De Dom fan Lübeck (Dútsk: Lübecker Dom) wie de earste grutte bakstiennen tsjerke dy't boud waard oan 'e Eastsee en heart mei in lingte fan 130 meter ta de langste bakstiennen tsjerken. Yn it jier 1186 waard de tsjerke ta katedraal wijd. Krekt as de domtsjerke fan Braunschweig draacht de dom fan Lübeck it patrosinium fan 'e hilligen Jehannes de Doper en Blasius. Dêrnjonken binne ek Marije en Nikolaas patroanhilligen fan 'e tsjerke .
Skiednis thumb|left|Model romaanske dom fan 1200. Nei't de biskopssit fan Oldenburg nei Lübeck ferhûze, liet Hindrik de Liuw sûnt it jier 1173 de tsjerke as katedraal fan it nije bisdom Lübeck bouwe. De tsjerke waard as katedraal oan Jehannes de Doper en as parochytsjerke oan 'e hillige Nikolaas wijd. Omtrint 1230 kaam de bou ree en fan 1266 oant 1335 folge de ferbou ta in goatyske halletsjerke, wêrby't de sydskippen op 'e hichte fan it middenskip brocht waarden. Ek yn it midden fan 'e 14e iuw fûn ûnder biskop Hindrik II Bochholt (1317–1341) de ferlinging fan it eastlike goatyske koar plak. De biskop sels waard letter yn it midden fan it koar byset ûnder in opfallende messing grêfsark, dy't getten waard troch Hans Apengeter. Mei dizze ferlinging waard de lingte fan 'e katedraal ferdûbele. De romaanske apsis waard nei it reekommen fan it goatyske koar oant op 'e fûneminten ôfbrutsen. It ûnderskie tusken de beide boufazen is foar elkenien dúdlik ôf te lêzen: it âldere boudiel wurdt troch swiere, rjochthoekige pylders droegen, it jongere goatyske koar troch slanke, rûne pylders.
Oant de reformaasje wie de it domkapittel hearrich oan 'e roomske biskop. Nei de reformaasje wie de domtsjerke oant 1803 eigendom fan 'e stêd en it domkapittel. Mei de sekularisaasje waard it kapittel opheft en kaam de tsjerke foar 100% yn hannen fan 'e stêd. De kapittelgebouwen fan 'e dom krigen ein 19e iuw de funksje fan museum. Fan 1897 oant 1919 wie de domtsjerke de tsjerke fan it yn Lübeck stasjonearde garnizoen.
Stoarm en floed hawwe de dom yn 'e rin fan 'e iuwen faak skansearre. Yn 1611 moast de noardlike spits fan 'e toer ferfongen wurde en om 1766 hinne waarden de lytsere sydtuorren ôfbrutsen.
Palmpeaske 1942 thumb|left|De baarnende domtsjerke nei de bombardeminten op Palmpeaske. Nei de swiere bombardeminten op 'e stêd yn 'e nacht fan 28 nei 29 maart 1942, wêrby't in fyfte fan 'e histoaryske binnenstêd ferwoastge waard en meardere bommen yn 'e buert fan 'e tsjerke ynsloegen, stoarte it eastlike ferwulft fan it heechkoar yn en gyng it heechalter út 1696 ferlern. De brân fan it dommuseum sloech oer nei it dak fan 'e domtsjerke. Tsjin de middei fan Palmpeaske stoarten de beide spitsen del en it Walcker-oargel út 1893 efter de oargelkas fan Arp Schnitger út 1699 baarnde finaal ôf. Der koene lykwols grutte dielen fan it ynterieur feilich steld wurde. Hjirûnder it triomfkrús en hast alle midsiuwske fleugelalters. Troch de kriichsskea stoarte yn 1946 ek de gevel fan it noardlik dwersskip yn. Hjirtroch waard ek de foarhal folslein troch it delfallende pún ferneatige.
De midsiuwske kleastergong op 'e súdlike kant fan 'e tsjerke grinzget oan it Museum für Natur und Umwelt en it argyf fan 'e hanzestêd Lübeck.
Weropbou De weropbou duorre desennialang, om't it omtinken earst nei de weropbou fan 'e Lübecker Marienkirche gyng. It begjin waard makke mei de weropbou fan 'e tuorren en it westlike diel fan 'e tsjerke. Dêrnei folge it eastlike koar en lang om let de foarhal oan 'e noardlike kant fan 'e domtsjerke. De weropbou waard pas yn 1982 ôfsletten.
