Ytzen van der Veen (Stynsgea, 11 oktober 1861 - Grins, 23 april 1931), ek wol Y. van der Veen yn de boeken, wie in Nederlânsk arsjitekt fan Frysk komôf.
Van der Veen, soan fan in timmerman, wie fral warber yn de stêd Grins. Yn 'e mande mei syn kollega Tjeerd Kuipers (1857-1942) ûntwurp er de Sudertsjerke (1901) oan de Stasjonsstrjitte. Beide mannen arbeiden ek op oan de synagoge (1906) yn de Folkingestrjitte yn Grins. Beide pânen binne no ryksmonumint. Itselde jildt foar in yn 1909 yn Grins boud hearehûs, dat troch Van der Veen ûntwurpen waard. Nei alle wierskyn is de grifformearde tsjerke fan Zuidwolde ek troch him tekene.
Wurken (in kar) 1900-1901: Sudertsjerke, Grins (mei T. Kuipers) 1905: Grifformearde tsjerke, SpykStenvert, Ronald [et.al.] (1998) Grins. Monumenten in Nederland, diel 4. Zeist: Rijksdienst voor de Monumentenzorg / Swol: Waanders. ISBN 90 400 9258 3. s. 196 1906: Synagoge, Grins (mei T. Kuipers) GroningerArchieven.nl, Hofmans Vertellingen - 100 jaar synagoge: Groningen had meerdere synagogen 1908: Grifformaerde tsjerke, Zuidwolde 1909: Hearehûs oan de Kraneweg, Grins 1911: Grifformearde tsjerke (frijmakke), Schildwolde HDC, Inventarisatie Kerkelijke Gebouwen in Nederland - VUA S _tcm99-143612.pdf (Haadwei 34, Schildwolde)
Sjoch ek List fan Nederlânske arsjitekten
Keppeling om utens Folsleine list fan syn wurk
Kategory:Frysk arsjitekt Kategory:Nederlânsk arsjitekt Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Stynsgea Kategory:Persoan berne yn 1861 Kategory:Persoan stoarn yn 1931