De hûneftigen (wittenskiplike namme: Canidae) foarmje in famylje fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), it ûnderskift fan 'e hûndieren (Caniformia) en it tuskenskift fan 'e echte hûndieren (Cynoidea). Dizze taksonomyske groep omfettet de hûn, wolf, foks, jakhals, prêrjewolf en in grut tal oare, minder bekende bistesoarten. De hûneftigen kinne ûnderferdield wurde yn 'e libbene ûnderfamylje fan 'e echte hûneftigen (Caninae) en de útstoarne ûnderfamyljes fan 'e Borophaginae en de Hesperocyoninae. De echte hûneftigen wurde fierder opspjalten yn 'e tûken fan 'e echte hûnen (Canini), de echte foksen (Vulpini) en de grize foksen (Urocyonini).
Taksonomyske skiednis en fersprieding De hûneftigen hawwe in lange skiednis, dy't weromgiet oant it Eoseen, sa'n 50 miljoen jier lyn, doe't de rôfdieren (Carnivora) har opspjalten yn 'e hûndieren (Caniformia) en de katdieren (Feliformia). De earste wiere hûneftigen ûntjoegen har ûnder it Oligoseen, sa'n tsien miljoen jier letter. Tsjin dy tiid wie ek de skieding tusken de echte hûneftigen, de Borophaginae en de Hesperocyoninae ta stân kommen. Hûneftigen binne lânseigen op alle wrâlddielen, mei útsûndering fan Antarktika.
Lichaamlike eigenskippen Hûneftigen fariëarje yn grutte fan 'e grize wolf, dy't 2 m lang wêze kin, oant de fennek, in Afrikaanske foksesoart, fan mar 24 sm lang. Lichaamlik wurde se karakterisearre troch in lange, foarútstykjende snút, rjochtopsteande earen dy't likernôch boppe-op 'e kop pleatst binne, tosken dy't har ûntjûn hawwe foar it brekken fan bonken en it snijen fan fleis, en in plommige sturt. Mei harren relatyf lange skonken en grutte úthâldingsfermogen binne se treflik oanpast oan 'e jacht op proaidieren op 'e iepen flakten. De measte hûneftigen hawwe fiif teannen oan 'e foarpoaten en fjouwer oan 'e efterpoaten. Harren klauwen kinne, oars as by kateftigen, net ynlutsen wurde. De mantsjes beskikke oer in útskobere penisbonke.
Hâlden en dragen Oer it algemien binne hûneftigen sosjale bisten, dy't gearlibje yn famyljetroepen of yn lytse ridels fan ûnderling net drekt besibbe eksimplaren. Hja wurkje almeast gear by de jacht, it grutbringen fan 'e jongen en oare aktiviteiten, en kommunisearje mei-inoar troch it ôfsetten fan geursynjalen en mei fokalisaasjes lykas spûkgûlen. Ien hûneftige, de hûn, eins in ûndersoarte fan 'e grize wolf, is lang lyn al troch de minske domestisearre, en is hjoed de dei ien fan 'e meast foarkommende húsdieren.
