De Marienkirche yn 'e Dútske hânzestêd Lübeck (offisjeel: St. Marien zu Lübeck; Frysk: Marijetsjerke) waard tusken 1277 oant 1351 boud. It waard in symboal fan 'e macht en wolstân fan 'e âlde hanzestêd en stiet op it heechste plak fan 'e âlde binnenstêd. De Marienkirche makket diel út fan it UNESCO-wrâlderfskip fan 'e histoaryske binnenstêd en de bou fan 'e tsjerke stiet oan 'e widze fan 'e saneamde bakstiengotyk. It is ien fan 'e moaiste tsjerken yn it Eastsee-gebiet.
Omskriuwing en ôfmjittings thumb|left|Plattegrûnplan fan 'e tsjerke (it grize part is it grûnplan fan 'e romaanske foargonger). De nije boustyl fan 'e Marienkirche stie model foar tal fan oare tsjerken yn it Eastsee-gebiet, lykas yn Stralsund en Wismar. Mei de tsjerke krige de gotyk út Frankryk in eigen karakteristike Noard-Dútske fariant. It ferwulft fan 'e tsjerke is it heechste bakstiennen ferwulft fan 'e wrâld (38,5 meter yn it middenskip).
De tsjerke is as in trijeskippige basilyk boud mei ynboude kapellen, in koaromgong, in kapellekrâns en dwersskipeftige foarhallen. It westwurk fan 'e tsjerke wurdt foarme troch in gevel mei dûbele tuorren. Mei de wjerhoannen binne de tuorren 124,95 en 124,75 meter heech.
Om't de tsjerke de wichtigste parochytsjerke fan 'e ried en de boargers fan 'e stêd wie, waard hja tichteby it riedshûs en de merk boud.
Skiednis Mei it ferhûzjen fan it bisdom fan Oldenburg nei Lübeck yn 1150 troch Hindrik de Liuw waard yn Lübeck in domkapittel en in houten tsjerke oprjochte. Dizze houten tsjerke waard om 1173 hinne troch in romaanske bakstiennen tsjerke ferfongen. Fan dizze tsjerke binne noch romaanske bylden fan it ynterieur bewarre bleaun, dy't hjoeddedei yn it St.-Annen-Museum toant wurde. thumb|left|Ynterieur. De romaanske tsjerke foldie lykwols net mear oan 'e easken fan 'e opkommende en selsbewuste boargerij en dus liet de stêd in nije tsjerke bouwe, dy't de romaanske biskopstsjerke fier te boppe gyng. It ambisjeuze projekt yn 'e sûnt 1226 frije ryksstêd waard ynjûn troch de minne relaasje fan 'e stêd mei de biskoppen fan it bisdom. It wie dus saak om de âlde domtsjerke fan Hindrik de Liuw yn alles te oertreffen en dat die hja: de tsjerke waard grutter as de romaanske domtsjerke en nea earder waard in bakstiennen tsjerke boud, dy't sa heech wie en ek nochris mei in stiennen ferwulft waard foarsjoen.
Om 1310 hinne waard eastlik fan 'e súdlike toer de saneamde Briefkapelle boud. It wie tagelyk in foarhal en kapel en foarme mei it portaal in twadde haadyngong fan 'e tsjerke. De namme datearret fan nei de reformaasje, doe't hjir skriuwers harren wurkromte krigen. De kapel (12 meter lang, 8 meter djip en 12 meter heech) krige in stjerferwulft en wurdt sjoen as in masterwurk fan 'e heechgotyk. Fan jannewaris oant maart tsjinnet dizze kapel hjoed-de-dei as wintertsjerke.
Oan 'e súdeasthoeke fan 'e koaromgong boude de stedsried yn 1390 in eigen kapel: de Bürgermeisterkapelle. De muorren binnen ôfwikseljend mei glazuere en net-glazuere stiennen boud. Hjir waard foar in nije ambtsperioade de nij keazen ried beëdige. Op 'e boppeferdjipping fan 'e kapel is in romte wêr't wichtige dokuminten lykas oarkunden en ferdragen bewarre waarden. Dit diel is ek hjoeddedei noch yn it besit fan de sted.
De lêste goatyske útwreiding fan 'e tsjerke fûn plak yn 1444 mei de bou fan in kapel mei in 5/8 ôfsluting oan 'e eastlike kant fan 'e koaromgong. Yn dizze kapel waarden alle dagen op fêste tiden gebeden as part fan 'e Marijeferearing songen en krige dêrom de namme Marientidenkapelle of Sängerkapelle.
De Marienkirche telt meiïnoar njoggen gruttere sydkapellen en nochris tsien lytsere, dy't yn 'e regel nei de Lübecker riedsfamyljes ferneamd waarden dy't de kapellen brûkten en finansierden.
