Ad Noyons (Utert, 11 augustus 1916 – Saandam, 9 septimber 2000) wie in Nederlânsk akteur.

Wurkpaad Noyons studearre yn 't earstoan rjochten, mar gie yn 1941 nei de tonielskoalle. Syn earste rol spile er by de Die Ghesellen van den Spele. Yn 1946 die er mei oan de harkspulkearn. Yn 1947 krige er in kontrakt by it Rotterdams Toneel.

Dêrnei hat er spile yn en meidien oan allerhanne radio- en tillefyzjeprogramma's. Yn 1973 kaam er yn it bestjoer fan de Noorder Compagnie.

Hy hie yn 1983 in lyts roltsje yn 'e horrorfilm De Lift. Yn 1984 spile er yn Opzoek naar Yolanda de rol fan J. Razendijk; tegearre mei syn oare helte G.H. Razendijk-Klepjes (Ellen de Thouars) foarme er in pear út Almere.

De lêste jierren fan syn karriêre wie er as toanielakteur fral warber yn Noard-Nederlân. Earst by Toanielgroep Noorder Compagnie en nei't dy opheft wie by it troch him en akteur Felix Troch stichte Toanielgroep Stee.

Keppeling om utens Ad Noyons yn de IMDb

Kategory:Nederlânsk toanielakteur Kategory:Nederlânsk harkspulakteur Kategory:Nederlânsk telefyzje-akteur Kategory:Nederlânsk persoan fan Hugenoatsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1916 Kategory:Persoan stoarn yn 2000