De Dom fan Keulen (Dútsk: Kölner Dom; offisjeel: Hohe Domkirche Sankt Petrus) is in goatyske katedrale tsjerke yn it sintrum fan 'e Dútske stêd Keulen. It is de sit fan 'e aartsbiskop fan it aartsbisdom Keulen. De katedraal stiet likernoôch op 250 m ôfstân fan 'e igge fan 'e Ryn oan 'e eardere noardlike Romeinske stedsgrins, fuortby it Hauptbahnhof, de Hohenzollernbrücke, it Museum Ludwig en it Römisch-Germanischen Museum. Fanwegen de skryn mei de reliken fan 'e hillige Trije Keningen is de Dom fan Keulen al iuwenlang in wichtich beafeartsplak foar katoliken.

Mei de bou fan 'e dom waard op 15 augustus 1248 útein set. Iuwenlang wurke men stadich troch oan it projekt, oant de bou healwei de fyftjinde iuw stil kaam te lizzen. Oan 'e hân fan 'e âlde boutekeningen waard it wurk ûnder ynfloed fan 'e Romantyk yn 'e njoggentjinde iuw wer oppakt en yn 1880 einlings en te'n lêsten foltôge. Neitiid wie de katedraal oant 1884 it heechste bouwurk fan 'e wrâld. Mei in hichte fan 157,38 m is de Keulske dom tsjintwurdich noch altiten it op ien nei heechste tsjerkegebou yn Jeropa. Allinnich de munster fan Ulm, wêrfan't de toer yn 1890 ree kaam, is mei in hichte fan 161,53 m noch heger.

Skiednis Foarskiednis thumb|left|Plattegrûn fan de domtsjerke. Op it plak stiene foar de hjoeddeiske domtsjerke al ferskate oare bouwurken. By opgravings ûnder de domtsjerke binne resten fan Romeinske wenten út de 1e oant de 4e iuw fûn. Yn 'e lette 4e of iere 5e iuw ûntstie ûnder it koer fan 'e dom in 30 oant 40 meter lang bouwurk, nei alle gedachten de earste tsjerke. Dat gebou waard noch yn 'e 5e iuw ferfongen troch in bouwurk mei likernôch deselde ôfmjittings, wêr't Frankyske foarsten begroeven waarden. Dy grêven foarmje in oanwizing dat it gebou as tsjerke tsjinne. Yn 'e twadde helte fan 'e 6e iuw ûntstie in nije tsjerke, wêrfan't de ôfmjittings grutter wiene as de foargongers. Troch ferlinging nei it westen krige dy tsjerke stadichoan de ôfmjittings fan 'e folgjende bou, bekend ûnder de namme Alte Dom (Alde Dom).

thumb|left|Baptisterium. Ut de 6e iuw binne eastlik fan it koer resten fan in ierkristlike doopkapel fûn; bewarre bleau it achtsidige doopfont. It baptisterium sels wie rjochthoekich en yn in twadde boufaze krúsfoarmich. De lêste boufaze wie op 'e nij rjochthoekich en troch twa gongen ferbûn mei de tsjerke. Nei alle gedachten waard it baptisterium yn 'e 9e iuw by de bou fan 'e Alde Dom ôfbrutsen. It doopfont kaam doe yn 'e nije tsjerke te stean.

De Alde Dom De Alde- of Hildeboldom wie de foargonger fan 'e tsjintwurdige domtsjerke. De tsjerke waard op 27 september 873 ynwijd. Dy tsjerke bestie út in skip mei oan beide einen in dwersskip. De bou stie model foar in soad oare Jeropeeske tsjerken yn dy tiid. Yn 'e tsjerke kaam it yn 'e 10e iuw makke Gerokrús te hingjen, it op ien nei âldste monumintale krusifiks fan it Jûntydslân. It lei yn 'e reden dat de Alde Dom fan 1248 ôf stadichoan sloopt wurde soe om plak te meitsjen foar de nije goatyske dom, mar by it sloopwurk fan it koer sette in brân hast it hiele bouwurk yn 'e lôge. Neitiid waard it westlike diel wer sa makke dat de mis noch fierd wurde koe. Noch yn it selde jier waard mei de bou fan 'e hjoeddeiske dom begûn.

Earste bouperioade fan de domtsjerke Op 23 july 1164 brocht aartsbiskop Rainald fan Dassel de reliken fan de hillige Trije Keningen fan Milaan nei Keulen. De reliken wiene ôfkomstich út in kriichsbút fan keizer Freark I en laten om 1225 hinne ta de plannen foar de bou fan in nije dom. De Alde Dom koe nammentlik de ûnbidige oantallen pylgers net mear ferwurkje en wie te lyts wurden. Mei de goatyske bou waard op 15 augustus 1248 neffens in plan fan 'e boumaster Gerhard fan Rile útein set. Benammen foar it grûnplan jilde de katedraal fan Amiens as foarbyld. It boumaterjaal wie benammen ôfkomstich fan 'e Drakenrots yn it Sângeberchte.

