George Kennedy (folút: George Harris Kennedy jr.; New York, 18 febrewaris 1925 – Middleton (Idaho), 28 febrewaris 2016) wie in Amerikaansk akteur en skriuwer fan mingd Dútsk, Iersk en Ingelsk etnysk komôf, dy't yn mear as twahûndert films en tillefyzjeprogramma's spile. Hy fertolke in breed skala oan rollen, en wûn yn 1967 in Oscar yn 'e kategory bêste manlike byrol. By in jonger publyk stied er benammen bekend as haadynspekteur Ed Hocken, de gauris ta wanhoop dreaune sjef fan ynspekteur Frank Drebin (Leslie Nielsen) yn 'e Naked Gun-trilogy. Njonken syn aktearkarriêre skreau Kennedy twa misdieromans en in autobiografy.

Libben en karriêre Jonkheid en oplieding Kennedy waard yn 1925 berne yn New York, as telch út in laach fan artysten. Syn heit, George Harris Kennedy sr., wie in muzikant en orkestlieder mei Ierske en Ingelske woartels, dy't stoar doe't Kennedy sels noch mar fjouwer jier wie. Hy waard sadwaande grutbrocht troch syn mem, Helen A. Kieselbach, in balletdûnseresse fan Dútsk komôf. Kennedy makke syn debút as toanielakteur doe't er twa jier âld wie, en letter yn syn jonkheid wied er aktyf as harkspulakteur. Under de Twadde Wrâldoarloch tsjinne er fan 1943 ôf yn it Amerikaanske Leger, dêr't er by de legerradiostjoerder wurke.

Aktearkarriêre Nei ôfrin fan 'e oarloch bleau Kennedy oant 1959 yn militêre tsjinst. As ûnderdiel fan syn wurk foar it Foarljochtingsburo fan it Amerikaanske Leger wied er yn 'e 1950-er jierren as technysk adviseur belutsen by de tillefyzjesearje The Phil Silvers Show, wêryn't er, dêrta oanfitere troch Phil Silvers sels, ek in weromkearende rol as militêre plysje fertolke. Nei't er ôfswaaid wie, sette Kennedy om 1960 hinne serieus útein mei in karriêre as akteur. Datselde jiers hied er in hiel lyts roltsje yn 'e histoaryske dramafilm Spartacus, oer de Slave-opstân fan Spartakus yn it Romeinske Ryk.

Syn earste gruttere rol hie Kennedy yn 'e film The Little Shepherd of Kingdom Come (1961). Yn 'e 1960-er jierren hied er fierders rollen yn ferskate grutte Hollywood-produksjes, wêrûnder de westernfilms Lonely Are the Brave (1962), The Sons of Katie Elder (1965), Bandolero! (1968) en Guns of the Magnificent Seven (1969), de romantyske komeedzje Charade (1963), de skriller Strait-Jacket (1964), de dramafilm The Flight of the Phoenix (1965) en de oarlochsfilms Shenandoah (1965) en The Dirty Dozen (1967). Yn 1967 wûn Kennedy in Oscar foar de bêste manlike byrol mei syn rol yn 'e film Cool Hand Luke as Dragline, in ta twangarbeid feroardiele finzene dy't earst in hekel hat oan it titelpersonaazje (spile troch Paul Newman), mar him úteinlik as in soarte fan idoal begjint te sjen. Foar dy rol waard er ek nominearre foar in Golden Globe yn deselde kategory.

Yn dyseldichste snuorje hie Kennedy gastrollen yn withoefolle tillefyzjesearjes, wêrûnder in protte westernsearjes, lykas Gunsmoke, Rawhide, Bonanza, The Virginian, The Big Valley, Laredo, The Legend of Jesse James en Daniel Boone. Ek wied er te sjen yn 'e komeedzjesearjes The Andy Griffith Show en McHale's Navy en de rjochtbankdramasearje Perry Mason. Kennedy hie de haadrol as pastoar Samuel Patrick "Sarge" Cavanaugh yn 'e detektivesearje Sarge (1971) en as Bumper Morgan yn 'e plysjesearje The Blue Knight (1975).

Yn 1970 spile er de rol fan Joe Patroni yn 'e bekroande rampefilm Airport, wêrfoar't er jitris nominearre waard foar in Golden Globe yn 'e kategory bêste manlike byrol. Kennedy kearde noch trije kear yn dyselde rol werom, yn 'e ferfolchfilms Airport 1975 (1974), Airport '77 (1977) en The Concorde... Airport '79 (1979). Yn 'e 1970-er jierren wurke er ek gear mei John Wayne, yn 'e westernfilm Cahill, U.S. Marshal (1973), en mei Clint Eastwood, yn 'e lichtfuottige roadmovie Thunderbolt and Lightfoot (1974) en de spionaazjeskriller The Eiger Sanction (1975). Fierders wied er yn 1974 te sjen yn 'e rampefilm Earthquake, mei û.o. Charlton Heston en Ava Gardner, en yn 1978 spile er yn 'e detektivefilm Death on the Nile, mei û.m. David Niven en Peter Ustinov.

