150px|thumb|Thandie Newton
Thandiwe Adjewa (Thandie) Newton (Londen, 6 novimber 1972) is in Britsk aktrise. Har mem komt út Simbabwe, is fan Sjona-komôf, har heit is Ingelsk. Sy waard grutbrocht yn Londen en Penzance (Cornwall). Newton gie nei de London’s Art Education School en woe ynearsten beropsdûnseres wurde. In oandwaning oan de rêch behindere dat lykwols. Se folge doe in toanieloplieding en moete sadwaande de regisseur John Duigan. Yn 1991 makke se yn dy syn film Flirting har akteardebút.
Dêrnei hold Newton in koart skoft yn Los Angeles ta, gie werom nei Ingelân en studearre archeology en antropology oan de Universiteit fan Cambridge. Yn de jierren 90 spile se in tal lytse filmrollen. Yn 1998 briek hja mei har rol yn Beloved troch yn Hollywood. Foar har rol yn de film Crash wûn se in BAFTA award foar bêste aktrise.
Thandie is sûnt 11 july 1998 boaske oan senarioskriuwer Ol Parker en hat trije bern.
Filmografy 1991 - Flirting 1991 - Pirate Prince 1993 - The Young Americans 1994 - Interview with the Vampire 1994 - Jefferson in Paris 1994 - Loaded 1995 - Journey of August King 1997 - Gridlock'd 1997 - In Your Dreams 1998 - Besieged 1998 - Beloved 2000 - Mission: Impossible II 2002 - The Truth about Charlie 2003 - Shade 2004 - The Chronicles of Riddick 2005 - Crash 2006 - The Pursuit of Happyness 2007 - Run, Fatboy, Run 2007 - Norbit 2008 - RocknRolla 2008 - W. 2009 - 2012 2010 - Huge 2010 - Vanishing on 7th Street 2011 - Retreat 2012 - Good Deeds sûnt 2013: Rogue (tf-rige) 2018 - Solo: A Star Wars Story
Keppeling om utens Thandie Newton yn de IMDb
Kategory:Ingelsk filmakteur Kategory:Ingelsk telefyzje-akteur Kategory:Ingelsk harkspulakteur Kategory:Ingelsk persoan fan Simbabwaansk komôf Kategory:Persoan fan Sjona-komôf Kategory:Persoan berne yn 1972