Der waard wurke fan 'e eastlike kant nei de westlike en yn 1265 wie de kapellekrâns foltôge. Yn 1277 wijde Albertus Magnus it alter fan 'e sakristy. Ut likernôch 1280 stamt de 4 meter hege en 1,66 meter brede tekening fan 'e westlike gevel mei de beide tuorren. Tusken 1304 en 1311 koene de 17,15 meter hege ramen fan it heechkoer ynset wurde: 48 keningen wurde hjir ôfwikseljend mei en sûnder burd ôfbylde. Nei alle gedachten binne de keningen mei burd de 24 âldsten fan 'e Apokalyps en de 24 keningen sûnder burd de keningen fan Juda, de âldtestamentyske foargongers fan Kristus. De hichte fan 'e keningen bedraacht likernôch 2,25 meter. It middelste finster toant de hillige Trije Keningen dy't Marije en har Bern oanbidde. De brânskildere ramen hearre ta de grutste bewarre syklus fan de midsiuwske glêsskilderkeunst. Tagelyk mei it oerbringen fan de reliken fan de Trije Keningen waard it koer fan 'e dom op 27 septimber 1322 wijd. De rige aartsbiskoppen dy't yn de âlde dom begroeven wiene, waarden no op 'e nij yn it nije koer byset. thumb|left|Boutekening fan de dom (1280). Nei it foltôgjen fan it koer waard der fierder wurke oan 'e bou fan it skip. Yn 1389 wie de bou sa fier foardere, dat der yn it ramt fan 'e iepening fan 'e nije universiteit in mis lêzen wurde koe. Yn 1410 berikte de súdlike toer de twadde ferdjipping en al rillegau dêrnei kaam yn in houten klokkestoel de earste tsjerkeklok te hingjen. Dy Dreikönigen- of Blutglocke (Trije Keningen- of Bloedklok) is getten yn 1418. Doe't de toer yn 1437 in hichte hie fan 59 meter ferhûzen de klokken nei de súdlike toer. De grutte klokken Pretiosa (11.500 kg.) en Speciosa (5.200 kg.) waarden yn 1448-1449 getten en op in hichte fan 57 meter ophongen. It wurk oan 'e súdlike toer kaam dêrnei stil te lizzen.

Tsjin 'e ein fan 'e 15e iuw stûke de bou. Neffens resint ûndersyk stopte de bou nei 1530, ek al wie der noch wol jild foar de reparaasjes en opsmûk. Foar it lêst waard der noch yn 1559 jild frijmakke en dêrnei wie it dien. Brek oan jild wie de oarsaak. Troch de reformaasje wie de hannel yn ôflaten ôfnaam en kamen der minder pylgers. Mar ek de feroarings yn 'e estetyske foarstellings droech by oan it fermindere entûsjasme foar de obu. Nettsjinsteande dat waard op 5 jannewaris 1531 Ferdinand I, de broer fan keizer Karel V, yn 'e dom ta Dútsk kening keazen. Yn 'e perioade 1744 oant 1770 folge noch in barokke ynklaaiing fan 'e tsjerke.

Mei de Frânske besetting yn 1794 waard de domtsjerke slim skeind. De dom waard ûnthillige en de Frânske troepen brûkten it gebou foar opslach en as stâl foar de hynders. It domkapittel hie de skryn mei de reliken fan de Trije Keningen noch krekt op 'e tiid oerbrocht nei Westfalen. Op 4 jannewaris 1804 krige de skryn it plak yn 'e dom werom.

De twadde boufaze fan de dom 300 jier lang bleau de domtsjerke ûnfoltôge stean. Yn al dy iuwen wie de tsjerke stadichoan ta in boufal woarn en der wie al praat oer de ôfbraak fan 'e katedraal. Oant 1868 stie op de ûnfoltôge súdlike toer noch jimmeroan de âlde boukraan út de 14e iuw. Ut dy tiid stamt ek it ironyske Keuler sechje dat de wrâld fergean soe as de katedraal ôf wie.

Yn 1814 ûntduts Georg Moller yn Darmstadt in diel fan de 4,05 meter hege tekening fan 'e foargevel mei de beide tuorren. De oare helte fan it plan fan 'e boumaster Arnold waard yn 1816 troch Sulpiz Boisserée yn Parys ûntdutsen. Op 20 oktober 1814 stelde de heechleraar en katolike publisist Joseph Görres yn it liberale blêd Rheinischen Merkur foar de Keuler domtsjerke ôf te bouwen. Oanhingers fan de romantyk lieten mei harren entûsiasme foar de midsiuwen ek publikelik harren ynteresse sjen foar de ûnfoltôge katedraal, dy't boppedat as symboal foar de Dútske ienheit foar de nasjonale beweging yn Dútslân mear en mear oan belang wûn. Lykwols wiene der ek tsjinstanners fan in foltôging te finen, sawol ûnder protestanten (dy't it jildfergrimerij fûnen) en katoliken (dy't bang wiene dat de nasjonale betsjutting fan 'e dom it religieuze belang skea dwaan soe).

