James Welch (Browning (Montana), 18 novimber 1940 – Missoula (Montana), 4 augustus 2003) wie in Amerikaansk skriuwer, dichter en senarioskriuwer fan mingd Yndiaansk en Iersk etnysk komôf. Hy skreau sawol romans as poëzij, en wûn ferskate prizen, wêrûnder yn 1986 de American Book Award. Syn bekendste wurken wiene de romans Winter in the Blood en Fools Crow.
Libben en karriêre Welch waard yn 1940 berne yn Browning, yn 'e Amerikaanske steat Montana. Syn heit wie in Swartfoet-Yndiaan, en syn mem wie in Gro Wânt (Gros Ventre). Beiden hiene se dêropta ek Iersk bloed, mar se wiene grutbrocht yn harren respektivelike Yndiaanske kultueren. Welch genoat syn ûnderwiis op skoallen yn it Swartfoet Yndianereservaat en it Fort Belknap Yndianereservaat. Neitiid studearre er ûnder de dichter Richard Hugo Ingelske taal- en letterkunde oan 'e Universiteit fan Montana, yn Missoula. Welch studearre ek koarte tiid oan it Kolleezje fan Noardlik Montana, yn Havre (no de Steatsuniversiteit fan Montana-Noard), en ûnderhold himsels letter as dosint oant 'e Universiteit fan Washington yn Seattle, en oan 'e Cornell Universiteit yn Ithaca, yn 'e steat New York.
Hoewol't Welch al ûnder syn studintetiid úteinsette mei skriuwen, hied er dêrmei pas yn 'e 1970-er jierren súkses. Hy skreau benammen poëzij en fiksje, en fêstige him dêrmei as lid fan 'e literêre beweging fan 'e Yndiaanske Renêssânse. Syn earste dichtbondel, Riding the Earthboy 40, kaam út yn 1971, en waard werprinte yn 1975. Welch syn earste boek, de roman Winter in the Blood, waard yn 1974 publisearre. Yn har yntroduksje by de werútjefte fan dat boek yn 2007, skreau kollega-auteur Louise Erdrich dat it "in sintrale en ynprirearjende tekst [is] foar in hiele generaasje fan Yndiaanske en regionale skriuwers út it Westen fan 'e Feriene Steaten, wêrûnder mysels."
Welch wie net in tige produktive skriuwer; hy publisearre mar ien boek yn 'e fjouwer oant tsien jier. Syn bekendste wurk wie de roman Fools Crow, út 1986, dêr't er de American Book Award yn 'e kategory bêste roman en ferskate oare prizen mei wûn. Yn gearwurking mei Paul Stekler skreau Welch yn 1994 ek it histoaryske non-fiksjewurk Killing Custer: The Battle of Little Bighorn and the Fate of the Plains Indians, oer de Slach oan de Little Bighorn en wat de Flakte-Yndianen neitiid oerkaam. Mei Stekler wie Welch ferantwurdlik foar it senario fan 'e dokumintêre Last Stand at Little Bighorn, dêr't se in Emmy Award mei wûnen.
Njonken syn literêre wurk siet Welch yn it bestjoer fan 'e Newberry Library en teffens tsjinne er as lid fan 'e kommisje oangeande betide frijlitting fan it Finzeniswêzen fan Montana. Yn dy lêste hoedanichheid wied er belutsen by it trochnimmen fan 'e dossiers fan finzenen om te besluten oft dy yn oanmerking kamen foar betidere frijlitting yn ferbân mei goed gedrach. Welch stoar yn 2003 thús yn syn wente yn Missoula, yn 'e âlderdom fan 62 jier.
Wurk romans 1974 – Winter in the Blood (werútjûn yn 2007) 1979 – The Death of Jim Loney 1986 – Fools Crow 1990 – The Indian Lawyer 2000 – The Heartsong of Charging Elk
non-fiksje 1994 – Killing Custer: The Battle of Little Bighorn and the Fate of the Plains Indians (mei Paul Stekler)
poëzij 1971 – Riding the Earthboy 40 (werprinte 1975) 19?? – Last Stand at Little Bighorn 19?? – Christmas Comes to Moccasin Flat
Prizen en nominaasjes Jier Priis Resultaat Kategory Foar1986 American Book Awardwûnbêste romanFools CrowLos Angeles Times Book Prizewûnbêste romanFools CrowPaficic Northwest Book Awardwûnbêste romanFools Crow1994Emmy Awardwûnbêste senario fan in dokumintêreLast Stand at Little Bighorn1997priis fan 'e Native Writers' Circle of the Americaswûnoeuvrepriis (Lifetime Achievement Award)oeuvre2000Ordre des Arts et des Lettresûnderskaatchevalieroevre
Kategory:Amerikaansk romanskriuwer Kategory:Amerikaansk westernskriuwer Kategory:Amerikaansk dichter Kategory:Amerikaansk publisist Kategory:Amerikaansk senarioskriuwer Kategory:Emmy-winner Kategory:Amerikaansk skriuwer fan Yndiaansk komôf Kategory:Amerikaansk dichter fan Yndiaansk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Iersk komôf Kategory:Persoan fan Swartfoet-komôf Kategory:Persoan fan Gro Wânt-komôf Kategory:Persoan berne yn 1940 Kategory:Persoan stoarn yn 2003