Winchester is ien fan de 38 ûnôfhinklike stêden yn de Amerikaanske steat Firginia. It is de haadstêd fan Frederick County.

Geografy Winchester leit yn de Shenandoah Delling, dy't tusken it Blue Ridge-berchtme en it Allegheny-berchtme leit. De stêd hat in oerflak fan 24,2 km2, hast hielendal lân. De U.S. Highway 50 rint troch de stêd yn east-west rjochting, en yn de noard-súd rjochting rinne de U.S. Highway 11 en de Interstate 81 troch Winchester. Seis kilometer súdeastlik fan it Sintrale Sakedistrikt leit it fleanfjild fan de stêd.

Ut de skiednis Under de Amerikaanske Boargeroarloch wie Winchester en omkriten it tafreel fan tal fan fjildslaggen, meidat de troepen fan de Konfederaasje en de Uny alle war diene en krij dat diel fan de Shenandoah Delling ûnder kontrôle. Der binne sân grutte slachfjilden yn de oarspronklike Frederick County.

Berne yn Winchester Richard Evelyn Byrd, poalûndersiker Patsy Cline, sjongster

Ynwennertal JierYnwenners198020.217199021.947200023.585200525.119

Kategory:Plak yn Firginia Kategory:Plak stifte yn 1752