Bettina Campbell, echte namme: Elizabeth Jongkind (Lelydorp (Suriname), 25 maaie 1974), is in rêstend Surinaamsk-Nederlânsk neakenmodel en pornografysk aktrise fan Surinaamsk-Kreoalsk etnysk komôf. Hja sette yn 1996 útein mei in sânjierrige karriêre yn 'e Jeropeeske en Amerikaanske pornoyndustry, en wurke dêrby gauris ûnder de namme 'Bettina'. Hja wie benammen foar it Sweedske Private-label yn 't spier. Campbell besit in wente yn Nederlân en in twadde hûs yn Parys.

Libben en karriêre Campbell waard mids 1974 berne yn it plak Lelydorp, yn 'e Surinaamske provinsje Wanika. Doe't hja twa jier âld wie, emigrearren har âlden mei har nei Nederlân ta, dêr't se opgroeide yn Arnhim. Campbell sprekt floeiend Surinaamsk-Kreoalsk, Nederlânsk, Ingelsk, Frânsk en Dútsk. Yn 1997, doe't se 23 jier wie, waard se by in audysje yn Parys ûntdutsen troch de Frânske pornoregisseur Pierre Woodman. Datselde jiers noch makke se har debút yn in pornografyske film.

Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) spile Campbell ûnder har karriêre yn krapoan fyftich pornofilms, wêrby't se it measte foar de Sweedske Private-studio aktyf wie. Se wurke foar ferskate films gear mei Woodman, wêrfan't de bekenste Tatiana 1 (1997), Fatal Orchid 2 (1998) en Private Life of Bettina (2001) wiene. Dêrnjonken wurke se ek mei oan films dy't útbrocht waarden troch guon oare Jeropeeske pornostudio's, lykas de Italjaanske Mario Salieri Entertainment Group, en teffens wie se by inkele projekten yn 't spier foar Amerikaanske labels as Wicked Pictures en Metro. Yn 2003 loek Campbell har út 'e pornoyndustry werom. By films mei har dy't nei dy tiid útbrocht binne, giet it om kompilaasjes fan âlder materiaal.

Lichemsskaaimerken Bettina Campbell is in negroïde frou mei swart hier en brune eagen. Neffens har offisjele opjefte is se 1.62 m lang, mei in gewicht fan 52 kg. Hja hat kupmaat 36D, dêr't se in boarstfergruttingsoperaasje foar ûndergien hat.

Filmografy Jier Film Studio 1996 Shaved 10 Red Board Video 1997 Private Castings X 4 Private Private Gold 26: Tatiana 1 Private Private Triple X Files 1: Nicole and Margot Private 1998 Daydreamer Metro Private Gold 27: Tatiana 2 Private Private Gold 28: Tatiana 3 Private Private Gold 30: Fatal Orchid 1 Private Private Gold 31: Fatal Orchid 2 Private Private Triple X Files 12: Eat Up Private Private Triple X Files 5: Silvie Private Private Triple X Files 8: Dungeon Private Secrets of Kamasutra Private Wild 'n Wet Pleasure Productions 1999 Moglie Violata Mario Salieri Entertainment Group My First Time 1 Private Pirate Deluxe 7: London Calling Private Pirate Deluxe 7: London Calling Private Private Castings X 18 Private Private XXX 4 Private Private XXX 5 Private Private XXX 6 Private Uranus Experiment 1 Private Uranus Experiment 2 Private 2000 Gothix IFG Private Castings X 24 Private Private XXX 9 Private Twelve Strokes to Midnight Wicked Pictures 2001 Divina Colmax Leggenda del pirata nero 999 Black & Blue Productions Over Anal-yzed IFG Private Life of Bettina Private 2002 Pirate Fetish Machine 7: Fetish TV Private Private Life of Wanda Curtis Private Private Reality 11: Singularity Private When Helen Meets Monique Pleasure Productions 2003 Fallen Angels Private Private Gold 59: Mafia Princess Private Private Gold 64: Cleopatra 2: the Legend of Eros Private Private Reality 14: Girls of Desire Private 2004 Ebony Dreams Private Misty Rain's Lost Episodes 2 Pure Filth Private Life of Jessica May Private Private Life of Sandra Iron Private 2005 Adventures of Pierre Woodman 9: Castings Private Private Life of Julie Silver Private 2007 Private Sampler 10 Private

Keppelings om utens Biografy en filmografy fan Bettina Campbell yn 'e Internet Movie Database (IMDb) Biografyske gegevens en filmografy fan Bettina Campbell yn 'e Internet Adult Film Database (IAFD) Biografyske gegevens fan Bettina Campbell op FreeOnes Biografyske gegevens en filmografy fan Bettina Campbell yn 'e Adult Film Database (AFD)

Kategory:Surinaamsk neakenmodel Kategory:Surinaamsk pornoakteur Kategory:Nederlânsk neakenmodel Kategory:Nederlânsk pornoakteur Kategory:Surinaamsk-Kreoalsk persoan Kategory:Nederlânsk persoan fan Surinaamsk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Surinaamsk-Kreoalsk komôf Kategory:Pornoakteur fan negroïde komôf Kategory:Persoan berne yn 1974