Yn 1984 wie Kennedy de tsjinspiler fan Bo Derek yn 'e flop Bolero. Neitiid makke er noch ferskate oare mindere films, lykas Savage Dawn (1985), The Delta Force (1986) en The Gunfighters (1987), foar't er yn 1988 min ofte mear by tafal nij súkses fûn mei de kaskreaker The Naked Gun: From the Files of Police Squad! Dat wie in slapstickeftige komeedzjefilm wêryn't Kennedy de rol fan haadynspekteur Ed Hocken spile, dy't by fleagen ta wanhoop dreaun wurdt troch de nuvere eksploaten fan syn knoffelige ûnderhearrige, ynspekteur Frank Drebin, spile troch Leslie Nielsen. Kennedy kearde noch twaris werom as Hocken foar de beide ferfolchfilms út 'e Naked Gun-trilogy: yn 1991 yn The Naked Gun 2½: The Smell of Fear, en yn 1994 yn Naked Gun 33⅓: The Final Insult.

Underwilens fertolke Kennedy op 'e tillefyzje fan 1988 oant en mei 1991 de rol fan 'e korrupte oaljetycoon Carter McKay yn 'e ferneamde soapsearje Dallas. Yn 1996 en 1998 wied er op 'e nij yn dy rol te sjen yn 'e tillefyzjefilms Dallas: J.R. Returns, resp. Dallas: War of the Ewings. Yn 1995 spile Kennedy de rol fan generaal Nelson A. Miles yn 'e westernminysearje The Gambler Part III: The Legend Continues, mei Kenny Rogers yn 'e titelrol. Yn 1998 wurke er fierders as stimakteur mei oan 'e tekenfilm Small Soldiers. Neitiid makke Kennedy ferskate ûnôfhinklike films, foar't er yn 2003 weromkearde op 'e tillefyzje yn 'e rol fan Albert Miller yn 'e soapsearje The Young and the Restless. Kennedy bleau oan syn dea ta mei lytse roltsjes yn films en op 'e tillefyzje aktyf. Foar syn bydrage oan 'e Amerikaanske filmyndustry krige er in stjer op 'e Hollywood Walk of Fame, op 6352 Hollywood Boulevard.

Skriuwkarriêre Njonken syn aktearwurk wie Kennedy ek yn it spier as skriuwer. Yn 1983 publisearre er it moardmystearje Murder on Location, wêrfoar't er in filmset as setting brûkte. In twadde roman, Murder on High, kaam út yn 1984. Syn trêde en lêste boek wie syn autobiografy, Trust Me, dy't yn 2011 ferskynde.

Priveelibben Kennedy troude yn 1959 mei Norma Wurman, fan wa't er him yn 1971 skiede liet. Neitiid wertroude er yn 1978 mei Joan McCarthy, mei wa't er in dochter, Shaunna, krige. Nei't dyselde yn it tichthûs belâne, adoptearren Kennedy en de frou harren pakesizzer, it famke Taylor. Kennedy hie in fleanbrevet en fleach as piloat gauris yn syn eigen Cessna 210 Centurion- en Beechcraft Bonanza-priveefleantugen.

Ferstjerren George Kennedy wenne yn Eagle, yn it súdwesten fan 'e Amerikaanske steat Idaho. Op it lêst bedarre er yn in fersoargingssintrum yn it deunby leine Middleton. Dêr kaam er op 28 febrewaris 2016 te ferstjerren, yn 'e âlderdom fan 91 jier.

Filmografy

|align="center"| 1956–1959 || The Phil Silvers Show || militêre plysje-sersjant Kennedy || weromkearende rol; 14 ôfl. |- |align="center"| 1959 || Cheyenne || Lee Nelson || gastrol; ôfl. Prisoner of Moon Mesa |- |align="center"| 1959 || Colt .45 || Hank || gastrol; ôfl. The Rival Gun |- |align="center"| 1959 || The Deputy || Tex || gastrol; ôfl. The Big Four |- |align="center"| 1959 || Sugarfoot || Sykes || gastrol; ôfl. The Canary Kid, Inc. |- |align="center"| 1960 || Gunsmoke || Emil || gastrol; ôfl. The Blacksmith |- |align="center"| 1960 || Route 66 || Thad Skinner || pilotôflevering: Black November |- |align="center"| 1960 || Peter Gunn || Karl || gastrol; ôfl. The Crossbow |- |align="center"| 1960 || Sugarfoot || Ross Kuhn || gastrol; ôfl. Funeral at Forty Mile |- |align="center"| 1960 || Shotgun Slade || Tex || gastrol; ôfl. The Spanish Box |- |align="center"| 1960 || Laramie || trewant fan Gallagher || gastrol; ôfl. Duel at Alta Mesa |- |align="center"| 1960 || Have Gun – Will Travel || Tarnitzer || gastrol; ôfl. The Legacy |- |align="center"| 1960 || Maverick || helpsheriff Jones || gastrol; ôfl. Hadley's Hunters

