thumb|Slick Rick, New York, 1997
Richard Walters, artystenamme Slick Rick, ek MC Ricky D en The Ruler, (Londen, 14 jannewaris 1965), is in Grammy-nominearre Britsk-Amerikaanske Old-school hip-hop rapper.
Karriêre Slick Rick wenne oarspronlik yn Súd-Wimbledon, Londen, Ingelân, mar ferhuze yn 1975 mei syn húshâlding nei The Bronx yn (New York), dêr't er Dana Dane moete, mei wa't er letter it tige slagge hiphop-duo Kangol Crew foarme. Ricks karakteristike 'eyepatch' (eachlape, lykas by piraten) brûkt er sûnt er as bern by in ûngemak troch brutsen glês in each kwytrekke. Hy is ek bekend om it dragen fan protte enoarme gouden sieraden en diamanten juwielen en in djoere gouden tosk.
Feroardield Yn 1990 skeat Slick Rick in man en syn neef, dy't er ynhierd hie as bodyguard, del. Rick waard oanklage foar it twaris besykjen fan moard en yllegaal wapenbesit. Hy waard feroardiele ta 18 jier finzenis (somtiids krige er in pear oeren frij om in konsert te jaan). Russel Simons, haad fan Def Jam Recordings besocht him frij te keapjen. mar dat smiet allinne fiif jier straffermindering op.
Neidat er frijkaam yn 2008 wennet er wer yn syn filla yn Feriene Steaten. Hy jout noch hieltyd konserten, ek yn it bûtenlân, mar is it meast aktyf yn de FS.
Diskografy Albums & singles The Great Adventures of Slick Rick - 1988 Children's Story Hey Young World Teenage Love
The Ruler's Back - 1991 I Shouldn't Have Done It It's a Boy Mistakes of a Woman in Love with Other Men
Behind Bars - 1994 Behind Bars - Billboard Hot 100 (nr. 87) 1994 Sittin' in My Car
The Art of Storytelling - 1999 Street Talkin
Keppelings om utens Fanside Slick Rick Village Voice Article Slick Rick fideo-ynterview mei Scion Broadband Ynterview mei Submerge Magazine, juny 2008
Kategory:Ingelsk rapper Kategory:Ingelsk krimineel Kategory:Amerikaansk rapper Kategory:Amerikaansk krimineel Kategory:Persoan feroardiele foar mishanneling Kategory:Ingelsk persoan fan Jamaikaansk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Ingelsk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Jamaikaansk komôf Kategory:Persoan berne yn 1965