Medina (Arabysk: al Madīnah al Munawwarah المدينة المنورة, 'de Ljochtsjende stêd') is in stêd yn Saûdy-Araabje, sa'n 320 km benoarden Mekka; it is de twads hillichste stêd fan de Islam. De Moskee fan de Profeet yn Medina is part fan de hadzj, de islamityske beafeart. Medina is ien fan de twa stêden dêr't Mohammed صلى الله عليه و سلم; 'dat Gods segen en frede mei him wêze mei' de Koran fan Allah ûntfong. Mei de flecht fan Mohammed út Mekka yn 622 begjint de islamityske kalinder. Yn 632 stjert Mohammed yn Medina en soe beïerdige wêze yn de Moskee fan de Profeet dêre. De stêd is fanâlds sletten foar net-moslims.Yn foar-islamityske tiden hjitte de stêd Yathrib.
Namme 'Medina' betsjut stêd yn it Arabysk. In protte Arabyske stêden hawwe hjoed de dei noch in, faak bemuorre, âld stedsdiel, dat de 'medina' neamd wurdt.
Underwiis Medina hat twa universiteiten: de yn 1961 stichte Islamityske Universiteit Medina en de Taibah-Universiteit, dy't yn 2003–2004 stichte waard.
Keppeling
Kategory:Plak yn Saûdy-Araabje
Kategory:Islamitysk hillich plak Kategory:Islamitysk beafeartsplak Kategory:Islam yn Saûdy-Araabje Kategory:Plak stifte yn de 6e iuw f.Kr.