Op 19 oktober 1820 die bliken dat er yn 'e dom ynbrutsen wie. Fan 'e skryn fan 'e Trije Keningen wiene weardefolle ûnderdielen stellen.

Yn 1823 waard útein set mei de restauraasje fan 'e besteande bou. Driuwende krêft efter de foltôging wiene benammen Joseph Görres en Sulpiz Boisserée. Op 4 september 1842 koe tanksij de Prusyske en protestânske kening Friedrich Wilhelm IV en de lettere aartsbiskop Johannes von Geissel it startsein jûn wurde foar it ôfmeitsjen fan it bouwurk. De earste stien fan 'e twadde boufaze waard nei't der al earder begûn wie mei de restauraasje fan 'e besteande bou op de noch ûnfoltôge súdlike toer omheech takele en dêr ynmetsele. Krekt foar dy tiid wie de Zentral-Dombau-Verein oprjochte, dy't û.o. as taak hie om jild yn te sammeljen. Ek de steat Prusen holp mei de finânsiering. Dat barren waard mei in feest fan 14 oant 16 augustus 1848 fierd. Nei't it ynterieur fan it skip en it transept yn 1863 ree kaam, koe de skiedingsmuorre tusken it koer en it skip nei 560 jier delhelle wurde. Fan 1863 ôf waard fierder gien mei it wurk oan de westlike gevel.

De dom fan Keulen kaam nei 600 jier lang om let yn 1880 klear, alhiel neffens de tekeningen fan 'e midsiuwske boumasters en de bewarre geveltekening út likernôch 1280. De gevels fan it dwersskip binne lykwols 19e-iuwske optinksels, om't der gjin midsiuwske tekeningen fan bestiene. By de bou brûkten de boumasters Ernst Friedrich Zwirner en Richard Voigtel moderne techniken, benammen fan in izeren konstruksje by it dak en de beide tuorren. Fjouwer jier lang soe de tsjerke it heechste bouwurk fan de wrâld bliuwe. Ein 1884 folge it Washington Monument mei in hichte fan 169,3 meter de katedraal op.

20e en 21e iuw Yn 1904 begûn de striid tsjin it ferfal fan 'e sânstien. Yn 'e perioade 1904-1939 waarden de bearen fan it koer fernijd. Fan 'e earste faze fan 1248-1322 stamt noch de binnenste skyl fan it koer. Ek it maaswurk fan 'e finsters yn it heechkoer is oarspronklik.

thumb|left|De dom yn it troch bombardeminten ferwoastge Keulen (1946). Yn 'e Twadde Wrâldkriich waard de domtsjerke swier skansearre troch bombardeminten. Santich bommen foelen op it gebou en de brannen dy't ûntstiene, waarden troch de hieltiten oanwêzige arbeiders yn en om 'e dom fuortendaliks dwêste. Troch de bommen stoartten û.o. yn it skip op guon plakken it ferwulft yn, mar troch de izeren dakkonstruksje bleau it dak yntakt. De Kölner Domplombe, in hege muorre, soarge der jierrenlang foar dat de noardlike toer net ynstoarte.

Nei de kriich begûnen argeologyske opgrafings troch Otto Doppelfeld, dy't noch oant 1997 duorren. It 700e jubileum fan 'e dom fûn yn 1948 plak yn in skeind bouwurk, mar yn 1956 wie de dom wer sa fier dat it gebou wer iepen wie foar de leauwenden. De jierren dêrnei stiene yn it ramt fan it gefjocht tsjin de soere rein en de loftfersmoarging, dy't stienfraat feroarsaken en de stien fan 'e tsjerke jimmeroan donkerder kleurden. Milieumaatregels soargen der foar dat der in ein kaam oan dy ynfloeden fan bûten ôf.

Op 25 augustus 2007 krige de katedraal in nij raam yn it finster fan it súdlike transept. It raam wie makke troch de Dútske keunstner Gerhard Richter. It is gearstald fan 11.500 stikjes kleurd glês, dy't in kleurich tapyt foarmje. Sûnt it oarspronklike raam yn de Twadde Wrâldkriich ferlern gie, ferfong in kleurleas raam it finster. Kardinaal Joachim Meisner hie lykwols de foarkar foar in raam mei in foarstelling fan nije katolike martelaren en wenne dêrom de ynhuldiging net by.

Ynterieur thumb|left|Heechalter mei de skryn fan 'e Trije Keningen. thumb|left|Stefan Lochner's Oanbidding fan 'e Trije Keningen. thumb|250px|Ynterieur. thumb|left|Gero-krús. thumb|left|Trije Keningenraam (16e iuw). Heechalter It heechalter fan 'e katedraal waard yn 1322 ynwijd. It is makke fan swart moarmer. De foar- en sydkanten binne dekorearre mei wite nissen mei de bylden fan 'e kroaning fan Marije en oan wjerskanten de apostels.

Skryn fan 'e Hillige Trije Keningen