Ferneatiging en restauraasje thumb|left|Ynterieur Marijetsjerke foar de bombardeminten. By in loftoanfal op 28-29 maart 1942, yn 'e nacht fan Palmpeaske, waard de tsjerke hast folslein ferwoastge troch brân. Mei de Marienkirche gyng ek in fyfte part fan it sintrum fan 'e stêd (wêrûnder ek de domtsjerke en de St. Petrikirche) ûnder. Tal fan keunstwurken gyngen foar ivich ferlern. Hjirûnder it ferneamde Totentanz-oargel, in instrumint dat ea bespile wie troch Dieterich Buxtehude en mûlk ek Johann Sebastian Bach. Oare keunstwurken dy't troch it fjoer fertard waarden, wiene de "Mis fan Sint-Gregoarius" fan Bernt Notke, de "Lübecker Deadedûns" (oarsponklik fan Bernt Notke mar yn 1701 ferfongen troch in kopy), de houten bylden fan it doksaal, in alterstuk fan Jacob fan Utrecht (earder ek taskreaun oan Bernard fan Orley) en it skilderij "Yntocht fan Kristus yn Jeruzalim" fan Friedrich Overbeck. Fan 'e bylden fan 'e houtfiker Benedikt Dreyer ferbaarnden de hilligebylden oan 'e westlike kant fan it doksaal, de oargelbylden fan it grutte oargel út 1516-1518 en de "Man mei it Telramt". Fieders gyngen sûnt 1840 yn 'e Marienkirche ynboude midsiuwske ramen ferlern, dy't oarspronklik út de yn 1819 ôfbrutsen Maria-Magdalenen-Kirche ôfkomstich wiene. Hoe ryk it ynterieur fan 'e tsjerke wie yn 'e foaroarlochse tiid is hjoed-de-dei allinnich noch te sjen op âlde ôfbylden fan bygelyks de fotograaf Wilhelm Castelli. thumb|260px|It ferwoastge Lübeck mei op 'e eftergrûn de Marienkirche. Noch yn 'e oarloch waarden de tsjerke wer fan in needdak foarsjoen en it ferwulft fan it koar yn oarder makke. De echte weropbou begûn lykwols yn 1947 en waard tolve jier letter foar it grutste part ôfsletten. De draachkonstruksje fan it dak en de spitsen fan 'e beide tuorren waarden net mear fan hout mar fan minder brânber materiaal boud. Yn 1951 koe yn 'e tsjerke al wer it 700-jierrich bestean fierd wurde. Bûnskânsler Konrad Adenauer skonk yn dit ramt in nije klok en yn 'e súdlike toer waard in kapel ta oantinken fan 'e oarloch mei dêryn de brokstikken fan 'e delstoartte klokken ynwijd. Hjir is ek in raam mei de nammen fan 'e gruttere stêden fan 'e eastlike gebieten set, dy't nei de kriich foar Dútslân ferlern gyngen. Yn tal fan troch de kriich ferwoastge tsjerken hinget it saneamde "spikerkrús" en ek de Marienkirche heart fanwegen de ferwoastgingen by dy mienskip fan tsjerken.
Ofbylden fan ferneatige keunstwurken
Oer de wize hoe't it nije ynterieur fan 'e tsjerke stâl jûn wurde moast, is in lange diskusje fierd. Uteinliks waard nei in wedstriid it ûntwerp fan Denis Boniver gruttendiels oernommen. Yn 'e jierren 1958-1959 waarden de wurksumheden útfierd en dêrby waarden de kalkstiennen grêfsarken yn ferbân mei de oanlis fan flierferwaarming út de flier helle en foar it ferheegjen fan 'e koarromte brûkt. De noardlike oerbliuwsels fan 'e stiennen ûnderbou fan it doksaal waarden ôfbrutsen. Tusken it koar en de koaromgong waard in trije meter hege wytkalke muorre oplutsen en it swier skeinde, 18 meter hege barokke Fredenhagen-alter waard ôfbrutsen om plak te meisjen foar in ienfâldige kalkstiennen altertafel mei dêr boppe in grut brûnzen krúsbyld. De krúsigingsgroep fan it Fredenhagen-alter krige in nij plak yn 'e koaromgong. Op 20 septimber 1959 waard it nije koar ynwijd.
Tusken de beide tuorren waard in skatkeamer ynrjochte foar de út de Marienkirche fan Danzig ôfkomstige tsjerkeskat. Dizze tsjerkeskat krige yn 1993 in plak yn it St.-Annenmuseum. Boppe de skatkeamer waard in grutte oargelgalerij ynrjochte. It oargel sels waard net earder as yn 1968 ynboud.
Oan 'e hân fan âlde ôfbylden en tekeningen waard yn 1980 de 30 meter hege dakruter wer rekonstruearre.
Fresko's Troch de hjittens fan 'e brân yn 1942 sprongen oeral yn 'e tsjerke stúklagen fuort. Dêrmei kamen op in soad plakken midsiuwske beskilderingen bleat te lizzen. Noch yn 'e oarloch waarden se foar in grut part dokumintearre.
