Waldorf is in Ortsgemeinde yn 'e lânkring Ahrweiler yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts. Waldorf heart by de ferbânsgemeente Bad Breisig.
Geografy Waldorf leit yn it Vinxtbachtal oan 'e râne fan it fulkaanpark Brohltal tusken Sinzig en Niederzissen, oan 'e foet fan 'e deade fulkaan Bausenberg. Ta Waldorf wurde ek de buorskippen Adamsmühle, Marienhöhe en Ockenfelsmühle rekkene.
It besjen wurdich Fan de Remaklustsjerke is de toer it âldste boudiel. De tsjerke waard yn 'e 19e iuw op 'e nij oan de âlde toer boud en hat in neogoatysk ynterieur. It Heimatmuseum oan 'e Kleingasse 2 is ûnderbrocht yn in yn 1829 boud fakwurkhûs.
Kategory:Plak yn Rynlân-Palts