e echte hûneftigen, dy't opboud is út trije tûken, ûnderskiede de echte hûnen har fan 'e echte foksen (Vulpini) en de grize foksen (Urocyonini) troch in breder ferskaat oan lichemsgrutte, in minder spitse snút en minder grutte earen. Echte hûnen binne lânseigen op alle wrâlddielen mei útsûndering fan Antarktika. Ien lid fan dizze tûke, de hûn, eins in ûndersoarte fan 'e grize wolf, is lang lyn al troch de minske domestisearre, en is hjoed de dei ien fan 'e meast holden húsdieren.
Tûke-opbou
tûke echte hûnen (Canini) ûndertûke Súdamerikaanske hûneftigen (Cerdocyonina) skaai boskhûnen (Speothos) boskhûn (Speothos venaticus) Speothos pacivorus † skaai koartearfoksen (Atelocynus) koartearfoks (Atelocynus microtis) skaai krabbefrettende foksen of savannefoksen (Cerdocyon) Cerdocyon avius † Cerdocyon ensenadensis † krabbefrettende foks of savannefoks (Cerdocyon thous) skaai moannewolven of moanjeswolven (Chrysocyon) moannewolf of moanjeswolf (Chrysocyon brachyurus) skaai Nurocyon † skaai Protocyon † skaai Súdamerikaanske foksen (Lycalopex) Andesfoks (Lycalopex culpaeus) Brazyljaanske fjildfoks (Lycalopex vetulus) darwinfoks of Darwins foks (Lycalopex fulvipes) pampafoks (Lycalopex gymnocercus) Patagoanyske foks (Lycalopex griseus) Perûviaanske woastynfoks (Lycalopex sechurae) skaai Theriodictis † skaai warrah's (Dusicyon) † Dusicyon cultridens † Falklânwolf, Falklânfoks of warrah (Dusicyon australis) † Patagoanyske warrah (Dusicyon avus) † ûndertûke wolfeftigen (Canina) skaai Afrikaanske jakhalzen (Lupulella) sealjakhals (Lupulella mesomelas) streekte jakhals (Lupulella adusta) skaai Aziatyske wylde hûnen (Cuon) Aziatyske wylde hûn, reade hûn of dhole (Cuon alpinus) skaai Eucyon † skaai hyenahûnen of Afrikaanske wylde hûnen (Lycaon) hyenahûn, Afrikaanske wylde hûn of Kaapske jachthûn (Lycaon pictus) Lycaon sekowei † skaai hûnen (Canis) Abessynske wolf of Etiopyske wolf (Canis simensis) Afrikaanske goudwolf (Canis lupaster of Canis anthus) armbrusterwolf of Armbrusters wolf (Canis armbrusteri) † Arnowolf (Canis arnensis) † Canis antonii † Canis chihliensis † Canis falconeri † Canis palmidens † Canis variabilis † Cedazowolf (Canis cedazoensis) † edwardwolf of Edwards wolf (Canis edwardii) † Etruskyske wolf (Canis etruscus) † goudjakhals, gewoane jakhals of goudwolf (Canis aureus) grize wolf (Canis lupus) dingo (Canis lupus dingo) hûn (Canis lupus familiaris) Mosbachwolf (Canis mosbachensis) † prêrjewolf of coyote (Canis latrans) reade wolf (Canis rufus) skaai Mececyon † skaai Megacyon † skaai oerhûnen (Eucyon) † woeste wolf (Eucyon ferox) † skaai reuzewolven (Aenocyon) † reuzewolf (Aenocyon dirus) † skaai Sardyske wylde hûnen of Sardyske dholes (Cynotherium) † Sardyske wylde hûn of Sardyske dhole (Cynotherium sardous) † skaai Xenocyon †
Kategory:Hûneftige