De Paralympyske Simmerspullen 2016 (Portegeesk: Jogos Paralímpicos de Verão de 2016) wiene in grut ynternasjonaal sportevenemint foar atleten mei in lichaamlike beheining yn 'e tradysje fan 'e Paralympyske Spullen, dat oan 'e ein fan 'e simmer fan 2016 holden waard yn it Brazyljaanske Rio de Janeiro. Hjiroan namen 161 lannen en 4.342 sporters diel. It wie de fyftjinde kear dat de Paralympyske Simmerspullen organisearre waarden. De iepeningsseremoanje fûn plak op 7 septimber, en de ôfslutingsseremoanje op 18 septimber. Dêrmei wiene it de earste Paralympyske Simmerspullen dy't yn 'e winter (op it súdlik healrûn) holden waarden, en ek de earsten dy't holden waarden yn Súd-Amearika en yn in Portegeesktalich lân. It sportbarren omfieme 526 ûnderdielen yn 23 ûnderskate sporten. Twa dêrfan, it kanofarren en de paratriatlon, waarden foar it earste beoefene op dizze edysje fan 'e Paralympyske Simmerspullen. Foar dit sportevenemint waarden deselde fasiliteiten brûkt dy't earder, yn augustus, brûkt wiene foar it hâlden fan 'e Olympyske Simmerspullen.

Organisaasje As ûnderdiel fan 'e offisjele oerienkomst tusken it Ynternasjonaal Paralympysk Komitee (IPC) en it Ynternasjonaal Olympysk Komitee (IOC) dy't sletten waard yn 2001, organisearret it gastlân fan 'e Olympyske Simmerspullen ek de Paralympyske Simmerspullen. Sadwaande waard dit sportevenemint yn septimber 2016 holden yn Rio de Janeiro, yn Brazylje, dêr't gebrûk makke wurde koe fan 'e fasiliteiten en akkomodaasjes fan 'e Olympyske Simmerspullen dy't in moanne earder, yn augustus 2016, ek yn Rio de Janeiro holden wiene. Yn 'e oanrin ta de Paralympyske Simmerspullen fan 2016 spilen de organisaasje guon fan deselde problemen parten dêr't ek de Olympyske Simmerspullen mei te krijen hân hiene. Dêrby gie it om 'e ekonomyske en politike krisis yn gastlân Brazylje; it dêr hearskjende sikafirus; de smoargens fan it wetter en it driuwende ôffal yn 'e Baai fan Guanabara; en it Russysk dopingskandaal. As gefolch fan dat lêste probleem sleat it IPC op 7 augustus alle Russyske sporters út fan dielname oan 'e Paralympyske Simmerspullen.

Sporten

Kalinder

Dielnimmende lannen Der namen 159 lannen diel oan 'e Paralympyske Simmerspullen fan 2016, mei dêropta in tiim besteande út flechtlingen (de yndividuële atleten) en Koeweit, wêrfan't de sporters inkeld meidwaan mochten ûnder de Paralympyske flagge, om't it Koeweitysk Paralympysk Komitee útsletten wie fanwegen oerheidsbemuoienis mei it bestjoer. Ruslân wie hielendal útsletten, fanwegen it grutte Russyske dopingskandaal. De beslissing dêrta makke it Ynternasjonaal Paralympysk Komitee (IPC) op 7 augustus 2016 bekend. Yn totaal wiene de 4.342 dielnimmende atleten. Hjirûnder in opsomming fan 'e dielnimmende lannen, mei tusken heakjes it oantal sporters.

