Boris Vallejo (Lima, 8 jannewaris 1941) is in Perûviaansk yllustrator, boekbânûntwerper en keunstskilder, dy't yn 1964 nei de Feriene Steaten emigrearre. Hy leit him frijwol útslutend ta op it meitsjen fan keunstwurken, yllustraasjes en omslaggen dy't ta de sjenres fan 'e fantasy en de erotyk hearre. Vallejo wurket in protte gear mei syn frou, Julie Bell. Syn soan Dorian Vallejo is ek yllustrator en boekbânûntwerper.

Libben en karriêre Jonge jierren Vallejo waard yn 1941 berne yn 'e Perûviaanske haadstêd Lima. Hy begûn mei skilderjen yn 1954, doe't er noch mar trettjin jier âld wie, en krige syn earste betelle opdracht foar it meitsjen fan yllustraasjes yn 1957, doe't er sechstjin jier wie. Vallejo genoat syn oplieding oan 'e Escuela National de Bellas Artes yn Lima, dêr't er troch it winnen fan in stúdzjebeurs fiif jier studearje koe. Neitiid emigrearre er yn 1964, mei 23 jier, nei de Feriene Steaten, dêr't er al rillegau populêr waard mei syn yllustraasjes fan û.m. Tarzan en Conan de Barbaar.

Karriêre Hoewol't Vallejo him benammen talei op it meitsjen fan omslaggen foar boeken, produsearre er ek wol kalinders, reklameyllustraasjes en losse keunstwurken. Filmposters makke er ek, û.m. foar Knightriders (1981), Q (1982), National Lampoon's Vacation (1983) en Barbarian Queen (1985). Foar syn wurk jout Vallejo de foarkar oan it gebrûk fan oaljeferve op in boerd, wêrnei't er gauris digitale technyk ynset om aparte ôfbyldings te kombinearjen ta in gehiel. Tariedend wurk docht er mei potlead of Eastyndyske inket op papier.

Vallejo syn wurk kin hast útslutend ta de sjenres fan fantasy en erotyk rekkene wurde. Syn hyperrepresintative skilderings binne ornaris fan goaden, meunsters en/of spierde manlike en froulike barbaren dy't yn in gefjocht ferwikkele binne. Guon fan syn manlike figueren modellearre Vallejo foarhinne nei himsels, wylst in protte fan syn lettere froulike ûnderwerpen op syn frou en kollega Julie Bell basearre wiene. Syn lettere wurk omfiemet noch altyd sterke fantasy-eleminten, mar skaait sterk de kant fan 'e erotyk út. Yn 1979 wûn Vallejo de British Fantasy Award yn 'e kategory bêste keunstner, foar syn wurk The Amazon Princess and Her Pet.

Priveelibben Vallejo is troud mei Julie Bell, in Amerikaanske yllustratrise fan wurk dat sterk op syn eigen liket. Mei har wurket er dan ek gauris gear. Hja wenje yn Allentown, yn 'e Amerikaanske steat Pennsylvania. Vallejo hat twa bern út syn eardere houlik mei syn earste frou Doris. Syn soan Dorian Vallejo is as yllustrator en boekbânûntwerper yn syn heite fuotleasten trêde. Syn dochter Maya Vallejo is in profesjoneel fotografe. Dêropta hat Vallejo ek noch twa styfsoannen, Anthony en David Palumbo, dy't allebeide ek skilders en yllustrators binne.

Publikaasjes 1980 – The Fantastic Art of Boris Vallejo 1982 – Mirage (werprinte yn 1996 en 2011) 1985 – Fantasy Art Techniques 19?? – Ladies 1999 – Dreams: The Art of Boris Vallejo 200? – Titans (a.k.a. Superheroes): The Heroic Visions of Boris Vallejo and Julie Bell 2002 – Twin Visions 2005 – Boris Vallejo and Julie Bell: The Ultimate Collection 2006 – The Fabulous Women of Boris Vallejo and Julie Bell 2006 – Imaginistix

Keppelings om utens Offisjele webside fan Boris Vallejo

Kategory:Perûviaansk yllustrator Kategory:Perûviaansk boekbânûntwerper Kategory:Perûviaansk keunstskilder Kategory:Amerikaansk yllustrator Kategory:Amerikaansk boekbânûntwerper Kategory:Amerikaansk keunstskilder Kategory:Fantasykeunstner Kategory:Eroatysk keunstner Kategory:Amerikaansk persoan fan Perûviaansk komôf Kategory:Persoan berne yn 1941