In floatfâd (Nederlânsk:Vlootvoogd) wie yn de folksmûle de oantsjutting fan in befelhawwer oer in eskader skippen, dy't troch ferkate admiraliteiten levere waarden. Benammen yn de tiid fan de VOC en de WIC, doe't eltse provinsje syn eigen admiraliteit hie. De floatfâd krige faak aparte militêre opdrachten. De namme waard net mear brûkt nei it ienwurden fan de provinsjes yn de 'steat fan de Nederlannen' (1795). Dêrnei wie der ien sintrale admiraliteit, dy yn Amsterdam.
Ferneamde floatfâden Nederlannen Jacob Pieter fan Braam Jan fan Galen Piet Hein Egbert Bartolomeus Kortenaer Michiel de Ruyter Cornelis Tromp Maarten Tromp Tsjerk Hiddes de Vries Witte de With
Kategory:Keninklike Marine (Nederlân) Kategory:Admiraliteit *F