Schwerin (Nedersaksysk: Swerin) is de haadstêd fan de Noard-Dútske dielsteat Meklenburch-Foarpommeren.
Schwerin waard foar it earst neamd yn 1018 en krige stedsrjochten yn 1160 en is dêrmei de âlste stêd fan de dielsteat. It plak is bekend fan syn romantysk paleis op in eilantsje yn de Schwerinmar. De âlde binnenstêd is foar it grutste part goed bewarre bleaun, meidat dy mar in bytsje skea oprûn yn de Twadde Wrâldoarloch.
Berne yn Schwerin 1873: Adolf Frederik fan Mecklenburg, koloniaal politikus en reizger 1876: Hendrik fan Mecklenburg, man fan keninginne Wilhelmina 1886: Cecilie fan Mecklenburg-Schwerin 1912: Ludwig Bölkow, loftfeartpionier
Sjoch ek Domtsjerke fan Schwerin
Kategory:Schwerin Kategory:Plak yn Meklenburch-Foarpommeren Kategory:Gemeente yn Meklenburch-Foarpommeren