Sije Laverman (Huzum, 29 juny 1863 - Amsterdam, 5 july 1919)Genealogy Laverman wie in Frysk haadkondukteur dy't op lettere jierren noch mei skriuwerij yn 't Frysk begûn.

Ut syn libben Sije waard berne yn Huzum. Hy wurke by it spoar en wenne yn Harns, Almelo, Amersfoart en úteinlik Amsterdam. Hy wie 22 jier doe't er boaske oan Grytsje Terpstra (1862 - 1927). Yn Amersfoart wie er foarsitter fan de Fryske Krite 'Ut en thús' en mei syn frou ynskreaun by de Remonstrantske gemeente. Yn Amersfoart is er ek út ein set mei it publisearjen fan syn wurk. As skriuwer hie er syn hichte punt fan 1907 oant yn 1912. Hy brûkte tige aparte fersfoarmen en moderne styleleminten, oars as wenst wie yn Fryske literêre rûnten fan dy tiid. Hy stoar yn de âldens fan mar 56 jier. Nei syn dea waard er rillegau fergetten en hy komt net foar yn literêre neislachwurken.

Wurk In kar: 1907 - Libbe en Luts of dichter troch alles hinne. Spotsk ferhaal oer poëzij en dichterskip 1908 - Wer thús. Gedicht yn in opfallende nije styl 1909 - Dit rymt... net! en Yn myn loftskip. Ferzen 1909 - Hjir bin ik 1910 - Wêr't wy fan witte. Fers mei tige nijmoadrige styleleminten 1912 - Joast. Fers oer freonskip

Kategory:Frysk dichter Kategory:Frysk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Frysk kondukteur Kategory:Nederlânsk dichter Kategory:Nederlânsk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Nederlânsk kondukteur Kategory:Skriuwer yn it Frysk Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Huzum Kategory:Persoan berne yn 1863 Kategory:Persoan stoarn yn 1919