Famylje-opbou
famylje hûneftigen (Canidae) ûnderfamylje oerhûneftigen (Hesperocyoninae) † skaai Caedocyon † skaai Cynodesmus † skaai Ectopocynus † skaai Enhydrocyon † skaai Hesperocyon † skaai Mesocyon † skaai Osbornodon † skaai Paraenhydrocyon † skaai Philotrox † skaai Prohesperocyon † skaai Sunkahetanka † ûnderfamylje bienkreakers (Borophaginae) † skaai Archaeocyon † skaai Otarocyon † skaai Oxetocyon † skaai Rhizocyon † tûke Phlaocyonini † skaai Cynarctoides † skaai Phlaocyon † tûke Borophagini † skaai Cormocyon † skaai Desmocyon † skaai Eulopocyon † skaai Metatomarctus † skaai Microtomarctus † skaai Protomarctus † skaai Psalidocyon † skaai Tephrocyon † ûndertûke Aelurodontina † skaai Aelurodon † skaai Tomarctus † ûndertûke Borophagina † skaai Borophagus † skaai Carpocyon † skaai Epicyon † skaai Paratomarctus † skaai Protepicyon † ûndertûke Cynarctina † skaai Cynarctus † skaai Paracynarctus † ûnderfamylje echte hûneftigen (Caninae) incertae sedis (yndieling ûnwis) skaai Leptocyon † tûke echte foksen (Vulpini) skaai foksen (Vulpes) Afgaanske foks (Vulpes cana) Bingaalske foks (Vulpes bengalensis) feale foks (Vulpes pallida) fennek of woastynfoks (Vulpes zerda) foks of reade foks (Vulpes vulpes) grutearkitfoks (Vulpes macrotis) Kaapske foks (Vulpes chama) kitfoks (Vulpes velox) poalfoks (Vulpes lagopus) sânfoks (Vulpes rueppellii) steppefoks (Vulpes corsac) Tibetaanske sânfoks (Vulpes ferrilata) skaai grutearfoksen (Otocyon) grutearfoks (Otocyon megalotis) skaai Prototocyon † skaai waskbearhûnen (Nyctereutes) Japanske waskbearhûn (Nyctereutes viverrinus) waskbearhûn of gewoane waskbearhûn (Nyctereutes procyonoides) tûke echte hûnen (Canini) ûndertûke Súdamerikaanske hûneftigen (Cerdocyonina) skaai boskhûnen (Speothos) boskhûn (Speothos venaticus) skaai koartearfoksen (Atelocynus) koartearfoks (Atelocynus microtis) skaai krabbefrettende foksen of savannefoksen (Cerdocyon) krabbefrettende foks of savannefoks (Cerdocyon thous) skaai moannewolven of moanjeswolven (Chrysocyon) moannewolf of moanjeswolf (Chrysocyon brachyurus) skaai Nurocyon † skaai Protocyon † skaai Súdamerikaanske foksen (Lycalopex) Andesfoks (Lycalopex culpaeus) Brazyljaanske fjildfoks (Lycalopex vetulus) darwinfoks of Darwins foks (Lycalopex fulvipes) pampafoks (Lycalopex gymnocercus) Patagoanyske foks (Lycalopex griseus) Perûviaanske woastynfoks (Lycalopex sechurae) skaai Theriodictis † skaai warrah's (Dusicyon) † Falklânwolf, Falklânfoks of warrah (Dusicyon australis) † Patagoanyske warrah (Dusicyon avus) † ûndertûke wolfeftigen (Canina) skaai Afrikaanske jakhalzen (Lupulella) sealjakhals (Lupulella mesomelas) streekte jakhals (Lupulella adusta) skaai Aziatyske wylde hûnen (Cuon) Aziatyske wylde hûn, reade hûn of dhole (Cuon alpinus) skaai hyenahûnen of Afrikaanske wylde hûnen (Lycaon) hyenahûn, Afrikaanske wylde hûn of Kaapske jachthûn (Lycaon pictus) skaai hûnen (Canis) Abessynske wolf of Etiopyske wolf (Canis simensis) Afrikaanske goudwolf (Canis lupaster of Canis anthus) armbrusterwolf of Armbrusters wolf (Canis armbrusteri) † Arnowolf (Canis arnensis) † Cedazowolf (Canis cedazoensis) † edwardwolf of Edwards wolf (Canis edwardii) † Etruskyske wolf (Canis etruscus) † goudjakhals, gewoane jakhals of goudwolf (Canis aureus) grize wolf (Canis lupus) dingo (Canis lupus dingo) hûn (Canis lupus familiaris) Mosbachwolf (Canis mosbachensis) † prêrjewolf of coyote (Canis latrans) reade wolf (Canis rufus) skaai Mececyon † skaai Megacyon † skaai oerhûnen (Eucyon) † Hottentothûn (Eucyon khoikhoi) † woeste wolf (Eucyon ferox) † skaai reuzewolven (Aenocyon) † reuzewolf (Aenocyon dirus) † skaai Sardynske wylde hûnen of Sardyske dholes (Cynotherium) † Sardynske wylde hûn of Sardynske dhole (Cynotherium sardous) † skaai Xenocyon † tûke grize foksen (Urocyonini) skaai grize foksen (Urocyon) Cozumelfoks (Urocyon ?; noch net beskreaun) eilânfoks (Urocyon littoralis) grize foks (Urocyon cinereoargenteus)
Kategory:Rôfdier (skift) Kategory:Sûchdierefamylje