|align="center"| 1960 || Lawman || Burt || gastrol; ôfl. To Capture the West |- |align="center"| 1960 || Have Gun – Will Travel || luitenant John Bryson || gastrol; ôfl. A Head of Hair |- |align="center"| 1961 || Bat Masterson || sheriff Zeke Armitage || gastrol; ôfl. The Fourth Man |- |align="center"| 1961 || Have Gun – Will Travel || Preston || gastrol; ôfl. The Road |- |align="center"| 1961 || Gunsmoke || Pat Swooner || gastrol; ôfl. Big Man |- |align="center"| 1961 || Have Gun – Will Travel || Deke || gastrol; ôfl. The Vigil |- |align="center"| 1961 || The Untouchables || Birdie || gastrol; ôfl. The King of Champagne |- |align="center"| 1961 || Have Gun – Will Travel || Rud Saxon || gastrol; ôfl. A Proof of Life |- |align="center"| 1961 || Gunslinger || sheriff || gastrol; ôfl. The Buried People |- |align="center"| 1961 || Bonanza || Peter Long || gastrol; ôfl. The Infernal Machine |- |align="center"| 1961 || Have Gun – Will Travel || frater Grace || gastrol; ôfl. Squatter's Rights |- |align="center"| 1961 || Gunsmoke || Jake Bayloe || gastrol; ôfl. Kitty Shot |- |align="center"| 1962 || The Tall Man || Hyram Killgore || gastrol; ôfl. One for All |- |align="center"| 1962 || Rawhide || George Wales || gastrol; ôfl. The Peddler |- |align="center"| 1962 || Gunsmoke || Hug || gastrol; ôfl. The Boys |- |align="center"| 1962 || Have Gun – Will Travel || Big John || gastrol; ôfl. Don't Shoot the Piano Player |- |align="center"| 1962 || Going My Way || Mike || gastrol; ôfl. A Man for Mary |- |align="center"| 1962 || Death Valley Days || Steamboat Sully || gastrol; ôfl. Miracle at Whiskey Gulch |- |align="center"| 1962 || Outlaws || Joe Ferris || gastrol; ôfl. Farewell Performance |- |align="center"| 1963 || The Andy Griffith Show || resjersjeur fan 'e steatsplysje || gastrol; ôfl. The Big House |- |align="center"| 1963 || Have Gun – Will Travel || frater Grace || gastrol; ôfl. The Eve of St. Elmo |- |align="center"| 1963 || Dr. Kildare || Joe Cramer || gastrol; ôfl. To Each His Own Prison |- |align="center"| 1963 || Perry Mason || George Spangler || gastrol; ôfl. The Case of the Greek Goddess |- |align="center"| 1963 || The Travels of Jaimie McPheeters || Angus || gastrol; ôfl. The Day of the Long Night |- |align="center"| 1963–1964 || McHale's Navy || Big Frenchy || weromkearende rol; 2 ôfl. (French Leave for McHale en The Return of Big Frenchy) |- |align="center"| 1964 || Gunsmoke || Cyrus || gastrol; ôfl. Crooked Mile |- |align="center"| 1964 || Bonanza || Waldo Watson || gastrol; ôfl. The Scapegoat |- |align="center"| 1964 || The Virginian || Jack Marshman || gastrol; ôfl. A Gallows for Sam Horn |- |align="center"| 1964 || Gunsmoke || Warden Stryker || gastrol; ôfl. The Warden |- |align="center"| 1965 || Daniel Boone || Zach Morgan || gastrol; ôfl. A Rope for Mingo |- |align="center"| 1965 || Laredo || Jess Moran || gastrol; ôfl. Pride of the Rangers |- |align="center"| 1965 || The Virginian || Tom "Bear" Suchette || gastrol; ôfl. Nobility of Kings |- |align="center"| 1965 || A Man Called Shenandoah || Mitchell Canady || gastrol; ôfl. A Special Talent for Killing

|align="center"| 1966 || Gunsmoke || Ben Payson || gastrol; ôfl. Harvest |- |align="center"| 1966 || The Legend of Jesse James || Blodgett || gastrol; ôfl. Return to Lawrence |- |align="center"| 1966 || Dr. Kildare || brigadier Hensley || weromkearende rol; 2 ôfl. (Mercy or Murder en Strange Sort of Accident) |- |align="center"| 1966 || The Virginian || Huck Harkness || gastrol; ôfl. The Trail to Ashley Mountain |- |align="center"| 1966 || The Big Valley || Jack Thatcher || gastrol; ôfl. Barbary Red |- |align="center"| 1967 || Tarzan || Crandell || gastrol; ôfl. Thief Catcher |- |align="center"| 1971 || Ironside || pastoar Samuel Patrick "Sarge" Cavanaugh || gastrol; ôfl. The Priest Killer, tagelyk ek de pilotôfl. foar de spin-offsearje Sarge |- |align="center"| 1971 || Sarge || pastoar Samuel Patrick "Sarge" Cavenaugh || fêste rol; 16 ôfl. |- |align="center"| 1974 || A Cry in the Wilderness || Sam Hadley || tillefyzjefilm |- |align="center"| 1975 || The Blue Knight || Bumper Morgan || fêste rol; 24 ôfl. |-