Martinus Bakker (Noardwâlde, 1926 – dêre?, 1996) wie in Frysk skriuwer fan berneboeken, poëzij en koarte ferhalen. Hy publisearre sawol yn it Nederlânsk as yn syn memmetaal, it Stellingwerfsk. Bakker wurdt beskôge as ien fan 'e wichtichste Stellingwerfske skriuwers fan 'e tweintichste iuw.
Libben en karriêre Bakker waard yn 1926 berne yn it doarp Noardwâlde, yn de gemeente Weststellingwerf. Tegearre mei Hendrik Johannes Bergveld sette hy de toan foar de iere skriuwerij yn it Stellingwerfsk. Foar syn streektaalwurk brûkte er it pseudonym Jouk. Dêrnjonken skreau er ek berneboeken yn it Nederlânsk foar Uitgeverij Kluitman, yn Alkmar, wêrûnder alve dielen fan 'e Harm Jan en Tie-ne-ke-rige, dy't in grut tal kearen werprinte waarden.
Fan 1949 ôf publisearre Bakker syn Stellingwerfse Riempies yn it deiblêd de Hearrenfeanster Koerier (neitiid de Fryske Koerier). Letter ferskynden syn gedichten en koarte ferhalen ek yn it wykblêd Stellingwerf en yn oare media.
Nei de oprjochting fan 'e Stellingwarver Schrieversronte, yn 1972, brocht dy organisaasje Bakker syn Stellingwerfsktalige wurk yn ferskate bondels út. Guon fan dy útjeften waarden ien of mear kearen werprinte. Et Kienderboek van Jouk, út 1975, dat yllustrearre wie troch H.J. van Veen, hie in oplaach fan 3.000 eksimplaren, in ûnbidich grut oantal foar sa'n lytse taalmienskip as it Stellingwerfsk. Dêrfan waarden troch krante-útjouwer Martin van Nieuwenhoven 1.500 ûnder skoalbern yn 'e Stellingwerven ferspraat.
Martinus Bakker kaam yn 1996 te ferstjerren, yn 'e âlderdom fan 70 jier.
Wurk yn it Nederlânsk 19?? – Harm Jan en Tie-ne-ke 19?? – Harm Jan en Tie-ne-ke en de Pony-kar 1955 – Harm Jan en Tie-ne-ke Krij-gen een Zus-je 19?? – Harm Jan en Tie-ne-ke in het Die-ren-park 19?? – Harm Jan en Tie-ne-ke Ma-ken Pret 19?? – Harm Jan en Tie-ne-ke Vie-ren Feest 1962 – Avonturen bij de Hoge Brug 1965 – Overval bij de Hoge Brug 19?? – Raadsels rond de Hoge Brug 1967 – Harm Jan en Tie-ne-ke in de Len-te 19?? – Harm Jan en Tie-ne-ke in de Va-kan-tie 19?? – Harm Jan en Tie-ne-ke in de Win-ter 1970 – Harm Jan en Tie-ne-ke Ma-ken een Tent 1970 – Harm Jan en Tie-ne-ke op de Fiets 1971 – Dieven op de Schapenkuil 1974 – Onraad in Alteveer 1975 – De Jongens van de Schapenkuil
yn it Stellingwerfsk 1972 – Een Haandvol Speulgoed (gedichten en koarte ferhalen; 2e printinge 1979) 1975 – Et Kienderboek van Jouk (gedichten en koarte ferhalen) 19?? – Wille op 'e Brille (boek foar op it húske; 6e printinge 2006) 1984 – Greensgeval (humoristyske gedichten) 19?? – Decemberverhaelen van Jouk (Sinteklaas-, kryst en âldjiersferhalen)
Kategory:Frysk berneboekeskriuwer Kategory:Frysk dichter Kategory:Frysk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Skriuwer yn it Stellingwerfsk Kategory:Stellingwerfsk persoan Kategory:Persoan berne yn Noardwâlde Kategory:Persoan stoarn yn Noardwâlde Kategory:Persoan berne yn 1926 Kategory:Persoan stoarn yn 1996