Diksmuide (Frânsk: Dixmude, Smude) is in stêd yn de Belgyske provinsje West-Flaanderen. De stêd leit yn de Frânsk-Belgyske regio Westhoeke, oan de Izer en de Handzamefeart.De fúzjegemeente Diksmuide bestiet sûnt 1977 út 15 dielgemeentes. Diksmuide is de grutste gemeente nei oerflak yn West-Flaanderen. Se hat sa'n 16.000 ynwenners.
De gemeente hat hjoed-de-dei in foaral agrarysk karakter en biedt op dat mêd in protte wurkplakken, wêrby't Diksmuide in sintrumfunksje ferfollet yn tsjinstferliening en yndustry. Diksmuide hat de bynamme Bûterstêd, wat ferwijst nei de bloeiende suvelhannel, dy't iuwenlang ien fan de wichtichste ekonomyske pylders fan de stêd wie. De stêd is ek bekend fan de Earste Wrâldoarloch; troch syn lizzing oan it Izerfront hat it plak it swier te ferduorjen hân. Yn de tweintiger jierren waard de stêd folslein op 'en nij boud.
Stedsbyld
Stedsdielen # Namme Oerflak(km²) Ynwennertal(01/01/2007)I Diksmuide 2,12 5.180II Esen 17,53 1.854III Kaaskerke 8,73 458IV Beerst 11,66 1.127V Vladslo 17,33 1.239VI Leke 10,73 1.124VII Keiem 12,92 1.298VIII Stuivekenskerke 7,34 160 # Namme Oerflak(km²) Ynwennertal(01/01/2007)IX Pervijze 12,23 886X Lampernisse 13,62 198XI Oostkerke 3,77 285XII Oudekapelle 6,51 135XIII Sint-Jacobskapelle 3,25 96XIV Nieuwkapelle 7,85 406XV Woumen 13,83 1.307 Boarne : www.westhoek.bethumb|De stedsdielen fan Diksmuide
Susterstêden Ellesmere, Feriene Keninkryk Ploemeur, Frankryk Rottach-Egern, Dútslân Finnentrop, Dútslân
Bekende lju út Diksmuide Pieter Bortier, filantroop Kolonel Alphonse Jacques, Baron Jacques de Dixmude Maria Doolaeghe, dichteres
Sjoch ek Izertoer, fredesmonumint.
Kategory:Plak yn West-Flaanderen Kategory:Gemeente yn West-Flaanderen