Yn 1948 waard troch Dietrich Fey útein set mei de restauraasje fan 'e goatyske fresko's. Hjirby wurke hy tegearre mei de Lübecker skilder Lothar Malskat, dy't al rillegau foar it grutste keunstferfalskersskandaal nei de Twadde Wrâldkriich soargje soe. Om't boppe yn it koar midsiuwske fresko's ûntbrieken, brocht Fey Malskat hjir neffens eigen ûntwerp fresko's yn 14e-iuwske styl fan hilligen oan. Saakkundigen bekritisearren syn wurk al yn 1951, mar earst yn 1952 bekende Malskat syn bedroch. Hjirfoar waarden Fey en Malskat beide yn 1954 troch it rjocht feroardiele ta finzenisstraffen. Efkes letter waarden de falske fresko's yn opdracht fan 'e biskop wer weiwosken.
De foarstelling fan 'e Ferkundiging mei in ingel tusken twa pylders, dy't heech oan 'e noardlike muorre fan it tsjerkeskip is oanbrocht en yn 1951 as motyf foar postsegels brûkt waard, is net in kreaasje fan Malskat lykas dat fakentiden skreaun wurdt. Dizze foarstelling is in echt fresko út de 14e iuw en waard al yn 1944 oan 'e hân fan foto's dokumintearre.
Lothar Malskat krige mei de roman "Die Rättin" fan Günter Grass ek in plakje yn 'e literatuer.
Ynterieur thumb|260pxl|Doopfont thumb|260px|Ynterieur thumb|260px|Antwerper retabel thumb|260px|Friedrich Overbeck's 'Beskrieming fan Kristus' De tsjerke waard ryklik mei jeften fan 'e stedsried, de gilden en foaroansteande famyljes begeunstige en oan 'e ein fan 'e midsiuwen telde de tsjerke 38 alters. Fan 'e âlde keunstwurken bleaune bewarre:
In út brûns getten doopfont út 1337. De saneamde Darsow-Madonna út 1420, ferneamd nei de famylje Darsow dy't it byld oan 'e tsjerke skonk. Yn 1942 waard it byld swier skeind en út hûnderten stikjes wer gearstald en restaurearre. It byld krige yn 1989 it plak werom yn 'e tsjerke. Oan 'e noardlike muorre fan it koar is in 9,5 meter hege sakramintstoer út 1479. In fleugelalter fan Christian Swarte (1495), tsjintwurdich efter it haadalter. Yn 'e Gebetskapelle (noardlike koaromgong) in brûnzen grêfplaat fan Bernt Notke foar de famylje Hutterock (1505). Fan it yn 1942 ferwoastge doksaal bleaune allinnich in bôge en in tal stienen bylden oer (Elisabeth mei Jehannes de Doper, Sint-Anne, de ingel Gabriël en Marije (Ferkundiging), Sint-Jehannes en Sint-Dorotéa). Yn 'e koaromgong binne sânstiennen reliëfs út 1515 te sjen mei foarstellings út de lijensskiednis fan Kristus. Yn 'e list om it Lêste Nachtmiel is in mûs te sjen, dy't oan in tûke fan in roas gnabbet. It sechje is dat dyjinge dy't de mûs oanrekket nea werom komme sil yn Lübeck, of, ôfhinklik fan 'e ferzy, in soad lok hawwe sil. Yn 'e Marientidenkapelle steane de resten fan 'e oarspronklike banken en it Antwerper Alter. Ut 1505 stamt it houten Sint-Jehannesbyld fan Henning van der Heyde. It stiennen Antoniusbyld datearret fan 1457 en waard skonken troch de riedshear Hermann Sundesbeke, dy't ek lid wie fan 'e Antonius-bruorskip. Yn 'e Bürgermeisterkapelle fan 'e súdlike koaromgong bleaune dielen fan it oarspronklike goatyske stuoltme bewarre. Fan 'e Nazarener skilder Friedrich Overbeck hinget ien fan syn wichtigste wurken yn 'e Gebetskapelle (noardlike koaromgong). It stelt it beskriemen fan Kristus foar. De koarhekken binnen rekonstruksjes út resintere tiden. Yn 1959 waard de koarromte mei muorren fan 'e omgong ôfsletten, dy't yn 'e jierren 1990 wer ôfbrutsen waarden. De messing ûnderdielen binne foar it measte noch oarspronklik, wylst de houten dielen yn 1942 folslein ferlern gyngen en rekonstruearre wurde moasten.
Antwerper retabel It Antwerper retabel yn 'e Marientidenkapelle waard yn 1518 boud en yn 1522 troch de keapman Johann Bone foar de kapel skonken. It retabel ferhuze regelmjittich fan plak. Yn 'e Twadde Wrâldkriich stie it yn 'e Briefkapelle en sa kaam it retabel ûnskansearre de oarloch troch. Op 26 skildere en fan hout sniene foarstellings wurdt it libben fan 'e hillige Maagd Marije toant.
Foar 1869 waarden de fleugels fan 'e predella mei legindes fan 'e persoanen út de stambeam fan Kristus ferwidere, yn stikken sage en ferkocht. Fjouwer dielen binne tsjintwurdich te finen yn it St. Annen-Museum, oare dielen kamen yn 'e Staatsgalerie Stuttgart en yn in partikuliere samling yn Stockholm telâne.
Grêfmonuminten