In militêre rang tsjinnet yn in militêre organisaasje ta oantsjutting fan it nivo dat in persoan beset yn it ramt fan 'e hierargyske opbou fan sa'n organisaasje. Dêrmei definiëarret sa'n rang de ûnderlinge relaasje fan leden fan deselde militêre organisaasje. It systeem fan rangen wurdt de kommandostruktuer neamd. By sokke organisaasjes giet it almeast om 'e kriichsmacht, mar ek de plysje en feilichheidstsjinsten hawwe sa'n selde stelsel fan rangen. Yn 'e regel drage de leden fan sokke organisaasjes unifoarmen dêr't harren rang op oanjûn wurdt mei beskate emblemen dy't foar dat doel ûntwurpen binne, en meastal tafoege wurde oan 'e epauletten, de mouwen en/of de kraach.
Skiednis Stelsels fan militêre rangen besteane al tûzenen jierren, mei't legers der eins net sûnder kinne. Yn 'e Westerske beskaving giet soks teminsten werom oant 500 f.Kr., doe't de âlde Griken al rangen hiene. It wurd 'rang' komt fan it Perzyske wurd رنگ, rang, dat "kleur" betsjut, mei't yn it leger fan it Sassanidyske Ryk de ferskillende rangen ferskillende kleuren unifoarmen droegen. Neigeraden dat militêre operaasjes almar grutskaliger en yngewikkelder waarden, kamen der ek hieltyd mear ûnderskate militêre rangen yn gebrûk.
Hoewol't de hjoeddeiske kriichsmachten faak systemen fan militêre rangen hantearje dy't justjes faninoar ferskille (wat soms ek te meitsjen hat mei in ûnderskie yn taal, kultuer of politike oriïntaasje), is it gebrûk fan militêre rangen no frijwol universeel. Yn 'e tweintichste iuw besochten guon kommunistyske steaten út politike omtinkens de rangen ôf te skaffen (bgl. it Reade Leger fan 'e Sovjet-Uny fan 1918-1935, it Sineeske Folksbefrijingsleger fan 1965-1988 en it Albaneeske leger fan 1966-1991), mar dy wiene twongen om se wer yn te fieren nei't se oanrûn wiene tsjin operasjonele swierrichheden.
Skematysk oersjoch In oersjoch fan 'e meast foarkommende militêre rangen: lânmacht en mariniers marine loftmacht opperofsieren maarskalk of fjildmaarskalk of generaal fan it leger grutadmiraal of admiraal fan de float maarskalk fan de loftmacht generaal admiraal of luitenant-admiraal generaal of opperloftmaarskalk luitenant-generaal fise-admiraal luitenant-generaal of loftmaarskalk generaal-majoar skout-by-nacht generaal-majoar of fise-loftmaarskalk brigadegeneraal kommandeur commodore haadofsieren kolonel kaptein-op-see kolonel of groepskaptein luitenant-kolonel kaptein-luitenant-op-see luitenant-kolonel of wing commander majoar luitenant-op-see 1e klasse majoar of squadron leader subalterne ofsieren kaptein luitenant-op-see 2e klasse kaptein of flechtluitenant earste luitenant earste luitenant of flechtofsier twadde luitenant luitenant-op-see 3e klasse twadde luitenant of piloat-ofsier faandrich of kornet1 faandrich kapelmaster ûnderofsieren adjudant adjudant adjudant sersjant-majoar of opperwachtmaster1 sersjant-majoar sersjant-majoar sersjant 1e klasse of wachtmaster 1e klasse1 sersjant sersjant 1e klasse sersjant of wachtmaster1 sersjant korporaals korporaal 1e klasse korporaal korporaal 1e klasse korporaal korporaal manskippen soldaat 1e klasse of marinier 1e klasse2 matroas 1e klasse soldaat 1e klasse soldaat 2e klasse of marinier 2e klasse2 matroas 2e klasse soldaat 2e klasse soldaat 3e klasse of marinier 3e klasse2 matroas 3e klasse soldaat 3e klasse 1) by de artillery en de kavalery 2) by de mariniers
Sjoch ek List fan militêre rangen fan de Nederlânske kriichsmacht
Kategory:Striidkrêften Kategory:Berop Kategory:Militêre term Kategory:Hierargy