Isaac Beeckman (Middelburch, 10 desimber 1588 – Doardt, 19 maaie 1637) wie in Nederlânse natuerkundige, yngenieur en meteorolooch.
Isaac Beeckman studearre letterkunde en filosofy yn Leien en promovearre yn 1618 yn de genêskunde yn Caen. Hy waard konrektor yn Utert en Rotterdam. Yn 1627 waard er rektor fan de Latynske skoalle yn Doardt, it Johan de Witt-gymnasium fan no. Hy stoar yn de âldens fan 48 jier.
Beeckman wie in learling fan Simon Stevin. René Descartes wie in freon fan him, dy't syn earste wurk, it Compendium Musicae, oan Beeckman opdroech. Beeckman wurdt rekkene ta de meast foaroansteande wittenskippers fan syn tiid. Utsein dokter en yngenieur, bestudearre er de wiskunde en natuerferskynsels en stelde er út om alle wittenskip en kennis in drege basis te jaan, bygelyks mei de wiskunde.
Beeckman hat net publisearre. Dêrom hawwe syn ûntdekkingen mar in bytsje ynfloed op it ûntjaan fan de wittenskip hân.
Literatuer Berkel, Klaas van: Isaac Beeckman en de mechanisering van het wereldbeeld, (1983), ISBN 9062039146 Gaukroger, Stephen: Descartes. An intellectual biography, Oxford University Press, 1995, 2003, 499 s. Panhuysen, Luc, De levens van Johan en Cornelis de Witt, ISBN 904501422X Waard, C. de: Journal tenu par Isaac Beeckman de 1604 à 1634 Berkel, Klaas van, e.a. (1999) A History of Science in The Netherlands. Survey, Themes and Reference. Leien/Boston/Keulen: Brill
Keppeling om utens Journal tenu par Isaac Beeckman de 1604 à 1634. Bewurke troch Cornelis de Waard. Digitale Bibleteek foar de Nederlânske Letteren
Kategory:Nederlânsk deiboekskriuwer Kategory:Nederlânsk wiskundige Kategory:Nederlânsk natuerkundige Kategory:Nederlânsk yngenieur Kategory:Nederlânsk meteorolooch Kategory:Nederlânsk filosoof Kategory:Siuwsk persoan Kategory:Persoan berne yn 1588 Kategory:Persoan stoarn yn 1637