Ynterieur De domtsjerke hie en hat fan alle tsjerken yn Lübeck op 'e Marienkirche nei it rykste ynterieur. thumb|260px|De nije doopkapel mei op 'e eftergrûn in diel fan 'e goatyske koarbanken thumb|260px|Focke-Kapelle thumb|260px|Gusmann-Kapelle It 17 meter hege triomfkrús is in wurk fan 'e keunstner Bernt Notke en waard yn opdracht fan biskop Albert II Krummendiek makke. Yn 1477 krige it in plak yn it skip fan 'e tsjerke. It doopfont fan Lorenz Grove út 1455 ferfong in stiennen doopfont dat op it Sweedske eilân Gotland makke wie. Oant 1942 stie it doopfont foar it oargel by de yngong oan 'e westlike kant fan 'e tsjerke, by de weropbou nei de Twadde Wrâldkriich kaam it doopfont yn 'e nije doopkapel tusken it doksaal en it eastlik koar telâne. De renêssânse-kânsel waard yn 1586 troch dûmny Dionysius Schünemann skonken en is in Flaamsk wurk. De foet fan 'e kânsel is in byld fan Mozes en de kûp is mei reliëfs dekorearre mei foarstellings út it libben fan Kristus. It klankboerd mei in byld fan 'e opstiene Hear stamt út 1570. De trep waard yn 1731 yn let-barokke styl fernijd. It smij-izeren hek waard yn 1572 troch in bruorskip skonken. It doksaal draacht oan 'e súdlike kant in grut oerwurk út 1628 en is fersierd mei de bylden fan 'e patroanhilligen. It houten fykwurk oan it doksaal is ôfkomstich fan Bernt Notke. Sûnt de Twadde Wrâldkriich stiet it ferneamde alter fan Hans Memling út de Greveraden-Kapelle yn it noardlike sydskip yn 'e samling fan it St.-Annenmuseum. Fan 'e yn 1920 noch sân bewarre retabels fan foar de reformaasje, binne no noch fiif oanwêzich yn 'e dom. Hjirûnder it fleugelalter Marien mit der Einhornjagd (Marije mei de Ienhoarn) út 1506; it Laienaltar (lekenalter) út 1477 fan Bernt Notke; it Heiligen-Leichnamsaltar (Alter fan it Hillige Lichem) út 1460; it Altar der Maria-Magdalene (Marije-Magdalena-alter) út 1420 en it Altar der kanonischen Tageszeiten út it begjin fan 'e 16e iuw. Njonken in grut tal portretten binne der twa grutte skilderijen, dy't beide út de 17e iuw datearje. Ien toant de hillige Kristoffel (1665) en hinget boppe it portaal fan it noardlike sydskip nei de foarhal. It oare, de Jammerklacht fan Kristus oan 'e ûntankbere wrâld", wurdt op it ein fan 'e 17e iuw datearre. Alle ramen waarden yn 1942 ferneatige en yn 'e finsters waarden nei de kriich foar de haadsaak ienfâldige glês-yn-leadramen pleatst. Nei de reformaasje waarden in soad sydkapellen ta grêfkapellen foar leden fan it domkapittel ferboud. Oan 'e muorren binne noch in soad epitafen út de perioade 1459-1829 te sjen. Der binne twa grutte bylden fan Marije yn 'e dom. It âldste byld stammet út 1450, doe't de Marietidenkapelle foltôge waard dêr't alle dagen Marije-tsjinsten plakfûnen. Hjoed-de-dei stiet dat byld yn in nis fan it noardlike dwersskip. It oare byld wurdt de Schöne Madonna neamd en is yn 1509, dus noch krekt foar de reformaasje, ûntstien.
Oargels Oant 1942 stie yn it westen fan 'e tsjerke in grut oargel, dat op in ynstrumint út de jierren 1696-1699 werom gyng en oarspronklik troch Arp Schnitger boud waard. It oargel hie 45 registers en wie it grutste instrumint fan Schnitger yn Sleeswyk-Holstein. Bekende organisten en komponisten as Dietrich Buxtehude en Georg Friedrich Händel bespilem dat oargel en mûlk ek noch troch Johann Sebastian Bach. De firma E.F. Walcker ferfong dit oargel troch in nij instrumint, mar de âlde oargelkas bleau dêrby bewarre.
Yn 2012 naam de tsjerkeried it beslút foar de bou fan in nij oargel, dat foarsjocht yn in rekonstruksje fan it Schnitger-oargel. Oan 'e hân fan âlde ôfbylden wurdt ek de âlde oargelkas rekonstruearre. It is it doel dat it oargel in plak krigett yn it westlike diel fan 'e tsjerke op in doksaaleftige bôge.
It hjoeddeiske oargel waard yn 1970 troch de Deenske oargelfirma Marcussen & Søn út Åbenrå boud. Dit instrumint krige in plak oan 'e muorre fan it noardlike sydskip. It hat 47 registers en twa nevenregisters ferdield oer trije manualen en pedaal. De spyltraktueren binne mechanysk, de registertraktueren elektrysk.
Njonken dit oargel is der nog in barok ynstrumint fan Biaggio di Rosa út it jier 1777. Dit oargel is eigendom fan 'e muzykhegeskoalle fan Lübeck en mobyl. It hat 10 registers. Yn 2000 waard it wurk troch Jürgen Ahrend Orgelbau út Loga renovearre. It oargel is noch orizjineel en ek de registers binne noch allegear oarspronklik.
Klokken thumb|Lûdsfragmint fan de klokken In klok út 1315 is de âldste tsjerkeklok yn fiere omkriten en waard yn 1912 oan it museum ôfjûn. Dizze klok krige letter in plak yn 'e Katarinenkirche. De klokken dy't no yn 'e tuorren hingje, waarden allegear getten troch de klokkenjitterij Rincker út Sinn. Ien klok is lykwols noch histoarysk en stammet út 1481.
Ofbylden
Keppeling om utens Webstee fan de domtsjerke Disposysje oargels
Lubeck Kategory:Lübeck Kategory:Tsjerkegebou yn Sleeswyk-Holstein Kategory:Bouwurk út 1230 Kategory:Bouwurk sloopt yn 1942 Kategory:Bouwurk út 1982