Fokke Middendorp (Wolvegea, 1 maaie 1905 – dêre, 21 novimber 2001) wie in Frysk publisist, dy't yn sawol it Nederlânsk as it Stellingwerfsk folkekundige, geakundige en skiedkundige boeken en artikels skreau oer de Stellingwerven. Hy wurke in soad ûnder de skûlnamme Fokke van Lute.
Libben Middendorp waard yn 1905 berne yn Wolvegea. Nei't er mei pinsjoen gien wie, sette er útein te skriuwen oer de folkekunde, geakunde, skiednis en ierdrykskunde fan 'e Stellingwerven. Dêrby makke er in protte gebrûk fan it pseudonym Fokke van Lute. Middendorp skreau sawol yn it Nederlânsk as yn syn memmetaal, it Stellingwerfsk.
Syn belangstelling gie benammen út nei syn bertedoarp Wolvegea en nei de gemeente Weststellingwerf. Sa publisearre er yn 1980 it boek Her en Der deur et Oolde Wolvege, en yn 1981, tegearre mei Han Wielick, Van Haule tot Heide: De Volledige Historie van Alle Straten, Wegen, Lanen, Paden en Pleinen in Weststellingwerf.
Yn 1996 krige Middendorp de H.J. Bergveld-priis foar literatuer yn it Stellingwerfsk takend foar Huus op 'e Miente: Et Levensverhael van Batteld Nijhoolt, in bewurking troch him fan 'e autobiografyske ferhalen fan boere-arbeider en komelker Batteld Nijhoolt (berne 1885) fan De Miente, boppe Noardwâlde. Middendorp ferstoar yn 2001 yn syn bertedoarp Wolvegea, yn 'e âlderdom fan 96 jier.
Wurk 1980 – Her en Der deur et Oolde Wolvege (as Fokke van Lute) 1981 – Van Haule tot Heide: De Volledige Historie van Alle Straten, Wegen, Lanen, Paden en Pleinen in Weststellingwerf (mei Han Wielick) 1985 – Na Driemaal Klokkleppinge: De Westhoek 1989 – De Van Harens en Wolvega 1992 – Huus op 'e Miente: Et Levensverhael van Batteld Nijhoolt (ûnder red. fan Fokke Middendorp) 1995 – Fokke van Lute op 'e Tekst over Aant Heida, Jan van Schoot en Johannes Wardenier (as Fokke van Lute) 1997 – Het land van Stellingwerf Toen en Nu in Woord en Beeld 1998 – Weststellingwerf in Vogelvlucht 2006 – Fokke van Lute Vertelt: Verhalen over de Geschiedenis van Weststellingwerf (as Fokke van Lute; mei Ike Naafs-Loman)
Prizen en nominaasjes Jier Priis Resultaat Kategory Foar1996H.J. Bergveld-priiswûnbêste Stellingwerfsktalige boekHuus op 'e Miente: Et Levensverhael van Batteld Nijhoolt
Kategory:Frysk publisist Kategory:Frysk boekeredakteur Kategory:Skriuwer yn it Stellingwerfsk Kategory:Stellingwerfsk persoan Kategory:Persoan berne yn Wolvegea Kategory:Persoan stoarn yn Wolvegea Kategory:Persoan berne yn 1905 Kategory:Persoan stoarn yn 2001