De Fûke wie de twadde Fryske (lowbudget)-spylfilm fan Steven de Jong, op basis fan 'e roman De Fûke fan auteur Rink van der Velde. De film kaam yn 2000 yn de bioskopen. Van der Velde hat it senario skreaun, tegearre mei Steven de Jong. De muzyk is fan De Kast.
It ferhaal Jelle (Rense Westra) is in ienfâldige ielfisker. Hy wurdt oppakt troch de Dútsers om 't syn soan Germ, dy 't yn it ferset sit, betrape is by in wapendropping. Yn syn ferhoar ûntdekt Jelle pas wat der mei syn soan bard is. Nei 't er oppakt is, folget syn hûn him hieltyd nei it plak dêr ’t er hinne brocht wurdt, sels oant Jelle delsketten wurdt.
Akteurs Rense Westra - Jelle Syb van der Ploeg - JP Steven de Jong – Germ Peter Tuinman - SD-adjudant Hidde Maas - NSB-boargemaster Hilbert Dijkstra - adjudant Joop Wittermans – keapman Cynthia Abma – Mirjam Jan Arendz – de maat
Yn 2001 waard de film yn trije dielen op telefyzje fertoand.
Kategory:Fryske oarlochsfilm Kategory:Fryske histoaryske film Kategory:Histoaryske oarlochsfilm Kategory:Frysktalige film Kategory:Film fan Steven de Jong Kategory:Film út 2000 Kategory:Film oer it Nederlânsk ferset yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Film oer de Twadde Wrâldkriich yn Jeropa en Afrika Kategory:Film oer in besetting Kategory:Film basearre op in literêr wurk