Medaljespegel rang lân goud sulver brûns totaal 1 Sina 107 81 51 239 2 Grut-Brittanje 64 39 44 147 3 de Oekraïne 41 37 39 117 4 de Feriene Steaten 40 44 31 115 5 Austraalje 22 30 29 81 6 Dútslân 18 25 14 57 7 Nederlân 17 19 26 62 8 Brazylje (gastlân) 14 29 29 72 9 Itaalje 10 14 15 39 10 Poalen 9 18 12 39 11 Spanje 9 14 8 31 12 Frankryk 9 5 14 28 13 Nij-Seelân 9 5 7 21 14 Kanada 8 10 11 29 15 Iraan 8 9 7 24 16 Oezbekistan 8 6 17 31 17 Nigeria 8 2 2 12 18 Kuba 8 1 6 15 19 Wyt-Ruslân 8 0 2 10 20 Súd-Koreä 7 11 17 35 21 Tuneezje 7 6 6 19 22 Súd-Afrika 7 6 4 17 23 Tailân 6 6 6 18 24 Grikelân 5 4 4 1325 Belgje 5 3 3 11 Slowakije 5 3 3 11 27 Algerije 4 5 7 16 28 Ierlân 4 4 3 11 29 Meksiko 4 2 9 15 30 Egypte 3 5 4 12 31 Servje 3 2 4 9 32   Noarwegen 3 2 3 8 33 Marokko 3 2 2 7 34 Turkije 3 1 5 9 35 Kenia 3 1 2 6 36 Maleizje 3 0 1 4 37 Kolombia 2 5 10 17 38 de Feriene Arabyske Emiraten 2 4 1 7 39 Irak 2 3 0 5 40 Hongkong 2 2 2 641 Kroaasje 2 2 1 5    Switserlân 2 2 1 5 43 Yndia 2 1 1 4 44 Litouwen 2 1 0 3 45 Letlân 2 0 2 4 46 Singapoer 2 0 1 3 47 Hongarije 1 8 8 18 48 Azerbeidzjan 1 8 2 11 49 Sweden 1 4 5 10 50 Eastenryk 1 4 4 951   Denemark 1 2 4 7 Tsjechje 1 2 4 7 53 Namybje 1 2 2 5 54 Argentynje 1 1 3 5 55 Fjetnam 1 1 2 456 Finlân 1 1 1 3 Trinidad en Tobago 1 1 1 358 Kazachstan 1 1 0 2 Sloveenje 1 1 0 260 Bachrein 1 0 0 1 Bulgarije 1 0 0 1 Georgje 1 0 0 1 Koeweit 1 0 0 1 64 Japan 0 10 14 24 65 Fenezuëla 0 3 3 6 66 Jordaanje 0 2 1 3 67 Katar 0 2 0 2 68 Taiwan 0 1 1 269 Bosnje-Hertsegovina 0 1 0 1 Etioopje 0 1 0 1 Ivoarkust 0 1 0 1 Uganda 0 1 0 1 73 Portegal 0 0 4 4 74 Israel 0 0 3 3 75 Mongoalje 0 0 2 276 de Filipinen 0 0 1 1 Yndoneezje 0 0 1 1 Kaapverdje 0 0 1 1 Mozambyk 0 0 1 1 Pakistan 0 0 1 1 Roemeenje 0 0 1 1 Saûdy-Araabje 0 0 1 1 Sry Lanka 0 0 1 1

Fryske medaljes medalje namme sport ûnderdiel datum goud Alyda Norbruisbaanhurdfytsen500 m tiidrit (froulju C1-2-3)10 septimber goud Liesette Bruinsmaswimmen400 m frije slach (froulju S11)11 septimber goud Tristan Bangmabaanhurdfytsen1000 m tiidrit (manlju B)11 septimber goud Alyda Norbruisbaanhurdfytsentiidrit (froulju C1-2-3)14 septimber sulver Olivier van de Voortswimmen100 m rêchslach (manlju S10)11 septimber sulver Liesette Bruinsmaswimmen100 m boarstslach (froulju SB11)13 septimber brûns Alyda Norbruisbaanhurdfytsenyndividuële efterfolging (froulju C1-3)  8 septimber brûns Liesette Bruinsmaswimmen50 m frije slach (froulju S11)12 septimber brûns Rixt van der Horst (mei 3 oaren)hynstesporttiimkampioenskip13 septimber brûns Liesette Bruinsmaswimmen100 m frije slach (froulju S11)15 septimber brûns Rixt van der Horsthynstesportyndividuële kampioenskipstest - graad II15 septimber

Keppelings om utens Offisjele webside fan 'e Olympyske en Paralympyske Simmerspullen fan 2016 Offisjele webside fan it Ynternasjonaal Paralympysk Komitee

2016 Kategory:Barren yn 2016 Kategory:Rio de Janeiro Kategory:Skiednis fan Brazylje Kategory:Sportevenemint yn Brazylje