In boat is in fartúch dat ûntwurpen is om te driuwen op in oerflaktewetter lykas in sleat, feart, kanaal, mar of see. By sokke fartugen wurdt faak ûnderskie makke tusken in boat en in skip, wêrby't in boat behindiger is en in skip grutter. It is lykwols ûndúdlik wêr't krekt de grins lutsen wurde moat. In kotter kin dêrom sawol in 'fiskersboat' as in 'fiskersskip' neamd wurde. De oantsjutting boat wurdt tsjintwurdich lykwols faak beheind ta fartugen dy't foar de plezierfeart yn gebrûk binne. Yn marinejargon is in boat in fartúch dat lytsernôch is om oan board fan in oar fartúch mei te fieren, hoewol't omreden fan tradysje grutte ûnderseeërs dan wol wer oantsjut wurde as dûkboat. Boaten wurde faak oandreaun troch spierkrêft (mei roeirimen of in kloet) of troch in bûtenboardmotor.

Soarten boaten bierboat boatfyts dhow draachwjukboat drakeboat dûkboat of ûnderseeër fearboat of fear flit flústerboat jôl of jol kajak kano kotter kylboat lark loadsboat of tender motorboat opblaasboat paviljoenboat of paviljoenskip platboaiem boatplechtboat of plechtskip plezierjacht prau pream of preamskûte rêdingsboat roefskûte of roefskip roeiboat of roeiskou sylboat skûtsje sleepboat sloep speedboat steamboat of steamskip triuwboat tsjalk tsjotter U-boat wenboat of wenarke wetterstofboat

Kategory:Fartúch